in stribjen nei de absolute skientme?
De syklus ‘It swurd út 'e stien’ set útein mei de beskriuwing fan in faam út tûzenen. Dêr rekket de ik-persoan fereale op. Men soe sizze, moai sa, mar fuort al falt in skaad oer dat moaie. Ynearsten beneamt er de faam as in ‘skrikbyld fan in / ôfwizing’ (I, r. 8, 9), mar it sit djipper. Hy wurdt yn twaën spjalte troch begearte en selshaat: ik hate mysels it doel fan wat / ik die’ (II, r. 5, 6) en fierderop: ‘myn / ûnmooglike ferneatigjende / begearten ik seach har leavjend oan’ (II, r. 7-9). Blykber kin of doart er net troch te pakken. Hy wol wol, graach sels, mar as er har nimt, wit er dat er ferneatigje sil. Wat dat ferneatigjen ynhâldt, moat men hjir noch nei riede. Yn 'e twadde syklus wurdt dúdlik, yn it foarste plak foar de faam yn it fers, dat er bedoelt dat er har teloarstelle, sear dwaan en faaks ferlieze sil en fangefolgen himsels dêrtroch pinigje sil. Dat besef, faaks ek skuldbesef, ferliest lykwols fan syn ferealens: ‘as yn in dream rûn ik nei har ta’ (III, r. 9). En yn fers IV komt er as in grutske kening op in heech hynder op har ta. De dichter fisket Arthur út 'e metafoarehoed. It ferhaal wol dat Arthur in swurd út in stien luts en dêrmei the once and future king waard. De ik-persoan presintearret him dus as in edel minske. Hy is in kening dy't de wrâld oankin, dy't alles behearsket, de faam foar him wint en syn twaspjalt de baas is. Dy twaspjalt wurdt yn feite teneate dien op it momint dat it swurd út 'e kleaude stien lutsen wurdt. Noch ien kear pleaget lykwols de twaspjalt him. Wylst er wurk fan 'e faam makket, freget er him skuldbewust ôf: ‘ik ferlamme dat net ien / my dea die it wie net te leauwen’ (V, r. 8, 9), krekt as elkenien wol witte soe watfoar in ûnbetrouber súzjet hy himsels fynt. Dan folget in plastysk
beskreaune frijerij. Fan ôftaasten en bet aasten wurdt stadichoan nei de klimaks yn it lêste fers fan de syklus ta wurke: ‘mei in wylch as baldakyn / ûnder yn in skou fûn se my in / wylde fint fûn ik har heidensk leaf’ (IX, r. 7-9). Mei it brûken fan it wurd ‘baldakyn’, in attribút dat grif net boppe it bêd fan de measte minsken hingje sil (it hinget boppedat meastal boppe in troan), wurdt de sêne mei klam yn in foarstlik ljocht set.
Nei dizze erupsje fan lok begjint de twadde syklus, ‘It fjoer fan 'e himel’ mei in antyklimaks. Hoewol't de ik-persoan syn leafste heechachtet en op in fuotstik set, troch de dichter ferwurde mei ‘har hearlikheid / as se op hege hakken rint op / myn fersyk’ (I, r. 1-3), konfrontearret er har fuort mei ‘de bile dy't / ik oan 'e foet fan har ferwachtings / lei’ (I, r. 7-9). No't it nije derôf is, wâlet it ferkrongen dûbele wer yn 'e ik-persoan op. In pear foarbylden: ‘ik makke muzyk en ferlokke / har... / en wilens dwaalden myn eagen myn / leafste goadinne foarby seach ik /