Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 157] [p. 157] Ellin A. Nickelsen / Marten Sikkema Genês do my Doe't ik foar 't earst dy moete besocht ik fuort te rinnen koe my lykwols net ferstekke skuordest myn tinzen út de seamen bist my folge yn myn dreamen ûntstiekste 't fjoer dat yn my gloeit ik kin 't net dwêste kin 't net kuolje kom ta my oer, genês do my genês do my. Ik gong yn 't wetter woe my fersûpe mar de weagen droegen my omheech en fan de skûmjende brâning waard ik stadichoan op 't strân spield wetter kin it fjoer yn my net kuolje kin dy lôge net dwêste [pagina 158] [p. 158] kom dü tu mi, mai dü mi hial mai dü mi hial. Ial jin ial, ik toocht fing enöler nooch tu rau wul iin uun a biike flä man ferjiiws, dan hiater wiar din ial uun mi üüs alet glamen holt an strä eewen frat din ial uun mi mä enöler hatj ik kön't ei kuule kön't ei teme so teew ik üüb di, mai mi hial mai dü mi hial. [pagina 159] [p. 159] kom ta my oer, genês do my genês do my. Fjoer tsjin fjoer tocht ik brochten inoarren ta rêst ik woe wol yn 't fjoerstee fleane mar omdôch, want hiter wie dyn fjoer yn my as alle lôge fan hout en strie stadich fret dyn fjoer yn my mei oare gloede ik kin 't net kuolje kin 't net dwêste sa wachtsje ik op dy, genês my genês do my. Vorige Volgende