|
| |
| | | |
Oene Spoelstra
It reiske
Bisto dat, Jan?
Is mem dat?
Bisto dat? Ik hear it net goed. It heart sa fier fuort. Bisto dat, Jan?
Hy sei dat er it wie.
Hoe is 't no?
Dat it wol goed wie. No ja, koe better, koe minder.
Hoe is it waar dêr by jim? It wol hjir mar net simmerje. Wy ha no al wiken fan dy donkere dagen. Ik kin der sa min oer, dat donkere waar. Men kin net ris wat túntsje en sa. Neat oan. No ja, dat komt wol wer. Men kin wol wat yn 'e tún omslaan, mar wat is der oan. Neat ommers. Mei dat donkere waar is der dochs neat oan. Men hat der gjin aardichheid oan mei sok waar. Heit kin der ek min oer. En hoe is 't mei de bern?
Dat is wol goed wie, sei er. Dat er leaude dat it wol goed mei de jonge wie.
Mar wêrom bellet mem sa betiid?
Hoe let is it dan by jim? Dat it by ús kertier foar njoggenen wie. Jûns ja. Fansels jûns! Wat oars! Dat it yn Amearika noch mar yn 'e moarntiid wie? Ha 'k dy dan fan 't bêd helle? Och hearken, dat 'k dy dan fan 't bêd helle ha! Och hearken noch oan ta. Dat heit der ek net oan tocht hat. No ja, dan bist der mar ôf. Dat moat der moarns dochs in kear fan komme.
Bist ferkâlden? frege se.
Foel wat ta. Dat it wol folle minder west hie, sei er. Mei dy heakoarts en sa. Dat it no eins mar knap gie, de lêste tiid.
Hast altyd lêst fan hân, sei se. Doest sa'n jonkje wiest al. Doe al mei dy heakoarts altyd te prústen. Wist dat noch wol?
Dat er dêr neat mear fan wist. En dat de tiid sa hurd giet, sei er.
Fynst dat ek, sei se. Dat it sa hurd giet. Dat sy dat ek hie. De dei is om foar't men it wit. Sy wol. Mar heit helendal net. Dat dy man de hele dei hinne en wer rûn, sei se. Ik wurd der soms aaklik fan, dat meist wol witte. Gjin wurd praat ik faak mei dy man. Dat se it net maklik hie, mei dy man, sei se. Dan sis ik: pak ris in boek! Lês ris wat! Of gean yn it doarp by it kaarten! Sjoch ris yn it kafee, faaks kinst wol even mei ien biljerte! Do rinst my mar foar de fuotten hjir! Eartiids hiest fan alles by de ein en it is allegear út! Ik bin by it hantwurkjen, sei se. Mei twa oare froulju hjir út 'e húskes. Wy
| | | | meie dan gewoan meidwaan yn it hûs, krekt as wenje wy dêr sels. En dat se by de gimmestyk wie. Se fine fan alles foar jin út. Mar dy man is mei gjin stok earne hinne te krijen. It is allegear foarby, sei se. Oer. Het komt niet weer. De koopman hat de winkelsdoar foargoed ticht.
Dat sil 't wol ja.
Dat se it der wolris swier mei hie. It koe ommers sa moai wêze, op 'e âlde dei. As men sa om jin hinne sjocht, wat kin men noch in genot ha tegearre. Mar ja, hy wurdt dôf, sei se. Dat keart men net. Neat oan te dwaan. Dat hat er altyd wol wat hân, dat witste. Witst noch wol dat jim him wolris foar de gek holden en dat er dan neat yn 'e gaten hie? Witst dat noch wol? Jan? Bist dêr noch?
Dat dat al sa lang foarby wie, sei er.
En dat er dêr neat mear fan wist.
En witst wat it is? Fral as wy ris op besite sille, kin er sa yn 'e kont hingje. Dat se dat swier fûn mei heit soms. Dat er dôf wurdt en sa. Dat er hurd âld wurdt en sa. Dat er nearne mear hinne wol. Doe de lêste kear ek, mei de jierdei. Muoike Seike har jierdei, bedoelde se.
Kinst my noch wat ferstean?
Falt ta, sei er. En dat it al ljocht begûn te wurden. Dat de sinne al stadich omheech kaam.
Hoe is it mooglik, net! It is in wûnder, sa fier fuort. Hoe is it mooglik.
Se binne heel wat mâns tsjintwurdich, sei er. En dat der suver gjin ôfstannen mear wiene, tsjintwurdich.
Dat tocht ik ek, sei se.
Ja.
Mar wêr't ik foar belje, sei se.
Moatst net skrikke, hear! Ik hoopje dat it dy net al te folle oer it mad komt. No ja, dat se ophâlde soe fan eameljen, sei se. Dat dogge dy âlde minsken hjir om ús hinne al genôch, dat wurdt ferfelend op 't lêst.
