Briseïs en Agamemnon’ te neamen. In foarbyld foar de wurdassosjaasjes is: ‘in mieltsje begean’, dat Andrea brûkt foar eventsjes pisje en Lukas tinkt dêr fuort by ‘in misdied, in moard, fraude, fertsjustering kinne je “begean”, mar in mieltsje is dochs gjin misdriuw?’ Ferskowing, neamt Freud dit ferskynsel, de ferkringing fan de net-winske wurden en de ferskining fan wurden dy't der assosjatyf mei te krijen hawwe. Lukas tinkt op de wize dy't Freud it ferkringingsmeganisme neamd hat, hy leit ferbinings tusken jiertallen, nammen op huzen, hûsnûmers ensfh.
No is Lukas neffens de achterflap in mislearre artyst en neffens himsels in stikhinne mislearre, miskien hat dat wat mei dy tinkstruktueren te krijen. Hy is my fan de earste side ôf tefolle in suertsje, dat ik kin my goed yntinke dat Andrea net mei him wol. De iennichste reden dat se mei him meigiet, sil wol wêze dat se oars ek net safolle útsjes hat, se hat sûnt twa jier M.S. en de rolstoel giet dus ek mei. It wol Lukas wol oan dat se yn 'e takomst by har man weigiet en dat hy har fersoargje sil. Net ienris út leafde, want geandewei it boek wurdt dúdlik dat er it leafst syn eksfrou werom hawwe wol. Net út leafde mar út trou oan it ferline. Andrea is oars hielendal net sympatyk, se is hurd foar Lukas oer, se fynt him aardich en ynteger, mar saai. Sij is de reëelste fan 'e twa, en hat hielendal gjin dreamen (dat komt fansels troch har sykte) en wol it ferline net werhelje. Lukas wit noch likernôch alles wat der Doe barde en sein waard, en leaut dat Andrea syn libben feroare hat. Andrea is it hast allegearre fergetten en wie ferlichte doe't de affêre mei Lukas foarby wie. Wat moatte sokken in wykein derop út? De iene in eamelkont en de oare net sympatyk.
De haadtoan fan de roman komt del op it omtiizjen fan Lukas oer Doe en no, oer de beide froulju en de réaksje fan Adrea dêrop. Dreech omdat it sa troch giet. It dreamen heart ek sà by Lukas en net by Andrea dat, as der stiet dat er syn dreamskrift by him hat, ik as lêzer tink: meitsje it no net minder en lês dy dreamen foar, wurdst der noch belachliker fan ast al bist. Hy docht it ek net, hat it skrift yn it wykein al by him, mar Andrea is net ienris nijsgjirrich as se it lizzen sjocht. Dat him hieltyd mar kwetsber opstellen fan Lukas en dy almaroan nofteren hâlding fan Andrea, makket it in toer om oan te nimmen dat se it mei inoar úthâlde dêre oan de noardhollânske kust, en, noch sterker, dat se eartiids wat ynelkoar sjoen hawwe.
Der sit in omkear yn it ferhaal as de lêste nacht oanbrekt. Se hawwe dan hast twa flessen sjampanje op en Lukas docht lang om let syn ferhaal oer syn ferûngelokke bern. Dêr is al in pear kear op doeld en ik fyn it