| |
| |
| |
Teake Oppewal
De Hoara's fan Hastings: gaos yn de tiidskaal
1. Ynlieding
Wa't Simke Kloosterman har boek De Hoara's fan Hastings lêst, stroffelet al gau oer it feit dat de tiidskaal yn it boek net rjocht yn oarder is. Yn it neifolgjende wurde de wichtichste ynkonsekwinsjes ûndersocht. Dernêst sil oanjûn wurde hoe't de skriuwster sels omgien is mei dat tekoart yn de komposysje. Ph. Breuker (1980) hat him al dwaande hâlden mei it ûntstean fan de roman en in koart oersjoch jûn fan karakteristyk en wurdearring. Hy giet dêrby út fan de hânskriften dy't yn de PB bewarre wurde. It docht bliken dat de ynkonsekwinsjes yn de tiidskaal moai aardich oerienkomme mei Breukers ferhaal oer de ûntsteansskiednis.
Ferwizingen nei de tekst slane op de edysje dy't ik brûkt ha, de 5e printinge út 1963, ferskynd as KFFB-boek nûmer 74 by útjouwer A.J. Osinga te Boalsert.
De 6e printinge ferskynde yn 1978 ek by Osinga, as KFFB-boek nûmer 230. Dy printinge is folslein gelyk oan de fyfde, ynklusyf de steurende flater midden op side 84 dêr't stiet ‘Hy skreau’ dêr't Hester bedoeld is.
Even in sydspoar-opmerking no't ik it oer printflaters ha. Breuker mient dat it wurd ‘tontsje’ op side 26 ‘toutsje’ wêze moat. Sa soe it yn it hânskrift stean.
Dat is net sa. Yn it sinsferbân passet ‘tontsje’ better as ‘toutsje’. By ynspeksje fan de hânskriften blykt dat Breuker in n foar in u oansjoen hat. De assosjaasje dy't er leit tusken ‘toutsje’ en ‘reapsein’ is dus net korrekt. Nammers, yn it hânskrift XXVIb, it klad út 1909, stie de tekst earst sa: ‘En as min den bigjinne kin to rekkenjen mei in tontsje, boer, dy min erve kin fen yen âlden, dan spand (d gjin typflater) it net iens, det jildoerwinnen.’ Dat makket noch dúdliker as de definitive ferzy dat it om in lytse ton giet en net om in lyts tou.
| |
2. De meast wierskynlike tiidskaal
De fertelde tiid yn it boek rint fan earder nei letter. Sa út en troch is der wol even in weromtinken fan in persoan oan earder tiid of komt yn dialooch it ferline te praat. Twa kear giet de ferteller sels werom yn de tiid (60-69 en 76-77).
| |
| |
Op grûn fan de eksplisite tiidsoantsjuttingen en oanjûne leeftiden fan romanfigueren haw ik de folgjende meast wierskynlike tiidskaal opstelle kind, útdrukt yn de leeftyd fan Fokke. Dêrby is foar it gemak oannommen dat Fokke yn it begjin fan it kalenderjier berne is. Ik slaan de tiidsoantsjuttingen dy't dêrmei yn striid binne no earst oer en sil dy yn part 3 behannelje. Om net te fersûpen yn wiidweidigens binne net alle hâldfêsten oanjûn.
| |
Haadstik 1 en 2
Date en Fokke sille hast like âld wêze. Fokke is 5 jier (24). Haadstik 1 spilet yn de iere maitiid (14). Haadstik 2 yn septimber dêrnei (18).
| |
Haadstik 3
De earste sin is: ‘Sont dy dei binn’ al wer njoggen simmers kaem en gien en it is no hjoed in moaije hjerstdei...’ (34). Dus Fokke is no 14 jier, mar dat stiét nearne mei safolle wurden.
De rest fan it haadstik spilet hielendal dyselde hjerstmis. Hester is likernôch 40 (37). Doede en Styn 20 (42).
| |
Haadstik 4
Flash-back: It is jierren tebek dat Warmolding c.s. fuortjage binne (69).
