meie dan gewoan meidwaan yn it hûs, krekt as wenje wy dêr sels. En dat se by de gimmestyk wie. Se fine fan alles foar jin út. Mar dy man is mei gjin stok earne hinne te krijen. It is allegear foarby, sei se. Oer. Het komt niet weer. De koopman hat de winkelsdoar foargoed ticht.
Dat sil 't wol ja.
Dat se it der wolris swier mei hie. It koe ommers sa moai wêze, op 'e âlde dei. As men sa om jin hinne sjocht, wat kin men noch in genot ha tegearre. Mar ja, hy wurdt dôf, sei se. Dat keart men net. Neat oan te dwaan. Dat hat er altyd wol wat hân, dat witste. Witst noch wol dat jim him wolris foar de gek holden en dat er dan neat yn 'e gaten hie? Witst dat noch wol? Jan? Bist dêr noch?
Dat dat al sa lang foarby wie, sei er.
En dat er dêr neat mear fan wist.
En witst wat it is? Fral as wy ris op besite sille, kin er sa yn 'e kont hingje. Dat se dat swier fûn mei heit soms. Dat er dôf wurdt en sa. Dat er hurd âld wurdt en sa. Dat er nearne mear hinne wol. Doe de lêste kear ek, mei de jierdei. Muoike Seike har jierdei, bedoelde se.
Kinst my noch wat ferstean?
Falt ta, sei er. En dat it al ljocht begûn te wurden. Dat de sinne al stadich omheech kaam.
Hoe is it mooglik, net! It is in wûnder, sa fier fuort. Hoe is it mooglik.
Se binne heel wat mâns tsjintwurdich, sei er. En dat der suver gjin ôfstannen mear wiene, tsjintwurdich.
Dat tocht ik ek, sei se.
Ja.
Mar wêr't ik foar belje, sei se.
Moatst net skrikke, hear! Ik hoopje dat it dy net al te folle oer it mad komt. No ja, dat se ophâlde soe fan eameljen, sei se. Dat dogge dy âlde minsken hjir om ús hinne al genôch, dat wurdt ferfelend op 't lêst.
Wy wiene op dy jierdei fan muoike Seike lêsten en doe tocht se: is sis it. Ik wol ris hearre wat de oaren derfan tinke. Dat se der mei heit dochs net oer prate koe en sa. Dat ik bewarje it foar de jierdei, tocht se. Dan wit er it ier genôch. Dan binne de oaren der ek by en dan binne wy der yn ien kear ôf. Oars moat ik se allegear wer belje en sa. Do witst hoe't soks giet, in spul fan neat.
Bist dêr noch?
Dat se wat stadiger prate moast. En dat er neat fan it ferhaal begriep.
Hy hie wer helendal gelyk, sei se. Do bist ek altyd sa ferstannich. Ik bin ek sa oeral by de gedachte allinne al. Mar goed datst my even yn 'e stringen hâldst. Wiest altyd al sa'n ferstannich jonkje. Hy skopt it nochris fier, sei ik altyd tsjin heit. Dat wurdt letter wol wat. En dat er no helendal