Trotwaer. Jaargang 24(1992)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 121] [p. 121] Ingwer Esmarch / Klaas Bruinsma As de wyn waait Witsto wêr't de wyn waait, as wiken lang syn gûlen skriemt yn 't tsjuster mei syn sang? Mei de wyn haw ik songen; myn langst nei dy bleau op it Waad by d' earste strielen dy't moarnsier stil krûpe oer de kimen; by wa't my as in kobbe fierde troch de dize; en yn 'e snie dy't moarnsier noch gjin spoaren hie fan kloften roeken. Op polderdiken tusken 't weidzjend fee liet ik myn langst benefter, en op 'e iivge moanne, dy't heech stiet oer de wolkens as in ljochttoer; en yn 'e floed dy't tsjin de diken slacht, mar buten bliuwt. Ik ha myn langst nei dy benefter litten, want dy moat my net finzen nimme en my net fêsthâlde yn 'e hûs by d' âlde lju, dêr't skieppewol en sûpenbrij steefêst op tafel stean. [pagina 122] [p. 122] Dü bast lung ferswünen än da wääge gloie üt inönj e eewihäid än iirhunerte fergunge as deege. Wiist dü wan e win wait? Hiirst dü wat'r schungt? [pagina 123] [p. 123] Do bist al lang ferdwûn, en wiken glide wei yn d' ivichheid, dêr't ieuwen as dagen fergean. Witsto wannear de wyn waait? En hearsto wat er sjongt? Vorige Volgende