Dêrnei folget de besite fan Wychman by Hester yn de foarwinter (69-75). Yn it petear tusken Wychman en Hester komt de ferkearing fan Lys en fan Wypk te praat. Dat jout dúdlik oan dat dit part oanslut by haadstik 3.
Dan komt de episoade mei de sosjalistereboelje. Dy moat hast wol yn febrewaris/maart oanslutend oan it eardere fragmint spylje (dat is in rekonstruksje mei negearjen fan in tal tsjinstridige hâldfêsten). Ommers, yn it foarôfgeande fragmint tinkt Wychman wiidweidich nei oer Nuttert en Hester (70-72), sûnder dat de reboelje dêryn op it aljemint komt. Boppedat seit Wychman tsjin Hester oer de heidsjers: ‘Hja sill’ 't wol litte en lizz' my in strie oerdwers.’ (73). Dat seit er grif earder as dat de reboelje plakhat.
In oar argumint is dat Nuttert it nei de reboelje mei Hester oer Date hat. Dy is no in opslûpen jonge en hie in kâns om by notaris yn it wurk (89). Neffens skatting moat Date 14 jier wêze, en dat komt dus wol aardich út.
Dat it it lêst fan 'e winter is blykt út: ‘yn 't minst fan 't fertsjinst’ (78) en it fermelden fan teiwyn en de lêste snieplakken (81).
| |
Haadstik 5
It is septimber as Gels ferstjert (90). Wych- | |
| |
man hat 16 jier mei Gels troud west (93). Dat Fokke soe no 14, 15 jier wêze kinne (dat stiet nearne, mar de oare hâldfêsten komme op nuvere leeftiden út, en men kin weromrekkenje út haadstik 6 wei).
| |
Haadstik 6
It is july as de stemmerij plakfynt (116). Wychman hat de bern al hast grut (119). Gels is in jier of wat wei (119). Fokke hat frijlotte foar tsjinst (119) en is in jongfeint (127).
| |
Haadstik 7
Elle Mulder en Lys ha al 4 jier gedoente mei elkoar (148) en Elle lûkt nei de 40 (148). Tine Fleurin is 17 (156).
| |
Haadstik 8
Dit spilet yn maart (164), oanslutend by haadstik 7. Fokke is 19, Tine 18 jier.
| |
Haadstik 9
Fiif winters nei't Fokke troch Fleurin ôfstegere is, komt Doutsen Hermanna oer de flier. Fokke is yn syn fiifentweintichst, dus 24 jier (192). De hiele affêre mei Doutsen duorret sa'n trije jier (196).
Fokke hat nei't Doutsen it útmakke hat noch 14 jier op wraak sind (203). Dat, as de lêste sêne spilet, is er goed 40 jier.
| |
3. De gaos yn it tiidskema
a. | De dúdlikste flater yn it tiidskema is de leeftyd fan Elle Mulder. Elle is yn haadstik 3 26 jier, yn haadstik 7, fjouwer jier letter, is er hast 40.
Krekt datselde berekkenet Hof al yn 1922, mar hy jout dy krityk mei soks as tsjinsin, want hy is fan it boek út 'e skroeven. De skriuwster is skerp op it grutte fan har wurk, mar der is sloffens yn it lytse. Yn Fjirtich Jier Taelstriid IV (1942) lit er de krityk dan ek wei: ‘Dat neazige flaterke-opsneupen yn sa'n boek - koart en goed: it moat oergean’. |
| |
b. | Helte raarder sit it mei de leeftyd fan Doede en Styn. Yn haadstik 3, as se inoar krije, is hy 39 en sy 20 (42). Se moatte dan beidegearre by Hester wei.
