Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 165] [p. 165] Ellin A. Nickelsen / Marten Sikkema Stigmata Do stiest printe yn myn hannen stutsen boarre al sûnt tiden mooglik ynbaarnd ynsnien fike fan de skuld in dúdlik teken dy't ús ienris fêst ferbûn hat om ús ta de dea te skieden. Wer ta 't libben twongen draach ik yn 'e lofterhân it teken baarnend bitend oant it rêst fynt oan dyn lea en dyn waarm bloed al myn lijen soenjend fuortspielt en do brekste dan is 't goed. Vorige Volgende