|
| |
| | | |
Frits van der Kuip
Keninginne set kening skaak
Oer: Piter Boersma, It swurd út 'e stien. Boalsert: Koperative Utjowerij, 1992.
Yn syn nijste bondel presintearret Boersma earst wat flaubiten yn 'e foarm fan fersprate fersen. Wat de styl oanbelanget, past ‘Rebelly’ it measte by wat letter komt. It giet hjir om twa fersen fan alve rigels mei alve wurdlidden. Dêrtsjinoer stiet ‘Hidde yn 'e appelbeam’, in pastys fan Paul van Ostayen (r. 1-3):
hidde pidde hiddepit pithidde sit
sit yn 'e appelbeam appelhidde sit
hidde is in appelpit fan in goudrinjet (..)
Men kin jin ôffreegje hokker doel it hat om losse fersen foarôf te jaan. De titel dy't de bondel meikrigen hat, is tagelyk de titel fan trije fersesykli. Dêr giet it blykber om. Alteast, ik ha as lêzer de oanstriid en lês de sykli earst en sjoch letter ris nei de losse fersen om. Ornaris wurde sokken ek efter yn in bondel set of yn in apartenien. Hawar, it moast sa wêze. As men der wat op om haffele hat en op 'e smaak is, folget it haadgerjocht fan trije gongen, de trije fersesykli. De earste syklus hat wer deselde namme as de bondel, de oare twa hjitte ‘It fjoer fan 'e himel’ en ‘In kears yn 'e wyn’. Elke syklus bestiet út njoggen fersen fan njoggen rigels mei njoggen wurdlidden. Der is gjin rym en ynterpunksje. Benammen enzjambemint en ek wol metrum meitsje it poëtyske út. Njoggen yn de tredde macht, njoggen yn trije dielen, Boersma hat wat mei getallen. Cornelis van der Wal hat dêr yn syn besprek fan Boersma syn bondel Under it twangjok (Trotwaer 1990, s. 70-72) alris oer filosofearre. Foar It swurd út 'e stien is de kar foar sa'n stokramtfoarm in lokkigenien, want dy slút moai by de ynhâld oan. Dêr aanst mear oer. Earst wol ik noch in opmerking kwyt oer it konsekwint fêsthâlden fan dy foarm. Foarsafier't ik it neiteld ha, komt ien kear in rigel mei acht wurdlidden foar, nammentlik de earste rigel fan it fers op side 35. Mar sa as men by it iten sûnder euvelmoed in stikje glêzige ierappel trochslokt, sa sil dit achtliddige bonkje by gewoan lêzen net opfalle. Wy sille it de dichter dan ek net oanrekkenje, ja wy hâlde it der sels op dat it om in setflater giet dy't grif yn 'e sammele wurken ferbettere wêze sil. Of moatte wy dat lytsje smetsje opfetsje as
| | | | in stribjen nei de absolute skientme?
De syklus ‘It swurd út 'e stien’ set útein mei de beskriuwing fan in faam út tûzenen. Dêr rekket de ik-persoan fereale op. Men soe sizze, moai sa, mar fuort al falt in skaad oer dat moaie. Ynearsten beneamt er de faam as in ‘skrikbyld fan in / ôfwizing’ (I, r. 8, 9), mar it sit djipper. Hy wurdt yn twaën spjalte troch begearte en selshaat: ik hate mysels it doel fan wat / ik die’ (II, r. 5, 6) en fierderop: ‘myn / ûnmooglike ferneatigjende / begearten ik seach har leavjend oan’ (II, r. 7-9). Blykber kin of doart er net troch te pakken. Hy wol wol, graach sels, mar as er har nimt, wit er dat er ferneatigje sil. Wat dat ferneatigjen ynhâldt, moat men hjir noch nei riede. Yn 'e twadde syklus wurdt dúdlik, yn it foarste plak foar de faam yn it fers, dat er bedoelt dat er har teloarstelle, sear dwaan en faaks ferlieze sil en fangefolgen himsels dêrtroch pinigje sil. Dat besef, faaks ek skuldbesef, ferliest lykwols fan syn ferealens: ‘as yn in dream rûn ik nei har ta’ (III, r. 9). En yn fers IV komt er as in grutske kening op in heech hynder op har ta. De dichter fisket Arthur út 'e metafoarehoed. It