Yn haadstik 5 komt Gels te ferstjerren. Doede Styn húswarret by Wychmans. Se hat dan al twa bern en is swier fan in treddenien (91). Dat, yn dat gefal soe haadstik 5 dochs wol sa'n fjouwer jier letter wêze moatte as haadstik 3. Fokke soe dan 18 jier wêze moatte, en dat komt ûnder oare net út mei de fermelding dat Wychman en Gels 16 jier troud west ha (93). |
| |
c. | Op side 77 wurdt oanjûn dat der ‘sa'n jier trije, fjouwer’ lizze tusken it stuit dat Nuttert by Wychman ûntslach nommen hat en de tiid dat der in sosjalist yn Hastings komt
|
| |
| |
| te sprekken. Dy sprekkerij rint út op de reboelje, en dan is it ferhaal werom yn de gewoane fertelde tiid. Fokke soe yn de tiid fan de reboelje dan ek noch mar 9 jier âld wêze yn plak fan 14. Dat kin op himsels útkomme, want hy wurdt troch Hester sjoen by de skoaljonges dy't mei snieballen nei boargemaster en Wychman goaie (85). Fan Date wurdt oars in pear siden fierder sein dat er net mear nei skoalle ta giet en in opslûpen jonge is (88). Dat strykt wer net mei ús eardere yndruk (haadstik 1 en 2) dat Fokke en Date likernôch deselde leeftyd ha. |
| |
d. | De leeftyd fan Fokke en syn suske Lys yn haadstik 5, as harren mem ferstjert en heit wertrout mei Martsen Kobus, is slim problematysk. Konsekwint wurde se hjir ôfskildere as lytse bern, wylst Fokke neffens de eardere berekkening sa'n 14 jier wêze moat. Op ien plak yn haadstik 5 wurdt suggerearre dat Fokke sa lyts net mear is, Wychman rint nei de foardoar fan 'e pastorij ‘mei de swiere koperen kruk, dy't foar jierren de lytse hantsjes fan Fokke foar it earst omklammere hiene’ (102), wat neffens my dochs wol oanjout dat Fokke it krobbestadium ûntwoeksen is. |
| |
e. | Dûmny Fleurin hat 19 jier yn Hastings stien (166). As er syn yntree docht is Fokke 5 jier (haadstik 2), as er fuortgiet is Fokke 19 jier (haadstik 8). Hoe kin soks?
Dêrmei hinget it folgjende gear. Fokke en Tine skille ien, heechút twa jier yn âldens. As de lytse Fokke dûmny Fleurin en syn frou treft, ha dy noch gjin bern. Fokke is dan 5 jier. |
| |
4. Rjochtbreidzje
De gaos yn de tiidskaal lit sjen dat de skriuwster net sa krekt west hat op dit stik fan saken. Hof (1922): ‘It giet op it rammeljen fan 'e pels ôf, ek al wer sûnder erch.’
De slimste swierrichheden sitte yn haadstik 4 en 5. Yn feite hinget de hiele tiidskaal sa't ik dy rûsd ha, op ien knier, de meidieling dêr't haadstik 3 mei iepenet: ‘Sont dy dei binn' al wer njoggen simmers kaem en gien’ (34). As wy dêr fjouwer fan meitsje yn plak fan njoggen, dan soene in soad ynkonsekwinsjes yn haadstik 4 en 5 rjochtbreide wurde. De sosjalistereboelje is 4 jier nei Nuttert syn spul mei Wychman, en Fokke is 9 jier as er snieballegoait en as syn mem ferstjert.
Mar de tizeboel mei Doede en Styn har leeftiden wurdt dan net ferholpen.
