Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] Ingwer Esmarch / Klaas Bruinsma Beppe Hiel stadich woeks mei de jierren oan har macht oer dyn hannen, dyn hier, dyn gesicht. Men kin yn 't libben op folle net oan, mar de jierren dogge trou har plicht. Dochs kinne hja net alles take; der bliuwt wat eigens en dat is frij. Dyn tinzen kinst frij brûke faken; dy komm' op 't goede stuit ta dij. Sa jouwe de jierren dy ek macht: troch dyn belibjen, witten, wêzen kinsto my ta in helder ljacht yn myn jit dizich libben wêze. Dyn jonkheid is al lang ferline, mar hellest frij út dyn ûnthâld. Al nei't dyn winsk en wille 't fine, kinsto sa libje yn mannich wrâld. Vorige Volgende