| |
| |
| |
Sybren Sybrandy
Jo Smit en de dream
It is foar in part tafal dat dizze bydrage oer Jo Smit yn dit nûmer stiet. Nei it lêzen fan syn Bêste fryske ferhalen (Drachten, Friese Pers, 1991) yn de rige fan deselde namme wie ik al fan doel om oer dy bondel te skriuwen, omt my de ferhalen sa fris en eigentiids oankamen, al wiene se dan foar it grutste part sa'n tritich jier lyn skreaun. Nei syn ferstjerren bin ik earst mar begûn mear fan en oer him te lêzen. Fantasy en wurklikheid rinne by Smit gauris frjemd trochinoar, dat de dream is in goede ynfalshoeke foar dit stik, mar ek net mear dan dat. It tema fan Tryater foar dit jier is neffens Peter te Nuyl ‘de skyn fan de wurklikheid en de wurklikheid fan de skyn’: in moaie formule dy't gâns konfliktstof en dus stof foar ferhalen yn him hat, dêr't ek de tsjinstelling dream/wurklikheid by past. It oeuvre fan Jo Smit is oersichtlik. In bondel ferhalen, in detektive, in novelle, in bondeltsje persiflaazjes, in lang essay oer de Fryske literatuer nei de oarloch en in mannich essays en ferhalen yn De Tsjerne (sjoch de bibliografy). De measte bondele ferhalen binne earst yn dat blêd publisearre. Wa't it materiaal nei safolle jier nochris besjocht, fynt ek al gau út dat it aardich yn kaart brocht is, letterlik en figuerlik, û.o. yn in literatuerles en in lang ynterview mei Tiny Mulder (Hwer hast it wei? s. 115 e.f.)
| |
De ferhalen
Fan de 23 ‘bêste’ ferhalen út 1991 binne trettjin earder publisearre yn de bondel Bisten en boargers (1959), dêr't Smit yn 1963 de Gysbert Japicx-priis foar krige; de oare tsien binne foar it grutste part earder yn De Tsjerne ferskynd. Yn syn foarwurd fan 1959 seit de skriuwer dat de ferhalen foar him foaral betsjutting ha as eksperiminten yn taal en styl, wat net sizze wol dat de ynhâld der net op oan komme soe, sa stiet der fuort by, yn deselde sin. Yn it petear mei Tiny Mulder komt dat belang fan it eksperimint werom: ‘Myn skriuwdrift is net sa great en lichtwol makket it eksperimint it oantreklik. De ekstra swierrichheden dy't de foarm en it foarmjaen meibringe, forgoedzje hwat de skriuwdrift sitte lit’ (s. 119). It giet dan om in eksperimint as ‘boartsjen mei wurd en foarm’. Mar ek de ynhâld fan in ferhaal is in eksperimint: wêr draait it op út, hoe rint it ôf? ‘Probearrest in forskynsel út yn in troch dy skepen situaesje’, sa omskriuwt Tiny Mulder
| |
| |
Smit syn wize fan wurkjen, yn reäksje op Smit syn wurden ‘Hwat ik skriuw is foar in great part refleksje, gefolch fan libjen en tinken. Ik wol de forskynsels yn de wrâld graech in bytsje yn har forbân tinke. Ik mei der min oer, as ik net wit hoe't de dingen ynelkoar sitte. Dat is yn it foarste plak in yntellektuele bilangstelling, dy't út emosionele gewaerwurdingen wiis wurde wol. Dat bigryp krijt men op in stuit troch der utering oan te jaen en it op te skriuwen’ (s. 118). Efkes fierder wurdt dy yntellektuele belangstelling noch wat neier omskreaun: ‘... dat elke skriuwer yn lêste ynstânsje oer himsels skriuwt en oer syn wiffe forhâlding ta de maetskippij, de wrâld. Yn elk literair wurk sit in polemysk a priori, in “sich abfinden” mei de maetskippij’. Foar beide foarmen fan eksperimint jildt dat eksperimint betsjut útprobearje. ‘Ik wit wol hoe't it forhael ôfrint, mar it oare moat men oerlitte oan it momint, dat men de pinne op papier set. [...] Ik kin net skriuwe, as de spanning der foar mysels al út is.’ (s. 122)
| |
De wetten fan de fiksje
