| |
| |
| |
Jens Quedens / Jarich Hoekstra
Öömranger rymkes, dy't net rymje
Himel |
Hege loft, wolkens, moedich as tinzen, stige op nei de sinne. |
|
Kantsjeroas |
Nea wurch, dúnblommen, jimme rook tsjûget fan 'e simmer! |
|
Tinzen |
Tinzen binne as fûgels, fluch en flechtich, mar dochs bouwe se nêsten. |
|
Helm |
Uneachlik gers, de woartels, oaninoar ferknotte, hâlde de stodunen. |
|
Simmerjûn |
Sjuch de sinne, yn 't ûndergean trochgleonet er de loft, it waad. |
|
Neisimmer |
De simmer is ryp, de beammen soutekoopje yn 'e wyn, it nôt is meand. |
|
Earste teken |
Ier komsto, hjerst! In goudgiele blêdekrânse leit om 'e beammen. |
| |
| |
Harewst |
Letj öömrang hüs, din ruad müüren looke mi tüs ütj a främ. |
|
Fraag an oonswaar |
‘Wat maage jat dach, dü an at heef so alian?’ ‘Wi dial mä arkööder!’ |
|
Huuwen |
Huuwen, beest slüüs faan at hööb - dü tjochst mi uun. |
|
Kaamken |
Fröögels tu a jongen, jam leesag skalen dial faan äb an flud. |
|
Freihaid |
Iansanrag sunbeenk, hir lei'k min kluader uf, - san eilun - hü dü. |
|
Likedenang |
Buanstooker bleu brons, liküüs hongerkralen. Farwen faan't eilun. |
|
Jupen |
Ferbürgen uun't bloos faan't dünemkrüs ripe hiamelk a knolag jupen. |
|
Laacht |
Uun a sanskiin skemert at häf, at laacht hee bradlep. |
| |
| |
Hjerst |
Lyts Öömranger hus, dyn reade muorren lokje my nei hûs ta út 'e frjemdte. |
|
Fraach en andert |
‘Wat dogge jimme dochs tegearre, do en it waad sa allinnich?’ ‘Wy prate meiïnoar!’ |
|
Haven |
Haven, bist slûs fan 'e hope - do lûkst my oan. |
|
Núnders |
Aardichheid foar de bern, jimme, lege skulpen, prate fan ebbe en floed. |
|
Frijheid |
Ienselvige sânbank, hjir lis ik de klean ôf, - smel eilân - lykas dy. |
|
Gelyk |
Strânasters bloeie sangen, lykas seegers. Kleuren fan 't eilân. |
|
Kantsjes |
Ferburgen yn 't bloeisel fan 't dungewaaks rypje temûk de klûnterige kantsjes. |
|
Ljocht |
Yn 'e sinneskyn skitteret it waad, it ljocht hat brulloft. |
| |
| |
Skülag |
Ik lei üüb a grünj uun at skaad faan at raid; dik, haa aacht üüb man druum! |
|
Frinj |
Dü rauluas winj, dü sjongst an wräkenst a träten, wan släpst dü? |
|
Jongen |
Jongen, lokelk skööl, hir kön jam lewe, apwaaks uun freihaid. |
|
Luuwen |
Üüb skuat leit en ketje. Uun luuwen locht snoret hat am a wäd mä a imen. |
|
Lastag |
A san sankt glamen. En lastag skööl jong minsken waanert troch dünem. |
|
Faarwel |
Nü as det so widj, de iarst drachen sticht, maaren färt min skap. |
| |
| |
Yn 'e lijte |
Ik lis op 'e grün yn 't skaad fan 't reid; dyk, tink om myn dream! |
|
Freon |
Do rêstleaze wyn, do sjongst en makkest de wurgen wekker, wannear sliepsto? |
|
Bern |
Bern, lokkige kliber, hjir kinne jimme libje, opwaakse yn frijheid. |
|
Blak |
Op 'e skurte in jongkat. Yn 'e blakke loft snuorret er om best mei de bijen. |
|
Fleurich |
De sinne giet gleon ûnder. In fleurige kliber jongfolk kuieret troch de dunen. |
|
Farwol |
No is it sa fier, de earste draak giet op, moarn fart myn skip. |
|
|