ferhaal wol dat Arthur in swurd út in stien luts en dêrmei the once and future king waard. De ik-persoan presintearret him dus as in edel minske. Hy is in kening dy't de wrâld oankin, dy't alles behearsket, de faam foar him wint en syn twaspjalt de baas is. Dy twaspjalt wurdt yn feite teneate dien op it momint dat it swurd út 'e kleaude stien lutsen wurdt. Noch ien kear pleaget lykwols de twaspjalt him. Wylst er wurk fan 'e faam makket, freget er him skuldbewust ôf: ‘ik ferlamme dat net ien / my dea die it wie net te leauwen’ (V, r. 8, 9), krekt as elkenien wol witte soe watfoar in ûnbetrouber súzjet hy himsels fynt. Dan folget in plastysk
beskreaune frijerij. Fan ôftaasten en bet aasten wurdt stadichoan nei de klimaks yn it lêste fers fan de syklus ta wurke: ‘mei in wylch as baldakyn / ûnder yn in skou fûn se my in / wylde fint fûn ik har heidensk leaf’ (IX, r. 7-9). Mei it brûken fan it wurd ‘baldakyn’, in attribút dat grif net boppe it bêd fan de measte minsken hingje sil (it hinget boppedat meastal boppe in troan), wurdt de sêne mei klam yn in foarstlik ljocht set.
Nei dizze erupsje fan lok begjint de twadde syklus, ‘It fjoer fan 'e himel’ mei in antyklimaks. Hoewol't de ik-persoan syn leafste heechachtet en op in fuotstik set, troch de dichter ferwurde mei ‘har hearlikheid / as se op hege hakken rint op / myn fersyk’ (I, r. 1-3), konfrontearret er har fuort mei ‘de bile dy't / ik oan 'e foet fan har ferwachtings / lei’ (I, r. 7-9). No't it nije derôf is, wâlet it ferkrongen dûbele wer yn 'e ik-persoan op. In pear foarbylden: ‘ik makke muzyk en ferlokke / har... / en wilens dwaalden myn eagen myn / leafste goadinne foarby seach ik /
| | | | wa't noch mear nei my harken’ (II, r. 1-5) en ‘liif oan liif mei har en noait mear / oars... mar / de opjefte fan oprjochte trou / de fiergesichten dy't de dagen / beaën yn eachopslaggen en yn / dreamen yn myn rebelske tinken / de stringen en de stap’ (III, r. 1-7). Hy wurdt troch tsjinstridige gefoelens hinne en wer slingere. Syn begearte liket te grut foar ien frou te wêzen. Lykas in kening wol er boppe de wetten stean, wol er him alles permittearje. Hy wol oaren, ja faaks alle froulju, mei ynbegryp fan syn eigen: ‘domdryst woe ik it / libben oan myn fuotten ha in oar / paad lâns en lykwols de wei dêr't ik / my op fêstlein hie’ (IV, r. 4-7). Syn leafste wit dat en akseptearret it iten fan twa wâlen net: ‘mar strjitte yn / strjitte út fûn ik tsjin har pylken / gjin beskûl gjin snoad wurd ta ferwar’. Oft de ik-persoan syn leafste nou wier bedraacht of allinne de yntinsje hat dat te dwaan, wurdt net dúdlik of it soe út it sizzen ‘stean dan foar / watst útfretten hast / gean om my mar’ (VIII, r. 7, 8) blike moatte. It is lykwols ek net sa wichtich, want it giet om 'e tsjinstridigens binnenyn de ik-persoan. As in Odysseus besiket er him te wapenjen tsjin de froulike ferlokkingen: ‘yn 'e stoarm bûn ik / my oan 'e mêst’ (V, r. 7, 8), mar dat slagget blykber net alhiel. De dichter hellet no Prometheus út 'e metafoarehoed. Boersma slút hjir oan by in literêre tradysje (Aischulos, Shelley). De titaan Prometheus stiel it fjoer fan 'e himel en stie dêrmei de heechste goaden. Foar straf bûn Zeus him oan in rots (alwer dy stien!) dêr't syn lever troch in earn útpikt waard. De ik-persoan tinkt: ‘(ik soe) de wetten fan 'e leafde stean’ en bedraacht syn leafste, syn leafste goadinne. Syn straf is de kar dêr't er foar set wurdt.
