Trotwaer. Jaargang 24
(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdTrotwaer. Jaargang 24
auteur: [tijdschrift] Trotwaer
bron: Trotwaer. Jaargang 24. Koperatieve Utjowerij, Leeuwarden 1992
[p. 237] | |
Babs Gezelle Meerburg
| |
[p. 238] | |
jonge dy't by in autoûngemak ferlamme rekke is. Op in jûn is hy noch eefkes bûten en dan sjocht hy ynienen in stjer dy't hyltyd tichterby komt. Wat earst in stjer liket, is in grutte glânzgjende bal mei in swart gat, it holle ljocht. Mei karke en al wurdt hy it holle ljocht ynlutsen. It docht bliken dat it om in romteskip giet. De bestjoerders fan it romteskip binne Dimi, in yn aluminiumfoly bewuolle mantsje mei ‘grutte ljochte, bolle eagen, in plat noaske en fine bleke lippen’ (s. 19), en Kos, in lange, jonge man dy't ek fan 'e ierde blykt oppikt te wêzen. Beide mannen komme fan de planeet Mare. Om't libben op Mare net mear mooglik is - troch in te hege technologyske ûntwikkeling binne de minsken ferfrjemde fan ‘harren ekologyske basis’ (s. 133) -, reizgje de Mareanen nei de ierde ta om wetter en swietroken op te heljen. De planeet Mare wurdt behearske troch diktator Bavus. Hy regearret syn high-tech ûndergrûnske stêd mei straffe hân, sûnder te beseffen dat it libben op Mare net oant yn 'e ivichheid ta op dy wize trochgean kin. De minsken wurde hyltyd âlder en swakker en der komme gjin bern mear. Dimi en Kos, mar op 'e eftergrûn eins de goadinne Astra, wolle dêr wat oan dwaan en freegje Tsjeard om help, want hy wit hoe't it op ierde om en ta giet. Dat is wichtich, want hja moatte it âlde folk fine. It âlde folk hat ieuwen lyn op Mare wenne, mar is nei oernimmen fan 'e macht troch Bavus nei de ierde ta flechte. It is de bedoeling dat yn it fermidden fan it âlde folk de ferbrutsen striel sletten wurdt, want ‘wa't de ferbrutsen striel slút, sil de lieder wêze! It fjoer sil wetter jaan’ (s. 64). Mei dat wetter kin Mare dan wer boppe de grûn opboud wurde. Tsjeard en syn freonen fine op 'e ierde de man dy't dy striel sletten hat troch syn ring yn in hinger te skowen. Op dy wize hat dy man fjoer feroarsake. Dat is de Mareaan Hear Ygol. Ygol is dus de nije lieder fan de Mareanen op ierde en op Mare, mar hy wurdt earst noch yn dy posysje bedrige troch Erbo, in man dy't ek lieder fan it âlde folk wêze wol. Mei tuskenkomst fan de tsjoenster Astra slagget it om Erbo út te skeakeljen. Werom op Mare docht bliken dat dêr no wetter streamt. Dêr hat Ygol ommers foar soarge mei't er syn ring yn 'e hinger stiek. Nei it útskeakeljen fan diktator Bavus en syn helpers bouwe de Mareanen in nij Mare op. Guon aspekten yn 'e hanneling fan 'e roman binne net botte dúdlik. Dat begjint al mei de opdracht dy't Tsjeard krijt: hy moat it âlde folk sykje. Tsjeard - en dêrmei de lêzer - wurdt hielendal net ferteld wat hy eins by it âlde folk te sykjen hat. Blykber giet it syn geheime opdrachtjouwer, de tsjoenster Astra, derom dat de striel sletten wurdt sadat op Mare it wetter weromkomt. Hja wol dus dat de ring yn 'e hinger stutsen wurdt. De gear- | |
[p. 239] | |
hing tusken wetter op Mare, de ring en it âlde folk bliuwt tsjuster. Magyske krêften meitsje it ferhaal überhaupt net dúdliker. De lêzer bliuwt gauris stykjen yn allerhande lytse ûndúdlikheden. Ik neam in pear. Op Mare kin men boppe de grûn net wêze om't it ljocht te skerp is foar de eagen. Tsjeard kin mei help fan in blokje op syn earm feroarje yn in fûgel. As fûgel hat er blykber gjin lêst mear fan it skerpe ljocht (s. 30-32). Tsjeard, Dimi en Kos hawwe in fjouwerkantsje op 'e holle. As se dat draaie dan kinne se mei harren tinzen prate. Bavus soe dat blokje dochs ek sjen moatte as hy harren ûnderfreget? Iepen bliuwt ek de fraach wêrom't Tsjeard en Kos harsels net yn fûgels feroarje as se by in geheime kamera fan harren fijân Erbo lâns moatte. Hiel steurend is it dat de lêzer yn It holle ljocht foar riedsels set wurdt, trochdat him/har wichtige ynformaasje - sa't it liket hast mei opsetsin - ûnthâlden wurdt. Yn it twadde part is de haadrol foar in net neier neamde persoan dy't mei de tredde persoan inkeltal oantsjut wurdt. De psychology fan de personaazjes hie fierder útwurke wurde kinnen. De karakters ûntwikkelje harren net. Sa bliuwt de figuer Kari, in freondin fan Tsjeard, Dimi en Kos dizenich. Der wurdt suggerearre dat hja hiel opfallende oerienkomsten mei Astra hat, mar dat gegeven wurdt net fierder útwurke. De personaazjes bouwe amper in relaasje meiinoar op, lit stean mei de lêzer. Troch in technysk snufke, it fjouwerkantsje op 'e foarholle, krijt de lêzer hast allinnich mar tinzen mei dy't in direkt boadskip foar it oare ferhaalpersonaazje befetsje. De dream dy't Tsjeard by it begjin fan syn avontuer hat, wurdt brûkt om de lêzer eefkes yn te ljochtsjen oer it ferline fan Mare. Dêrtroch is it gjin echte dream mear, mar in keunstgreep fan 'e skriuwster (s. 26):