Wy wiene op dy jierdei fan muoike Seike lêsten en doe tocht se: is sis it. Ik wol ris hearre wat de oaren derfan tinke. Dat se der mei heit dochs net oer prate koe en sa. Dat ik bewarje it foar de jierdei, tocht se. Dan wit er it ier genôch. Dan binne de oaren der ek by en dan binne wy der yn ien kear ôf. Oars moat ik se allegear wer belje en sa. Do witst hoe't soks giet, in spul fan neat.
Bist dêr noch?
Dat se wat stadiger prate moast. En dat er neat fan it ferhaal begriep.
Hy hie wer helendal gelyk, sei se. Do bist ek altyd sa ferstannich. Ik bin ek sa oeral by de gedachte allinne al. Mar goed datst my even yn 'e stringen hâldst. Wiest altyd al sa'n ferstannich jonkje. Hy skopt it nochris fier, sei ik altyd tsjin heit. Dat wurdt letter wol wat. En dat er no helendal
| | | | yn Amearika siet! Sa fier fuort. Ik haw it der wolris swier mei, sei se. Mei de krystdagen en sa. Elk hat dan de bern oer de flier en sa. En dan ha wy neat. En dat se ek neat mear oan heit hie en sa. De minsken binne sa wreed, sei se. Wat se my soms net foar de fuotten smite, as it sa te praat komt datsto helendal yn Amearika wennest. Wat se dan soms net sizze! Ik soe soks noait dwaan. Dat it in minske wol sear dwaan kin, sei se. En dat se har dan mar stilhold. Se sille wol net wizer wêze, sei se. En dat se fan heit ek helendal gjin stipe krige op sa'n stuit. Mar goed.
Ja, sei er. Wat sil 'k der fan sizze. Mar wêr woe mem it oer ha? De tillefoan tikket troch, hâldt mem dat wol even yn 'e gaten? It tikket hurd oan hear, nei Amearika.
Heit hat jild genôch, sei se. Dy man wit sels net iens hoefolle as er hat. As ik der net wie! Hoe let is it der no by jim?
Dat it al ljocht waard en dat de sinne troch in wazich-griis flues de dei iepenbriek. It lûd fan it fee yn 'e fierte. It is hjir wol prachtich, sei er.
Neat kin my mear keare, sei se. Dat se it no wis en wrachtich net mear fan heit ôfhingje litte soe. No goed, om in lang ferhaal koart te meitsjen: wy wiene dus by Seike op jierdeifeest. Alles poerbêst en sa ast wol wiste, net te min yn it romerke. Heit wat sinesappelsop en ik in advokaatsje. De froulju oan 'e iene kant, de manlju by it rut lans. De blommen noch altyd like suterich as doesto hjir noch wennest. Ik sei: no moatte jim ris goed nei my hearre. Earst itselde ûnfatsoenlike gekeakel dêr't ik Seike har bruorren dochs al net sa graach om lije mei, mar doe waard it stil. Heit seach nei de grûn, krekt as moast er earne in peuk uttraapje dy't mar net út woe.
Minsken, even stil. Omke Jan fielt my wol aardich oan. Ik glimke even nei him. Omke Jan: Geart, hâld dy no even de bek. Kinst de hele jûn noch swetse. Earst dit minske hjir. Geartsje, sei er tsjin my, Geartsje, set út ein. Maak van je hart geen moordkuil.
En doe ha 'k it sein. Yn ien kear ha 'k it der útflapt. Sa, no witte jim it. No kinne jim it moarnier mar gau yn it doarp fierder krantsje. In bulte kabaal ynearsten. De iene sei dit en de oare frege dat, ik koe der kop noch sturt út wiis wurde. Hoe lang geane jim, Geke?
Wat docht jim Jan dêr no krekt? Is er noch boer? Hoefolle kij hat er? En dat dy bern fan Gryt-en-dy hast miljonêr wiene fansels. Ek sa'n haffelkont. Dat hiest al ferteld, sei ik. Mar, och heden, dan moat jo by Gryt wêze. Hie 'k dat al ferteld minsken? Dus jim wisten al dat se der wer in lytsenien by ha? Net? No, dan sil 'k jim aanst even byprate.
Wat kostet sa'n reiske? Wa betellet soks,
| | | | dosels of moat Wytse diskear ta de ponge? Dat dat skoanfolk fan Seike sa ûnfatsoenlik gnize koe. En dat se de jierdeifeesten wol apart ha woe, as it oan har lei. Waard der teminsten ek net sa smookt. Dat soe in foarútgong foar heit wêze. Hoe't dy man jûns net hoastet as wy op jierdeifeest west ha.
Mar hoe sit it, past it jim oer fjouwer wike? Dat er it folslein net folgje koe. Dat se wat stadiger prate moast. Minske, doch wat rêstiger oan, jo hart kin wol stean bliuwe fan 'e alteraasje!
