Dit is ien fan 'e 39 fersen dy't Mao Zedong tusken 1925 en 1965 skreaun hat (of it binne 36 fersen - hinget der fan ôf hoe't se teld wurde). Ik fyn it oars wol in moai fers. Hoe't dat byld oproppen wurdt fan iiskâlde moaiens - alles is stil, alles is wyt, de besnijde gloaiïng op 'e heechflakte komt op jin oer as waaksen oaljefanten en sels de oars sa wylde Giele Rivier is beferzen: knap. In âlde Sjineeske siswize wol ha dat in skilderij in gedicht is sûnder lûd en in gedicht in skilderij mei lûd. It earste part fan dit fers foldocht dêr neffens my oan - ik sjoch it sa foar my yn wetterferve.
En dan, yn 'e twadde strofe, komme dy begrutlike opsnijers, dy jammerdearlike feodale fjochtersbazen (‘net botte ferfine’ en ‘allikemin dichters’: de dichter wol sizze, it wienen domme soldaten). Dy kamen en gienen, want se hearden yn dat betsjoenende lânskip gewoanwei net thús.
Dat part sprekt my ek wol oan: de subtile ferwizing nei dy generaals dy't de dynastyen stichten, en de manier wêrop't de dichter mei lange trêden troch de Sjineeske skiednis wâdet: de Qin- en de Han-dynasty wienen yn it begjin fan ús jiertelling oan 'e macht, de Tang-keizers regearden fan 618 oant 907, dy fan 'e Song-dynasty fan 960 oant 1279, wylst de Mongoalen fan Genghis Khan Sjina yn 'e 13e en 14e ieu oerhearsken. Domme fjochtersbazen. Gjin dichters. Dat alles, de stille prûzigens fan it lânskip en de begrutlikens fan 'e militêren dy't it lânskip net krije koene om't se dêr detonearden, dat alles is inkeld bedoeld om de eale útljochters fan ús eigen tiid better útkomme te litten. Dat is de klimaks, oan 'e iene kant hielendal in fuortsetting fan it foarôfgeande, en oan 'e oare kant dochs ûnferwachte.
Ik fyn it moai, ek al wyt ik dat Mao mei dy útljochters it proletariaat bedoelt, en - moatte wy hast wol oannimme - harren foarhoede, de kommunistyske party, dy't, wat geweld oanbelanget, it spul mei faasje meispile hat (politike macht komt út de loop fan it gewear).
Want Mao Zedong wie in bejeftige dichter, mar foar it oare binne der oer him úteinlik net in protte goede dingen nei foaren te bringen. Alderearst binne der ûnder syn bewâld miljoenen minsken de dea yn jage troch de wei fan sljochtsinnige ekonomyske of politike eksperiminten of gewoan troch politike terreur. Fierders hat er, benammen yn 'e Kulturele Revolúsje, de oanset jûn foar it fernielen en ferneatigjen fan in ûnskatbere protte kultureel erfgoed - materieel (timpels, monuminten, oare âlde gebouwen), mar ek net-materieel (lykas tradisjonele kennis fan religieuze en oare rituelen). In protte is fuort, foar ivich. Hy hat (lykwols gebrûk meitsjend fan 'e tradysje)