Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 151] [p. 151] Jan Bilker Ut 'e dream wei Asto no nó fan 't bêd ôfkomst komst troch de keamer troch de gong dyn gong noch licht asto no hjir de doar útgiest oer giele stien it paad delrinst de eagen ticht asto no stil fiif tellen stiest of seis of sân iepen de eagen omheech 't gesicht dan skuort de sinne út syn wale in wylde lôge oer dyn tún in blyn gedicht. [pagina 152] [p. 152] Moeting Ik seach dy dizze simmer trijeris fjouweris ik seach dy sasto wieste doe en ienris ik moete dy yn wenen lyts en leaf en yn it park fan kassel blier yn bûnte klean ik fong in glimp op fan dyn antlit op merano's blommemerk ik folge dyn ûnneigeanber trintsjen op ôfstân oan 'e bodensee [pagina 153] [p. 153] mar neier koe 'k nea komme woe 'k nea komme omt ik wiste yn 'e konfrontaasje soe brekke it broazel oerflak fan dizze illúzje midstwa de dream dochs wol toevje. [pagina 154] [p. 154] Dizze nacht Bitter swiet de dream dizze nacht om my deun by my wiest my in dream de oeren dêrnei sa liddich oerstjoer as it wieljend waad bûnzjende bitterswiete ûnrêst fan myn hert. [pagina 155] [p. 155] Lêste fersyk lit my no los 't is ommers tiid om nei hûs te gean en is de dream net út? dy dream sa lang salang't dy dream mar duorret nimt er willemoeds de rêst bern lit my gean want bliuwt dyn doar net ta? ûnbegryplik hurd giet er my nea wer iepen. [pagina 156] [p. 156] - - - - Dream ferline dream noflik is it my te driuwen op 'e weagen fan foarby bylâns it gea fan hjoed nei moarn ferjitte nea en sjonge oer de groede fan weeën hinne driuwe allinne dream ferline ferline dream Vorige Volgende