Ik ha der sa'n sin oan, sei se. Do wist net hoe'n sin ik der oan ha, moatst tinke. Dy foto's binne prachtich, dêr wol 'k neat fan sizze en heit sit er ek wol in oere op om te dikerjen, mar jim Harold, dat jonkje is no al tolve en ik haw him noch noait by 't hantsje hân. En pake ek net, om sa mar te sizzen. Pake hat dat jonkje noch noait op 'e skurte hân. Dat docht sear, Jan. Wy wurde âlder, aanst hoecht it net mear. Dan doar ik it ek net mear oan. Dan driuwe wy as famylje stadich útinoar. Soks smite se my foar de fuotten yn 'e buorren, ik sil it dy wol earlik sizze. Ik fiel it wol: bêst buorke altyd, de pleats ferkocht en no yn sa'n skythúske by it rêsthûs, wêr litte sokke minsken it jild. As it no net wurdt, dan wurdt it him noait. Heit woe earst foar gjin goud. Lit dy jonge hjir mar komme, sei er. Wy stjoere it jild oer en dan kinne Lieneke en dat jonkje hjir ek ris sjen. Dy ha hjir noch noait west, sei er. Dy ha noch noait sjoen wêr't Foudgum leit. Dat seit er witte faak. Dat is doe ek sa frjemd rûn, mei jim trouwen. Dat wol 'k no net allegear wer opekerje, dat hat west. Mar it gie ek sa blinderse hurd allegear. Do leardest dêr yn Hollân en wy wisten wol datsto kunde hiest oan Lieneke, mar se kaam hjir noait ris hinne. En doe samar ynienen trouwe. En doe ek noch nei Amearika.
Ik hâld deroer op. Ja, dat geëamel moat út wêze. Dat it no wrachtich ophâlde moast. Alde kij út 'e sleat helje, dat liket der net op.
Mar op myn fraach werom te kommen: past it oer in wike as fjouwer?
Oer fjouwer wike? Hjir útfanhús?
Dat se him folle better skriuwe kind hie! Wa komt no mei sa'n fraach op sa'n oere fan 'e dei! Minske, wêr ha jo jo ferstân, sei er. De sinne stiet noch net iens yn it easten, de kij binne noch net iens molken, de hele wrâld leit hjir noch op ien ear en dan sa'n geëamel! Ik sit hjir yn 'e ûnderbroek myn nekke te jûkjen fan kleare argewaasje!
No sa. Hat mem it ferstien? Ja, hâld jo mar ris even stil. Harkje ek ris nei my.
Hoe liket it dy oars ta? En dat heit ek mei gie. Earst soe se allinne. Mar dat koe 'k net oer myn hart krije, dy man hjir allinne
| | | | fjouwer wike. Hy is al sa sinnich mei it iten. En it wurk doch ik sels, dêr wol 'k gjin oare hannen oer gear ha.
Dat se it net goed ferstie.
Watsei?
Dat er de pleats allinne die, op 't heden.
Dat de jonge der net wie op 't heden. En Lieneke ek net. Dat him dat neat spiet en dat er noch wol skriuwe soe.
Ik begryp dy net, sei se.
No sa, sei er. Krekt sa't ik it sis. Wy binne byinoar wei. Ik skriuw jim noch wol. Dat kin 'k no net allegear oer de tillefoan útlizze. De hân is my sa stadichoan lam. En dat er no oplizze woe.
Jan! rôp se. Harkje nei my! Harkje nei my! Wat is der oan, jonge! Wat is der dan bard? En hoe't it mei it jonkje wie. En wêr is Lieneke dan no? En wat se tsjin heit sizze moast. Jan, past it net dat wy komme?
Ik haw it allegear al regele, sei se. Wy ha it jild al betelle. Hoe kin soks no! Do hiest ús skriuwe moatten, dan hiene wy dy wol helpe kinnen. Ik haw al withoefaak tsjin heit sein: stjoer dy jonge ris wat jild. Wy sitte der mar op te brieden en aanst krijt er it dochs. Dat duorret net lang mear. Wy ha de langste tiid hân. Want do lapst it my net en jou it út oan in goed doel, sei ik. En hoe't se dat no regelje moast mei sa'n reisburo. En dat se him it jild better stjoere koe. Do silst der no wol dûbeld ferlet fan ha. Mar it hoecht net oer te gean! Ik kin ek wol itensiede, sei se. En dan kin heit dy wol wat helpe, sei se. Dat is noch folle better. Hat dy man ek wat om hannen. Wat moat dy oars de hele dei yn sa'n frjemd lân? Hearst my noch? sei se. Kinne wy it dan sa net ha? Jan? Sille wy it dan earst sa mar regelje? En dat se der nochris mei heit oer prate soe.
En dat it har sear die, samar ynienen de tillefoan der oplizze. Dat se dat net fertsjinne hie. En dat se it no helendal net mear wist. Helendal net mear. En sa.
|
|
|