Fiksje, fantasy, dream, hja hawwe mei elkoar te krijen. Mannich ferhaal fan Smit soene jo ‘fantastysk’ neame kinne, yn de sin dat se it rasjonele wrâldbyld trochbrekke. Ek de fabels en mearkes kinne yn dat ferbân neamd wurde. It moarreljen oan de wurklikheid bliuwt meastal beheind ta ien of in pear oanpassingen, as giet it om in skiekundeproef dêr't by neigien wurdt wat der bart as ien fan de gearstallende dielen fan in stof feroaret, wylst de rest gelyk bliuwt. Sa is de oanpassing, of better sein, de ôfwiking, yn it earste ferhaal ‘Goud’, dat in jonge in gouden munt lizzen sjocht, syn foet der op set en dy foet der dan net mear ôf krije kin. It fierdere fan it ferhaal beskriuwt wat der bart by dizze útgongssitewaasje. Allegearre logyske gefolgen, oant en mei it gat yn it asfalt, dat op 't lêst wol ûntstean moat as de foet losseage wurde moat. ‘Inkeld it gat yn it asfalt is tsjûge dat alles beslist sa gien is as hjir ferteld is en neat dêrfan optocht’ is de slotsin. En yndied, sa hie it gean moatten, by dit útgongspunt. It is dus net mear in dream, alles is wier bard! Betingst is dat de lêzer mei de skriuwer fan deselde útgongssitewaasje útgiet, de foet dy't net los wol, yn dit gefal. Fierder moat dan alles klopje, binnen de eigen wrâld, dy't de skriuwer skept. De skriuwer trochbrekt it rasjonele wrâldbyld, mar jo kinne ek sizze dat hy syn eigen, yn himsels ek wer rasjonele wrâld der foar oer set. In pear foarbylden fan dizze yngreep yn de wurklikheid troch de skriuwer. Yn ‘Koart ferhaal’ mist in amtner foar it earst yn ienentritich jier syn trein en de gefolgen dêrfan, oant úteinlik de WAO (dat koe noch!), komme út dat ynsidint fuort. Yn ‘Om my te ferlossen’ giet it oer immen dy't krekt frijkom- | |
| |
men is út de finzenis en fan dat ferbliuw
in bij as freon oerhâlden hat. Wat binne de mooglikheden by sa'n frjemde kombinaasje? Yn it mearke ‘Werom de fûgels gjin kranten hawwe’ en yn de fabels kinne jo fan in soartgelikens prosedee sprekke: stel dat auto's prate kinne, lykas yn ‘Trije auto's yn petear’, wat soene se dan sizze? En dan docht bliken dat dizze trije auto's tige besteklik praat ha. Lang net alle ferhalen geane neffens dizze wurkwize, it is gjin manierke wurden. Der is gâns ferskaat. Der binne ‘sketsen’, sfeartekeningen lykas ‘Nijjiersdei’, ‘De man yn de doar’, en ek ‘sterke stikken’, dêr't wat nocht oan ûnnocht út sprekt, lykas ‘Kranteferhaal’, mei de pratende kat, en de ûnsichtbere ‘Bêdkwast’, it lêste in foarbyld fan Smit syn gefoel foar it bûtennatuerlike, ‘omt it natuerlike him sa'n bytsje seit’ (Hwer hast it wei? s. 133). Der binne ek de djipdollende stikken: ‘Renêssânse’, oer skizofreny en it graduele ferskil tusken der al of net oan lije, of it benearjende ‘Kearnenerzjy’.
| |
Dreame mei Smit
By it ferhaal ‘De bêdkwast’ hat Smit letter in ferfolch skreaun, ‘Nachtlibben yn lear’, of better sein, in ferfolchferhaal mei deselde haadpersoanen, dêr't ek mei safolle wurden yn weromwiisd wurdt nei it eardere ferhaal: ‘... mar do witst miskien dat der ek in fint west hat dy't der in ferhaal oer skreaun hat. Ja, “De bêdkwast” hjit dat ferhaal dat er skreaun hat. Skreaun, no ja. Hy hat it fan my, it is my wier oerkomd...’ (s. 45). In oar foarbyld fan sa'n pear ferhalen liket my ‘Yn petear mei de ljochte’ (dat tsjinne hat foar de bekende bondel mei deselde titel, ferskynd by de fiifentweintichste boekewike, yn 1967) en ‘Rein’, al steane se dan yn de ‘ferkearde’ folchoarder ôfprinte. De oerienkomst sit yn de namme fan de froulike haadpersoan, Syts, en it karakter fan de manlike paadpersoan, dy't allinnich yn ‘Yn petear’ in namme krijt: Gerryt Kamstra.
