Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 194] [p. 194] Jacobus Quiryn Smink De blonde muze Yn it kafee by de feart sjoch ik, de blonde Mei swarte brauwen, in kûltsje Under de noas. Ik wol har wol pakke, dy bûtengewoan blonde Har earmen fan goud en sa moai San multsje. Se glimket heel mûtel en in glânzige blonde Is se sûnder fersin, ik dream Wûndere roas. Want ik lit dy better dêr, do fatale blonde Oan it wetter yn dy kroech, o San multsje. Skink my gjin kopke mar in kraach yn it glês, Ik ferdrink dy ta muze yn it skom dat ik lês. [pagina 195] [p. 195] As ik de kaarten lis, komt it ek wol út Earne oan it wetter moat ik stiennen En skulpen fûn ha, de lûden wiene Fan de flearmûs en de domp, skerp en stomp. Wat ik dan seach, Wat ik dan hearde. Freonen hingje oan ien hân, wat fingers Foar juny, july, wannear en de slingers Yn myn hûs, it is sa stil myn hûs. Neitiid is de hertenfrou de steile treppens Opslûpt, sûnder wurden tusken de lekkens Krûpt, soks komt wol út wurdt der sein. [pagina 196] [p. 196] Skealjen Oktober mei syn oanslaggen, de lekkerij Yn it achterhok, achtste sirkel oan 'e riem, Fleane mei ammerkes en tobke, it gekliem Sûnder útstel, sûnder posysje, it mist in punt Dêr't it op útdraait, der is gjin beslút. Hy wifelt en flikt dy syn sinnen, om en by Is it in spul fan 'e duvel en de smjunt, Want dy sil dy narje mei in falske tút. Mar dan brekt de winter troch mei foar it rút In snieman en in slide mei wat bern, oan it dak Stykje de kegels as pauzes. En er syn sinnen strak Lûkt dan en opstiet foar syn wurd en syn sizzerij, Dan hat it ritme en aksint, in drip en in punt. Hy dûnset yn it teken fan de skealjen, mar byt Him fêst op 't aljemint, hy wol dûnsje op granyt. [pagina 197] [p. 197] Rêst De bisten hingje yn it reinen om, Der komt gjin ein mear oan de hjerst. De auto's snije as de treinen dom Troch de rimpen see fan 't âlde gers. Under dizze flakten hat God syn grêf, Dat is ferstannich en wol sa effisjent. Hjir is gjin frede te finen, gjin nêst Jout hjir piken mear, rêst noait wer út. Vorige Volgende