Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 180] [p. 180] Jacobus Quiryn Smink Wa binne de dreamers Wa binne de dreamers? Wiene dat ienris Joazef en Jona, Orfeus, Oidipus en Lennon, no Binne sineasten en programmeurs populêr Mar sûnder flink budzjet dreame se net. Nee, nim dan my bygelyks, ik doch it Foar in bankje op blanko: Hy rammelt wat Mei syn plasse, sit yn far look en klear. Stel dy foar, wy binne de dreamers: De sliep is in nije dei, de bline sel Hat it finster op 'e wrâld en immen Noeget ús op it terras fan lange nachten. Wa binne de dreamers, ja, binne wy. Sa bou ik myn loftkastiel en fervje myn hûs Skaak noch in dame, en deidream, by de rûs. [pagina 181] [p. 181] Telle de tiden Telle de tiden noch dat sûnder erch Wy libben yn in dream fan in mearke? Wy ieten alle apels dy't ús smakken En net weijûn troch hekse of serpent. Neaken wiene we noch, mar we skammen Us doe nearne en nea en by de berch Wie de ein fan ús biotoop, it begjin Lei by de oseaan, safier en bekend. Telle de tiden noch dat sûnder erch Wy libben yn in dream fan in mearke? Net dat it net foarby is en lang lyn: Wy ieten alle apels dy't ús smakken. Bleat en bang klimme wy troch de see Ite troch de berch en dreame fan nee. Vorige Volgende