Yn ‘Rein’ giet it oer in skoalmaster yn hope dy't op sollisitaasjebesite sil foar master op in kristlike skoalle (hy hat it diploma godstsjinstûnderwizer en hâldt as it moat ek wolris in preek). Foar de besite giet er noch efkes nei de kapper en rekket dêr yn 'e sliep. Yn syn dream tutet er de hân fan syn Syts dy't him oanhellet, mar it is de hân fan de kapper... ‘Wie it dream, wie it wierheid?’ (s. 90). De sollisitant tinkt dat mei gauwens it hiele doarp hjirfan witte sil, besiket it earst by de kapper wat te behimmeljen, mar begrypt dat hy as homo gjin kâns mear ha sil en lûkt syn sollisitaasje yn.
Yn ‘Yn petear’ fine wy in âlde Gerryt Kamstra, tritich jier houlik mei Syts efter de rêch. Soms tinkt hy noch werom oan in ljocht famke út syn jonge jierren, dy't er
| |
| |
faaks dochs leaver hân hie as Syts. Op in jûn dat er allinnich thús is en dêr't er him in soad fan foarsteld hat, sjocht er, as er op bêd wol, heal yn 'e sûs fan drank en wurgens, yn syn bêd in frommes lizzen, it ljochte famke. ‘Alles, dêr't er in libben lang nei longere hie, waard him rynsk taparte... Doe foel er yn 'e sliep, dreamleas en djip’ (s. 70).
Wat my yn beide ferhalen opfalt is, dat it wurklike libben mar in fasade is, mar skyn, wylst Gerryt Kamstra syn wiere fielen allinnich mar plak hat, hawwe kin, ek hawwe mei fan himsels, yn de dream of yn in dreamtastân. De wurklikheid is skyn, de dream is de wurklikheid. Yn ‘Rein’ hat de nei bûten ta sa eptige en fromme skoalmaster yn hope eroatyske dreamen oer syn Syts, yn ‘Yn petear’ is der inkeld de bûtenkant fan in goed houlik.
Yn it slot fan ‘Yn petear’ set Smit skyn en wurklikheid noch skerper foar inoar oer: as Gerryt wer wat wekker wurdt - nei de oerhaal of soksawat - sitte Syts en dochter Koba oan syn bêd. Hy praat mei de ljochte noch nei oer de ôfrûne nacht dy't sa prachtich wie, mar Syts tinkt dat syn wurden foar har binne. ‘It hat goed west’, sei er ienfâldich... Grutsk en oandien seach de mem har dochter oan'. (s. 71)
Yn beide gefallen reitsje dream en wurklikheid inoar: de hân fan Syts is de hân fan de kapper, de wurden fan Gerryt foar de ljochte faam wurde troch Syts ferstien en op harsels tapast. Gauris passe lûden fan bûtenôf yn de dream dy't immen hat; Smit hat dat hjir wer krekt oars útwurke.
Moatte wy der hjir no oer gear hoe't Smit tocht oer homofily? Yn it essay ‘As Gods seine der mar op rest’ skriuwt Smit oer it Oedipus-kompleks en oer memmebiningen yn Fryslân. Hy komt dan nochris op ‘Rein’: ‘Der besteane hiel hwat dingen dêr't de mienskip ré foar is de eagen ticht to knipen, mar dêr't hja net fan wol dat oer praet wurdt. Ik haw dat persoanlik fornommen doe't ik yn in forhael de homofily - né, dat net iens, inkeld it taboe op de homofily - ynfierde en guont my fortelden dat soks net ta de goede smaek hearde. “Rein” hie ik dat forhael neamd, mei dûbele bitsjutting, mar it wie somlike letterkundigen dochs net reindernôch’. (Tsjerne, 20, s. 306).
