sasear op it bysûndere fan it opsochte plak, mar op it spesjale ekskurzjedoel fan 'e skriuwer. It Kolosseum yn Neurenberg, de bibleteek fan it Strahovkleaster yn Praach en in wenhûs fan twa âldfammen yn Wales. Dizze ferhalen binne net minder nijsgjirrich as de oare fier-fan-hûs-ferhalen, al komme se sawisa jin wol wat neier oan.
Oant safier de beskreaune streken en plakken, dêr't de skriuwer syn lêzers oer berjochtsje wol. De skriuwer, mar men kin ek sizze: de reizger. Want skriuwer en reizger binne twarisom op stap en binne mei inoar yn dialooch. De reizger is wolris wurch en wol dan rêste; de skriuwer poenet him oan om notysjes te meitsjen. De reizger mei amper fan 'e jetlag bekomme, de skriuwer fjurret him oan om daliks om him hinne te sjen en alles op te nimmen. As lêzer krijt men hast in skuldgefoel om't dy notysjes makke wurde foar dìt boek, dat men yn 'e hannen hat. Men krijt sawat begrutsjen mei de skriuwer omdat er sa net fijn fan syn reis genietsje kin. Want hy hat it mier oan dit meitsjen fan oantekenings: as er ûnder wetter is, stiet der: ‘Ik moat sjen, ôfgryslik sjen en ûnthâlde, want oantekeningen meitsje kin ik net. Gelokkich.’ (s. 95). En: ‘Sa kin 't ynearsten wol wer ta. Neffens my hat de reiziger genôch offers brocht om de skriuwer tefreden te stellen’, (s. 77).
Fierder wurdt de lêzer ek mei it oantekeningboekje konfrontearre. Ut en troch komt sok rau materiaal yn it boek sels. ‘Ensfh., ensfh., skriuw ik op yn myn notysjeboekje’ (s. 13) en ‘Hy set dus mei reade pinne MONUMINT boppe oan 'e bledside’ (s. 77). Sok praat lêst men faak yn dit boek, it jout jin in ynsjoch yn it produkt boek. Men wurdt sa wol tichtby it skriuwproses behelle. De fraach is, oft de lêzer dêr ferlet fan hat. As immen graach reizget, fijn. As dyjinge dêroer skriuwe wol, noch moaier. Mar dan gjin gekrimmenear fan it is sa dreech. Gjinien ferplichtet him om by dy prachtige reizen literêr te dwaan, behalve hysels. Wy woene ek wol op reis. Kootstra skoot de lêzer op mei syn lúkseprobleem.
De ferhalen dy't thús makke binne mei dat oantekeningboekje derby, hawwe in aparte styl. Kootstra hat syn bêst op dy ferhalen dien, dat falt oan 'e tekst te fernimmen. Hy wurket omraak mei metafoaren, sa no en dan wat te bot, dan wurdt it moaiskriuwerij. Dochs jout dy eigenskip syn ferhalen in aparte eigen styl. Krekt troch dy skriuwtrant ûntstiet dy styl, dêr't men oan wend rekket en dan stadichoan wurdearret.
Kootstra skriuwt net flot en maklik, dat is te fernimmen oan 'e orizjinele byldspraken. De tekst wurdt op dy manier noait te eigen, te gesellich. Gjin ôfwaaid praat, dus.