Docht er it iene of it oare, beide kearen bringt it pine. Oan de iene kant ‘de dreau om har te fergriemen’ (VII, r. 5), lês: syn leafste ûntrou te wêzen, oan de oare kant har net misse wolle, rotsfêst oan har bûn wêze wolle: ‘mar ik woe har hâlde’ (VII, r. 3). Sa't Prometheus pikt waard, sa sille him dan de pynlike pylken fan it ferwyt treffe. Stadichoan kringt yn him it besef troch dat syn tsjinstridige hâlding oars net ta liedt as mislearjen: ‘de slach dy't ik ferlieze moat’ (VIII, r. 4). Yn it lêste fers fan de syklus sjogge wy de ik-persoan dan ek nei in oplossing sykjen foar ‘it ûnoplosbere’ (IX, r. 3).
Dy oplossing is blykber fûn. Yn de tredde syklus ‘In kears yn 'e wyn’ fernimme wy dat de ik-persoan keazen hat foar syn leafste. Hy neamt har syn ‘keninginne / foar altyd’ (III, r. 8, 9). Hy is it net mear, dy't as Arthur foar iens en altyd hearsket. Hy hat belies jûn: ‘foar altyd ik knibbelje foar har’ (III, r. 9). Hy sit wer yn it stokramt dêr't er sa graach oer hinne eagje en útstappe woe. Hy hat lykwols te heech grypt. Wat er socht yn 'e wrâld, it heechste geniet, it libjen op 'e top- | | | | pen, it fjoer fan 'e himel, fynt er no ta syn treast by syn leafste: ‘djip lit se my yn / har komme alles doch ik om it / libben nei de ivichheid ta te / bûgen mei har it seksuele’ (VII, r. 6-9). Der folget in sêne fan húslik lok. Mar oer al dat lok lûkt bytiden al in skaad fan eangstme: ‘bangens benimt my de siken aanst /... / naait se út’ (VIII, r. 7, 9) en yn it lêste fers fan 'e syklus sprekt de ik-persoan fan ‘in wif klimaat it libben / dat wy diele in kears yn 'e wyn’ (IX, r. 8, 9). It leafdesfjoer kin sa mar dwêste en diskear net by de ik-persoan. Fan datoangeande binne de rollen folslein omdraaid. De kening is skaak set troch syn keninginne.
Tusken de rigels troch ha ik hjir en dêr al oanjûn dat hieltiten kearnbegripen weromkomme, meastal yn in wizige foarm. Ik neam hjir de stien en de rots, de spjalt en it bûn-wêzen, Zeus en de leafdesgoadinne, de kening en de keninginne. Alles hinget mei alles gear sa't it liket. Dat hat op my yn alle gefallen in woldiedige yndruk makke. De kar foar de matematysk oandwaande foarm kin tafallich wêze. Tafallich omdat Boersma soks aardich fynt wylst in oar leaver sonnetten ta in krâns oanienriuwt. Hoe't it ek wêze mei, it is, om sa te sizzen, moai meinommen dat it strakke stokramt dêr't it ‘ferhaal’ yn getten is, in ôfspegeling is fan it stokramt dêr't de ik-persoan yn twongen wurdt. De spanning yn dy ik-persoan, syn twaspjalt, syn ynderlike striid, syn net te kearen needlot jouwe mei de ôfmetten struktuer en de gearhing fan kearnbegripen It swurd út 'e stien de alluere fan in klassike trageedzje.
No't ik dizze sinnen nochris oerlês, sjit my yn 't sin dat de sân losse fersen dy't foaryn de bondel steane, noch foar besprek iepen lizze. Dy lit ik yn al harren skientme lizze. Dy binne foar de lêzer. Ik sit noch fol fan it haadgerjocht.
|
|
|