It liket my earder ta dat dizze ferhalen wat sizze oer hoe't Smit oer kristenen, teminsten it soarte dat hy benammen yn ‘Rein’ beskriuwt, tinkt. (Yn ‘Yn petear’ stiet earder de boargerlike benyptens op de foargrûn.) Nei bûten ta de skyn ophâlde liket ommers sokken fakentiden it grutte gebod te wêzen, dêr't de hiele wet fan de tsien geboaden yn gearfette wurde kin.
| |
De grinzen fan de fiksje
Smit soe gjin eksperimintearder wêze as er
| |
| |
ek net útprobearre hie hoefier't er gean koe mei it trochbrekken fan de wetten fan de fiksje. De skriuwer skept in wrâld yn wurden, en wol dat de lêzer leaut yn dy wrâld. De persoanen dy't de skriuwer skept, moatte as it goed is in eigen libben liede. Yn ‘Mingd berjocht’ trochbrekt Smit dizze konvinsje. De skriuwer stapt sels foar it ljocht, ferriedt himsels as de man efter de poppekast, dy't de poppen yn beweging set. Wêr leit lykwols de grins, as de poppen ien kear yn beweging binne? Kin de skriuwer se noch wer stilsette? ‘En wêrom docht de skriuwer neat? Mar dy docht alles wat er kin. Hy hat de saak op gong brocht, dat is syn skuld dêr't er nachts om wekker leit, mar hy wol it sa graach beswarre.’ (s. 146). Yn it petear mei Tiny Mulder wurdt dit ferhaal as ynspiraasjeboarne foar Trinus Riemersma syn boek Minskrotten/rotminsken (1966) neamd. ‘De skriuwer as in hwat tragyske god, dy't mei syn persoanen omheinderballet en dêrtroch skuldich stiet en lije moat. Dat komt wol aerdich út yn Minskrotten’, (s. 131). Smit praat dêr nuânsearre oer it skriuwerskip: ‘de skriuwer sit hieltyd tusken twa fjurren: syn formogen om syn persoanen ta to parten hwat er wol én de autonomy fan it forhael dat syn wegen giet.’ (s. 132).
Uteinlik giet it hjir om morele kwestjes. Ek de moraal is eksperimintearfjild yn Smit syn ferhalen. In goed foarbyld is ‘Kaën wurde hiel âld’. De ka docht fan alles wat syn ‘baas’ (dy't neat oer him te sizzen hat) folslein ôfkart, mar dochs mei sympaty acht slacht (s. 105). ‘Hja wolle it ferkearde en hawwe har oanhing ûnder wa't it goede sykje en harren dochs yn 'e grûn bewûnderje. Dy't tinke: yn it lyts is alles aardich’ stiet dêr oer de kaën. Ek hast wer in skiekundeproef: hokker doasis fan it ferkearde, fan it kwea, kin noch lije?
Gjin niget - sis ik noch yn it foarbygean - dat Jo Smit aardichheid hie oan it wurk fan dy oare grutte eksperimintearder, Van der Leest, en meidien hat oan de rige lêzingen oer him, dy't publisearre binne yn Trotwaer, jrg. 16.
| |
De essays
Yn de essays is Smit syn stribjen itselde as yn syn ferhalen: klearrichheid besykje te krijen oer ferskynsels. ‘It is tinken - foar josels - mei de pinne, dat men sels better ynsjoch kriget’ (Hwer hast it wei s. 129). Dy klearrichheid is mar foarriedich. ‘De wierheid yn in essay is in momintopname, in aspekt. Ik wit bêst, dat der mear kanten oan de saek binne, mar it moaije fan it essay is, dat men ien kant sjen litte kin, en dat men - wûnderlik genôch - dêrmei dingen op it spoar komt, dy't ek wier binne, njonken oare, mar dy't men oars oer de kop sjen soe.’