En dy ferbettering soe op oare plakken nije swierrichheden jaan. Dan is Fokke nammentlik 13 jier yn haadstik 7, de brulloft fan Lys en fan Wypk, dy't 4 jier nei haadstik 3 trouwe. Mar al yn haadstik 6 wurdt Fokke tekene as in jongfeint dy't frijlotte hat (119) ‘yn top fan jonkheit en manljuskrêft, feardich en great, breed fan skouders, sterk
| |
| |
fan polsen’ (127). Hoe âld? Santjin, achttjin. Dat wie yn eardere dagen de leeftyd wêrop't jonges lotten om frijstelling foar tsjinst. Yn haadstik 6 wurdt ek foar it earst fan Fokke ferealens op Tine praat, op in wize dy't oanjout dat Fokke noch gjin wurden foar dit nije hat: ‘Dat dit leafde wêze koe, dêr tocht hy net iens om’ (129). Soks soe ik my wol wer by in jonge fan 13 yntinke kinne. Mar sa jong kin Fokke net wêze, ek omdat Tine yn deselde tiid 17 is (158).
De ynkonsekwinsje yn de tiidskaal fan de tekst jouwe oanlieding om te ûnderstellen dat haadstik 3 letter foar haadstik 4 en 5 pleatst is en de fragminten net goed opinoar ôfstimd binne. Breuker hat út analyze fan it hânskrift al sjen litten dat haadstik 4 wierskynlik earder skreaun is as haadstik 3. Neffens my jildt dat dan ek foar haadstik 5.
De tiidskalen fan de haadstikken 1 en 2, en dêrnei fan de haadstikken 4 en 5 slute moai opinoar oan, mei in sprong fan sa'n 4 jier tusken Nuttert syn ûntslach en de sosjalistereboelje. Doede Styn wurdt by oerslaan fan haadstik 3 foar it earst op it aljemint brocht yn haadstik 5 sûnder dat der swierrichheden mei it tiidsferrin binne.
It begjinstik fan haadstik 4 dat de foarskiednis fan Warmolding beskriuwt, stiet wat de tiid oangiet hieledal los fan de rest en kin as in ‘sweevjend blok’ oeral yn it ferline pleatst wurde. Breuker makket oannimlik dat dat tagelyk mei de rest fan haadstik 4 skreaun is.
Hof (1922) meldt dat er ‘Juffer Kloosterman’ skreaun hat per de leeftyd fan Elle Mulder, mar dat se him andere it moast wier wol 26 wêze en gjin 36.
Fetber foar wiskundige arguminten wie Simke Kloosterman dus net. In ekstremis: ‘As ik yn in roman sis dat twa en twa fiif is, dan is dat sa!’ In tige progressive opfetting oer de romanwerklikheid. Of in planút ûntkennen fan wat se sels ek wol wist?
| |
5. Wat sizze de hânskriften?
Yn 'e Provinsjale Bibleteek haw ik de Kloosterman-hânskriften mei koade Hs 428 ynsjoen. Sa't Breuker al melde, sitte dêr ek De Hoara's by.
XXVIa mei op de titelpagina: ‘It origineele hânskrift fen de Hoara's fen Hastings is dit.’ It is de kreasskreaune ferzy en bestiet út losse foliofellen, yn 1916-1919 makke foar de printer.
XXVIb binne sân blauwe skriften, it klad. It lêste skrift einiget: ‘Hy is nei Wychman Hoara útskaeid. 27 Septimber 1909’ en dan folget der in grutte hântekening fan de skriuwster.
Op de efterkant fan it blauwe kaftke fan skrift nûmer 1 hat de skriuwster in foech
| |
| |
oersjoch makke fan de leeftyd fan Fokke troch it boek hinne.
Dat giet likernôch sa:
Haadstik I |
Fokke 6 jier |
Haadstik II |
Fokke 6 jier |
Hes-muoi III |
Fokke 10 jier |
Hes-muoi IV |
Fokke 10 jier |
Warmolding mei Martsen troud V |
Fokke 10 jier |
Forkiezing VI |
Fokke 16 jier |
Trouwen Lys en Wypk VII |
Fokke 18 jier |
Oansiik Fleurin VIII |
Fokke 19 jier |
Trouwe scille mei Doutsen VIIII |
Fokke 25 jier |
Bislút |
Fokke 46 jier |
Dit skemake giet út fan fjouwer jier tusken haadstik 1, 2 en 3 en fierder yn plak fan njoggen lykas de úteinlike tekst docht. Dus ek hjir is it begjin fan haadstik 3 krusiaal.
