Trotwaer. Jaargang 25
(1993)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 2]
| |
[pagina 3]
| |
Oer FryslânDat waaien, altyd dat waaien
de beammen yn ús tún
dy't ûnwennich binne fan it bosk
de maitiid dy't yn grauwe wolken
oer it lege lânskip jaget
altyd neaken, altyd.
| |
[pagina 4]
| |
Noch in kear oer FryslânDe fiif beammen hymje swier
yn de noardwestewyn
de rein slacht it lân
dat krekt docht as it sliept
ik sit yn myn bêd
en sjoch it bern yn de spegel.
| |
[pagina 5]
| |
UnmooglikhedenYn it djipst fan 'e nacht
skriuw ik dyn eagen
ta wurden fan reade inkt
hymjend leverje ik mysels oer
oan de ûnmooglikheid dy't
yn my om raast en raffelt.
Do wurdst stadichoan wei
yn dit wrakseljen mei mysels
troch de wurden skokt it sykheljen
fan foarby en fertriet
yn it brede tsjuster skrieme
de weagen út myn pinne.
No stoareagje de wurden my oan
se binne it ûnsisbere wurden
ferbjustere besjoch ik myn pinne
se lit skerp bliede wat
sa'n skoft yn myn lichem swalke
en yn myn stimme sammelet it:
it is oer.
| |
[pagina 6]
| |
It fersplintere gesichtYn it rút sjoch ik har
efter de muorre fan glês
slipet se fol passy wurden
om aanst deadlik te reitsjen
wat yn de nachten neihimet
mar alles ferdwynt yn it neat
de stien rint stadich fêst
de passy ferglidet nei iensumens
en kjel stiet de moanne yn 'e jûn.
Yn de spegel tref ik har
ûnferweechlik stiet har byld
yn it skitterjen fan 'e sinne
en se giet en se rint
ûnmooglik om it te brekken
as bûten de wiete jûn jammert
begjint har ferset mei reade wyn
mar al wat dan komt
it is it lûdleaze razen fan in deade.
| |
[pagina 7]
| |
No sjoch en tref ik mysels
troch de spegel en it rút
fal ik nei mysels ta
myn hannen sykje bloed
en it mes rekket bonke
no bin ik dy fiere frou
mei har gesicht fersplintere
mar êfter dizze groeden lizze
de wurden en iksels.
|
|