Earst fernuvere it him, mar ynienen dage der wat.
Hastich striek Germ syn mes skjin oan 'e bokse, stiek it yn 'e skie en makke syn overall trije knopen hinne los.
In frjemde gloede ljochte yn syn eagen.
Gliidzjend oer de trepsleuning repte er him nei de oaren.
Dêr kaam er krekt yntiids om te sjen hoe't se Age de overall fan 'e lea skuorden. De lege mouwen bongelen fan 'e riem om syn mulle sawat oan 'e grûn ta.
Reade Age stie yn it fermidden fan in sântal keardels.
Yn syn dunkere eagen kleare eangst.
Gauris hiene se wurden hân mei Age.
It reade hier yn in koarte sturt yn 'e nekke, de mouwen oant de skouders ta opstrûpt kaam er moarns steefêst as lêste oanskiten. Doarde de sjef der al wat fan te sizzen, dan luts Age oan syn skouders en liet it by him del gliidzje. Snúfde mar wat. Mar dêr wie it fansels net allinnich om te dwaan.
De wylde gleonens yn syn eagen, dy nuvere laits.
En hoe't er mei de bisten omsloech, dat wie moardzjen.
As hied er wille oan harren lijen.
Ja, dat stiek Germ noch it measte.
It ôfmeitsjen mei de tange koe wol helte hurder en better.
Mar nee, wat mâlder de bargen oangienen, wat mear Age syn nocht deroan hie. Fansels, dea moasten se, mar sa mâl hoegde it net. Age hie nea om sizzen jûn. Elts hie it yn goedens mei him besocht. Lang om let wiene der yn it skoft gauris hurde wurden fallen. Hy hie mar wat lake, har kâldwei stean litten.
It wie safier kommen dat net ien mear mei Age oan in taffeltsje sitte woe. Sa'n loeder. Lêstendeis hied er wier elkenien tsjin him yn 't harnas jage mei't er in libbene baarch oan 'e heak slein hie.
It bist raasde de wrâld byinoar en moast gâns lije.
Oer alle trelit hinne skattere it duvelske laitsjen fan dy reade Esau. It galme troch de hallen.
Soks koe gjin sprekken lije, hjir moast in die steld wurde.
Mei mûskopjen wiene in pear dagen hinnegien. Juster wie it beslút fallen.
Tongersdei en freed kaam Age net. Germ naam syn wurk mei de elektryske tange oer. Net ien spriek der mei in wurd oer. Soe it te mâl gien wêze?
De fraach bleau yn 'e loft hingjen. It frjemde swijen makke de oeren lang.
De oare wyks rûnen hja moandei ier en betiid it slachthûs yn. De earste baarch bongele al bliedend de kettingbaan by del.