Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 172] [p. 172] Frans Holwerda Dream As de jûn fallen is, de wyn belune, ast krekt sliepst, keart de hân dy't har taduts him om en fljocht der tearens út de hânpalm op. Dy tearens fljocht oer de stêd, oer de tsjustere bosken, oer de bergen, oer de streamen, oer de wegen, oer de doarpen. Dû dreamst, datst op reis bist nei eat dat hiel fier fuort is. En du komst oan by de greiden en geasten, mar dêr is al de earste dage fan de moarn en dû witst dat it gau ljocht wurde sil, dat de tearens werom moat nei de hân, dy't streakje sil, dy't drage moat en bouwe. [pagina 173] [p. 173] Yn de iere moarn sjochst dy hân, de keamer is ljocht, de wyn stekt op en sy freget ast fan har hâldst... neffens Rogi Wieg Vorige Volgende