Tamme Hoekstra
Sykjen om in sfearbyld
Tamme Hoekstra (Surhústerfean 1951) is dit jier ôfstudearre oan 'e Akademy foar byldzjende keunsten Minerva yn Grins.
By him steane it skilderjen mei oaljeferve en de stienprinttechnyk foarop.
Syn ynspiraasje hellet Hoekstra út syn direkte libbens-, wurk- en wenwrâld.
Alhoewol't it wurk figuratyf is, dat wol sizze, in werkenbere foarstelling sjen lit, wol hy troch kleur en foarm in beskate sfear oerbringe.
Sa ûntsteane der portretten fan saken as huzen, skuorren, bisten en bytiden minsken. It giet nea om in perfekte likenis, mar om it werjaan fan dy sfear, dy't de keunstner field hat.
Krekt trochdat de bylden gjin eksakte likenis neistribje, wurde dy universeel en binne foar de taskôger net oan plak en tiid bûn. Dêrtroch jouwe de bylden romte oan de keppeling mei de eigen ûnderfining en wurde hja in stikje eigen wrâld.
I |
hûs
oaljeferve, 23 × 23 sm |
|
II |
reedrider
oaljeferve, 35 × 46,5 sm |
|
III |
buorkerij
oaljeferve, 50 × 65 sm |
|
IV |
hynder
lito, 20 × 30 sm |