it grutte skilderij ‘Bauengehöft’: dat liet pake yn 1910 skilderje, doe't se it buorkjen oerjaan en by de bern yn soene, mar hy mocht it by eintsjebeslút net lije. It liket ommers nearne nei, en de muorren wiene ommers hielendal skeef wurden! Soks kin men dochs net boppe de bank hingje - en hy liet it de lytse skilder dêr earne efter Buhrkall wei hâlde! Besjoch dat skilderij mar ris krekt: midden foar it hûs stiet dêr yn Rüpel in swart en wyt ferve flaggestôk.
No ja, tocht de frou waans jierdei it wie, doe't se yn 'e seal fan it weardshûs de lêste menukaarten delsette, miskien wie it ek mar goed, dat dy hiele skilderijehannel oergien wie, want wat hie soks hjoed by it ferdielen yn de famylje in spul jaan kinnen. - Sels hie se lykwols mar tolve jier op it âldersstee wenne; sûnt dy tiid wie alles fuort! En it wie dochs sa fleurich begûn:
Har heit Fritz wie yn 1871 berne en sei altyd wannear't er in goed sin hie: ‘70/71 meimakke!’ Doe't er fjirtjin wie, gong er nei Ditmarschen om Dútsk te learen en op in kear krige er dêr in brief fan thús, dat syn mem yn 'e rin fan in pear dagen oan blinetermûntstekking stoarn wie. Syn heit wie der lykwols gau oerhinne en waard in jier letter al wer heit - doedestiids in skandaal!
Dy healbroer (Wilhelm) waard no fansels neffens alle regels foarlutsen en besoarge syn heit in soad hollebrekken, dat dy rekke op syn âlde jierren frijwat oan 'e drank.
De kastlein frege har, oft der noch wat feroare wurde moast. Nee, alles wie kreas yn oarder. - Ja, dy pake, wat krige dy op syn âlde jierren al in ellinde. De iene dochter (dy't doe de dokter krige) gyng telider oan 'e morfine en de oare skoansoan op 'e grutste en moaiste boerepleats yn 'e hiele omkriten sloech fallyt. Mar goed, dat er net mear hearde, dat de dochter fan ien fan syn bern earne yn Amearika in ‘pensjon’ dreau, dêr't allinne mei de hân foar de mûle oer praat waard. En dan dy Wilhelm, dy helle dan suver allinnich mar domme kluchten út.
Nei't Wilhelm trije jier foar boer boarte hie, wie it âldersstee yn Rüpel sa fêstrûn, dat er derôf moast en Fritz doe mar mei de boel rêde moast. Dat slagge him ek. Hy boude in grut nij bûthús, kocht der lân by en hannele yn hynders, dêr't er yn de Earste Wraldoarloch in soad jild mei fertsjinne. Dêr waard no nei fjouwer oare bern en achttjin jier nei de trouwerij it bern berne waans jierdei it hjoed wie en krige de namme Erika, in namme dy't har mem ienris yn in moaie roman lêzen hie.
Ja, sa komt men oan jins namme, sei se tsjin harsels; dat hie nammers wol minder kinnen. - Har mem hie de namme wol útsykje meien, mar al it oare wie doedestiids in manljussaak: de amtner fan de boargerlike stân notearre dat ‘de eigener fan de boerepleats opjoech, dat him (!) út in wettich houlik in bern fan it froulike slachte berne wie’, dat no in ‘Unterthan’ fan it Dútske keizerryk waard. Treddel jier letter wie dat foarby; de keizer