F.S. Sixma van Heemstra
It aard fan 'e dream
En dit skriuwt de Redaksje fan Trotwaer yn it lêste nûmer: ‘De ûnwurklike aard fan de dream dy't net past yn ús wrâld dy't bol stiet fan nuchterens en doelmjittigens...!’ Wat nou? Sok sizzen tsjûget fan misbegryp, hat mjitte noch roai.
It dreamen, en allyksa it dreamtinken fan lju dy't oars de sliep wol út ha, is helte djipper en yngeander as dy sabeare werklikheid; benammen troch it weifallen fan it tiidsbesef; sa giet it tinken fan foar- en neiteam yn inoar oer, takomst en ferline ta ienheid omboud.
By it dreamen ferkeart men yn it ûnderbewuste, it lân dêr't Saturnus, of oars sein, Kronos baas is. Hy is it bern fan Himel en Ierde, mar dy beiden binne fan him út it ûnderbewuste ferballe. Foar de wraak hat er syn soan Jupiter earst opfretten, mar even letter troch in list fan syn oarehelte wer útspuid.
In selde sitewaasje set him troch yn it kristlik leauwe. Earst hat ús Heit yn 'e Himel syn soan deamakke, lykas Kronos syn soan Jupiter, út benaudens dat er foar master opslaan soe, wylst er dochs yn wêzen bleaun is mei help fan syn mem, de Hillige Marije. Sadwaande binne Jupiter en Kristus goaden dy't inkeld hearskje oer de wrâld dy't fêstsit oan it tiidsbestek. Keunst dy't dy namme wurdich is, moat dêr boppe út gean, sa moatte wy ús ynspiraasje weihelje by Saturnus. As men yn 'e keunst de heechste wierheid nei foaren bringe wol, dan moat der omtinken jûn wurde oan it dreamlibben dat yn it ûnderbewuste húsmannet.
Ien dy't dêr yngeand de klam op lein hat, yn 'e snuorje fan 'e earste wrâldkriich, wie André Breton. Oer him en syn wurk is no in útstalling geande yn Parys. Yn in taljochting op ien fan 'e útjeften fan syn Manifestes du Surréalisme skriuwt er yn 1916: ‘As der yn 'e djipten fan ús geast stille krêften wuolje, by steat om de fernimbere krêft folsleiner te meitsjen, of oars om hurd tsjin de macht fan dy krêft yn te gean, dan is it fan it aldergrutste belang om dy stille krêft te bemasterjen.’
André Breton beropt him datoangeande op 'e dreamteory fan Freud. Wy wolle leauwe dat, efternei besjoen, it wurk van C.G. Jung mear en better ynsjoch jout, mar dat wie yn dy tiid net sa bekend. Jung set mei