Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] [Nummer 5] Oene Spoelstra Oarloch De keningin hat fûgels yn it hier en praat mei har lakeien oer it waar hartsje novimber en in drege tiid foar de regearders fan it nije jier alles moat oars hat lêst de kening sein de keningin laket, har holle stiet nei maaie it giet op beltsjeblazen ta en op skraal bier dit komt net goed, dit wurdt noch oarloch sa mei winterjassen oan fol lêbich praat ministers dy't fjochtsje om de lêste sint dit wurdt in lange winter kommend jier it pleatslik nijs wurdt ta in lollypop de keningin laket, aanst wurdt it wer maaie giet it op beltsjeblazen ta en op skraal bier de foetbalploech fan Ljouwert sil keningkraaie de oarloch wurdt folslein oant op 'e lêste hier [pagina 175] [p. 175] Sliep Sliep no mar sacht yn dyn wytwollen dream dream mar fan sliepen fan ivich en moai net fan it mes yn dyn rêch net fan skriemen Nacht tusken ús en gâns dreamen oer doe sliep no - feroarje dyn hûd ta in tek tsjin de gisel fan 't yslike libben Sliep no in libben fan kleare goud en in do mei in boadskip fan amen sliep dy ta wetter en driuw fan my ôf sliep my foar altyd ta swijen Vorige Volgende