‘Fredich driuwt Mare troch de romte. Bedutsen mei mânske bosken, wide wetters, sulveren linten, hichten en lichten; alles yn lykwicht. Mar as it earmhertige wêzen hutte en sier begeart, wurdt it libben yn dy kosmos gewelt oandien. Ieuwen ferrinne yn bloed en ferdjer. De útfinings passe de tinktrant oan. Nije ûntwikkelingen wurde gewoane deistige saken. Wetten en regels wurde opsteld, dêr moat de hân oan hâlden wurde. Legers en bewapeningswedrin noedzje it yntellekt, oant dat yntellekt himsels ferneatiget en it fergoade fergif foar master opslacht. Wat oerbliuwt is sân. De sterksten oerlibje en krûpe werom yn d' ierde. Laach nei laach, skaai nei skaai past him oan...’ Mei't it fertelperspektyf by in alwittende ferteller leit dy't de lêzer net sa faak tabetrout wat der yn de minsken omgiet, bliuwe de personaazjes op in ôfstân. It holle ljocht is moralistysk. De grinzen tusken goed en kwea binne klear. Sa klear sels dat by it oernimmen fan de macht troch Ygol op Mare dêr net mear as in fearnsside oan wijd hoecht te wurden (s. 130): | |
[p. 240] | |
‘Kari nimt it wurd en fertelt yn it koart harren plan. Hear Ygol is weromkommen en dat is in grut wûnder! Hy sil it folk liede. Mei help fan de goede Mareanen sil besocht wurde om Mare wer op te bouwen. Tusken jimme steane de meistanners fan Bavus. Dêr kinne wy net op betrouwe. Dy moatte finzen nommen wurde! No dalik!’ Foar har ûtstiet in kleaune fan fjochtsjende minsken. Rake klappen wurde útdield en ûntfongen en stadich wurdt min fan goed skieden. De beide ierdlingen sette de kweaden op in rige en ferwûnderje har oer it hantsjefol minsken dat de kloft al dy tiid yn betwang hâlden hat.’ It soe maklik wêze at men yn 'e werklikheid ek sa maklik kwea fan goed ûnderskiede koe, at it bygelyks yn 'e DDR sa ienfâldich wêze soe om de Stasi-mannen op te pakken. It kwea skûlet net allinnich yn totalitêre regimes, mar ek yn in te fiergeande technologyske ûntjouwing. De skriuwster lit Tsjeard oan 'e ein fan it boek âlde dokuminten fine foar it gefal de lêzer dat noch net goed yn 'e gaten hie. Hy lest (s. 133): ‘It los sjen fan it minsklik ferlet fan harren ekologyske grûnslach wie it weimoffeljen fan ien fan harren meast tekenjende aspekten.’ En (s. 134): ‘It reinwetter waard soerder. Hja wisten dat marren ôfstoaren. Mar der soe ek skea komme oan de bosken, de boaiem, de rispinge, de stikstofbinende planten en oan de gebouwen.’ Mei haadletters stiet te lêzen: ‘EN FERJIT NEA! IN SYSTEEM MEI DE MINSKE NEA OERHEARSKJE’ (s. 134). De moraal fan It holle ljocht biedt op dy wize in iensidich sicht op de technologyske ûntjouwing dy't ommers ek foar foarútgong soarge hat. Alternativen dy't de roman oanjout - werom nei de wearden fan it âlde folk en in flecht yn it irrasjonele - binne net befredigjend. Yn de wearden fan it âlde folk is in regressive tendins werkenber: ‘Nederichheid is in deugd en sá hat it altyd west! Noed hawwe foar iten en drinken kenne se net. Syd en plige is ynhammere en hillich!’ (s. 60). De lieder ‘seit de âlde wetten, dy't hja allegearre earbiedigje’ (s. 64). De oplossing dy't hope jout foar de takomst, komt ta stân troch ring en hinger byïnoar te bringen. It mei dúdlik wêze dat dy my wat al te maklike, hast mytyske, irrasjonele oplossing oan de earnst fan de problemen dêr't yn dit boek mei rjocht foar warskôge wurdt, foarby giet. De ôfstanlike fertelwize makket ynlibjen yn de personaazjes dreech. It is steurend dat der besocht wurdt om spanning yn it ferhaal te bringen troch it - mei opsetsin? - efterhâlden fan ynformaasje. De technyske snufkes en de irrasjonele ûntknoping oertsjûgje alhiel net. Dizze SF-roman fan Itty Sluis falt ôf, fral om't op grûn fan eardere publikaasjes faaks mear te ferwachtsjen wie. |
1Stifting ‘Rely Jorritsma Founs’ 1991: Bekroand Wurk 1991 - Littenseradiel. It boekje is te besetten by de gemeente Littenseradiel foar f 2,50.
|