Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 179] [p. 179] Jan Kooistra Ik dreamde dat 'k myn muze sêch ik dreamde dat 'k myn muze sêch fan fleis en bloed as dû en ik by in mar lei hja yn 't hege gers hja wonk nei my mei sa'n bekende blik ik frege har wat ha ik as ik dit berik hja sei ik lees hjir op myn rêch dus nim dan no watst fan my wolst it wie de lust dy't yn my flêch ik dreamde dat 'k myn muze sêch sa folslein en bleat sa leidich brún hja oerlange my de pylk en bôge en ik skêt myn dream yn pún Vorige Volgende