Hoe sit it dêrmei yn de hânskriften?
It hânskrift XXVIb, skrift 1, out earst:
‘It is in moaije hjerstdei...’
Dan stiet der mei poatlead by koattele: ‘in jier ef fjouwer letter.’
De oanhef is trochstreke en der is fan makke:
‘Fjouweris is it jier al wer forjierre sont dy dei en it is hjoed in moaije hjerstdei...’
Yn it kreasskreaune XXVIa steane deselde oantsjuttingen en trochhellingen (dat is op himsels raar, tinkt my), mar dan is der op 'en nij yn ferbettere en stiet der:
‘Sont dy dei binne al wer njoggen simmers kaem en gien’ lykas yn print is ferskynd. Al dat geskras makket de printerstekst sa ûndúdlik, dat der in spesjale foetnoat ‘voor den zetter’ by stiet mei de goede sin nochris dúdlik delskreaun.
Nijsgjirrich yn dit ramt is ek in grut fragmint dat yn de oars sa kreaze printerstekst trochskrast is. It komt nei ‘ta de broeksbûs út.’ op side 110 yn haadstik 5 fan it boek. It trochskraste stik begjint mei de fraach fan Piter Post oan Fokke hoe âld oft er is. Yn it blauwe skrift XXVIb stie earst ‘Alve’, dat is trochskrast, en der is 10 fan makke. Yn XXVIa stie earst in foar my ûnlêsber wurd, dat is trochhelle, en dan stiet der ‘Fjirtsjin’. Dat lêste strykte perfekt mei de sprong fan njoggen jier oan it begjin fan haadstik 3! Mar de skriuwster hat dit fragmint der yn de definitive tekst út goaid. Wêrom? Wie it miskien omdat it hiele haadstik 5 dan net mear brûkt wurde koe, omdat út alles bliken docht dat Fokke neffens de beskriuwing yn haadstik 5 folle jonger is as 14 jier?
| |
6. Konklúzjes
De kladferzy fan De Hoara's is yn 1909 ôfmakke. Dat stiet dúdlik te lêzen oan de ein fan de tekst yn it lêste blauwe skrift fan XXVIb. Neffens Breuker soe de printers- | |
| |
tekst XXVIa sa'n tsien jier letter allinne mar oerskreaun wêze en hawwe de ferskillen tusken XXVIb en XXVIa neat te betsjutten. Dat, neffens him, De Hoara's is yn 1909 skreaun. Op it stik fan de tiidskaal falt soks, tinkt my, net alhiel út te hâlden. Krekt dêr't it om tiidsoantsjuttingen giet, hat de skriuwster yn de printerstekst noch it ien en oar besocht by te skaven. It begjin fan haadstik 3, en Fokke syn leeftyd yn haadstik 5.
Mar doe't de skriuwster dêrnei it fragmint mei Piter Post yn de printerstekst skraste, hat se neffens my besletten de ynkonsekwinsjes te hanthavenjen, leaver as hiele einen tekst oan te pasjen. Se hat witten dat it net yn 'e heak wie mei dy leeftiden, en de boel op 'e rongen slepe litten.
Hof hie dus net gelyk dat har sloarderigens ‘sûnder erch’ gie. As men it sa besjocht, is har antwurd op Hof syn krityk yn 1922 klearebare bluf.
Faaks hat de ûndúdlikens fan de skriuwster oer it tiidrek fan ûntstean fan De Hoara's ek mei de gaos yn de tekst te krijen. De blauwe skriften mei it grutste part fan de tekst binne foar en yn 1909 skreaun, mar de lêste hân waard der earst tsien jier letter oan lein by it kreas oerskriuwen. It falt dus hiel wol út te hâlden dat De Hoara's fan 1909 is. Doe wie it wurk klear en it definitive beslút nommen de gaos yn de tiidskaal mar gewurde te litten.
|
|