Al hoe relatyf in momintopname wêze mei,
| |
| |
Smit hie wol syn oertsjûging, fansels, benammen as it oer ‘modern proaza’ giet. By it sympoasium oer de Fryske roman, hâlden op it Farrend kongres fan de Fryske Akademy yn 1963, grypt er werom op syn eardere essay mei dy titel, omt er it ‘hieltiten noch mei himsels iens is’. Ik jou hjir Smit syn, op guon punten wat útdaagjende, stellingen nochris folslein wer, yn de hope dat guon lêzers har útdage fiele ta it lêzen fan de essays:
‘1. | Tous les genres sont bons, hors le genre ennuyeux (Voltaire). |
2. | Hwat forfeelsum is wurdt net yn it foarste plak biskaet troch technyk en styl, mar troch de ynhâld. |
3. | Hwat dat oangiet hawwe journalisten en psychologen de tradisionele romanskriuwer út it sté krongen. |
4. | Epyske beskriuwing en psychologyske ûntjowing romje as ynhâld it plak foar ethyske projeksje. |
5. | Lyk op hjirmei wurdt de auteur as yllusionist forkrongen troch de auteur as eksperimintator en demonstrator. |
6. | Bihalven troch de ynhâld wurdt de technyske frijheit biskaet troch de tanimmende needsaek nijsgjirrich en ûnderhâldend to wêzen. |
7. | Njonken de ethyske roman komme der greatere kânsen foar it tsjinoerstelde: it mearke, dat de ôfwêzichheit fan ethyk bitsjut. Beide soarten kondisionearje elkoar: de earste jowt de technyske mooglikheden foar de oare; de twade de materiéle bitingsten foar de earste soarte.’ (Tsjerne 18, s. 401). |
| |
Beslút
Mei wisse halen jout Smit syn fisy op wat literatuer op syn bêst is, al rommet er - myld dat er is - ek plak yn foar literatuer as konsumpsjeguod. ‘De hichtpunten kinne inkeld bistean yn in lânskip mei gâns leechlân mei inkelde hulten en bulten’. (s. 407).
Yn syn berop fan haad fan de ôfdieling sprutsen wurd fan de VARA moast Smit fansels it hiele kulturele libben oersjen kinne. Hy wie ek, lykas Goffe Jensma dat sa treffend sein hat fan Halbertsma, ‘in man op 'e drompel’, dat wol sizze, hy hie each foar wat him binnendoarren, yn Fryslân, ôfspile likegoed as foar de wrâld bûten. Fryslân wie him net te lyts, mar it wie ek net syn alles, uteraard. Yn syn essays jout er in rom eachweid, yn de hope dat it ek it eachweid wêze sil fan de Fryske literatuer. In fisioen, of net mear as in dream?, om marris yn styl te besluten.
| |
Bibliografy
Wurk fan Smit:
- | Sûnder sûker. Novelle.
Drachten, Laverman, 1956. |
| |
| |
- | Bisten en boargers. Ferhalen.
Drachten, Laverman, 1959. |
- | De Fryske literatuer 1945-1967.
Essay. Ljouwert, De Tsjerne, 1968. |
- | Stôk en ballen. Blomlêzing fan biljertpoëzij foar it Fryske folk. Eigen behear, 1970. |
- | De bêste fryske ferhalen.
Drachten, Friese Pers, 1991. |
- | Fierder wurk yn it Skylgersk en oer Skylge. |
Essays yn De Tsjerne (ôfsjoen fan stúdzjes oer Cor Reitsma en Teatske Alzum):
- | ‘Ieu fan it bern - bernske ieu.’ 14 (1959), s. 81 e.f. |
- | ‘Oer eksperimintele poëzij.’ 14 (1959), s. 21 e.f. |
- | ‘Modern proaza.’ 15 (1960), s. 207 e.f. |
- | ‘Dit sil jimme it teken wêze.’ 17 (1962), s. 14 e.f. |
- | ‘Trijelûd yn it Wetterlân.’
(mei Y. Poortinga en K. de Wit). 18 (1963), s. 395 e.f. |
- | ‘Goede smaek as kritearium.’ 19 (1964), s. 313 e.f. |
- | ‘Danse macabre’ (reäksje op Inne de Jong, ‘Goede smaek en noch hwat’, 19 (1964), s. 426 e.f.). 20 (1965), s. 125 e.f. |
- | ‘As Gods seine der mar op rêst.’ 20 (1965), s. 299 e.f. |
Oer Smit: û.o.:
- | Lolle Nauta, ‘Eksperiminten yn skuld.’
Yn: De Tsjerne 15 (1960), s. 149 e.f. |
- | Tiny Mulder, Jo Smit *1916.
Yn: Hwer hast is wei?
Drachten, Laverman, 1971, s. 113 e.f. |
- | Tineke Steenmeijer-Wielinga, Jo Smit (1916). Tekst en utlis.
2e pr. Ljouwert, AFUK, 1989. |
|
|