er deselde swarte swimbroek oan. Kreas wie er net en frijwat meager, mar syn folslein allinnichwêzen fûn ik fassinearjend.
Ik hie in stikmannich foto's fan him makke. Sjoerd woe dat eins net lije, mar ik hie it dochs dien. Letter mochten de foto's wol yn it album om't er se as oantinken wol moai fûn.
Doe't de bus stil hold yn Andrys syn doarp wie ik de iennige dy't útstapte. Andrys woe graach ticht by de natuer libje, mar dêr like my yn 'e winter net folle oan. It waaide fûl, it wie kâld, wiet en it paad nei syn hûs wie glysterich troch de ôffallen blêden.
Der wie meast âlde kunde: Rikele, Maeike, Liuwe, Simen fansels, Bindert en Els, Lútsen. Mei de measten hie ik, sa die bliken, net folle oars te bepraten as Sjoerd, ús nij hûs, it wurk. It âlde gefoel wie der net mear. Miskien wie dat al langer fuort, mar dy jûns fielde ik in ofstân, krekt as wie ik der tafallich telâne kommen.
Tom kaam letter. Jierren wie it no al wer lyn dat wy in skoft tegearre west hienen en elke kear hie ik it slim fûn om wer mei him te praten. Hy hie doedestiids der wolris in oaren by en dat hie my sear dien. Ik hie it dêrom útmakke, foar him hie dat net hoegd. Fansels wie er op 'e hichte.
‘Dizze hast klemriden, hear ik. Grif ek tegearre in hypteek?’ Hy lake. Ik hie fan him gjin oar praat ferwachte. Hy koe myn ferlangst nei fêstigens en lykwicht net begripe. Hy fûn it kliemsk. Ik sei mar neat.
‘Noch altyd in romantikus, ik sjoch it wol. Do wist no dochs wol hoe't it giet. Yn it earstoan is it geweldich, mar stadichoan wurdst wekker út 'e dream en dan kinst gjin kant út. En hy wurdt keal fansels.’ Hy seach nei myn hier, mar der wie noch neat mei te rêden.
‘Bisto noch mei dy jonge mei dat burd? Hoe hiet er?’
Hy seach nei syn fleske bier en skodholle. ‘Bistn't wiis! Hy woe ek tegearre in hûs keapje, mar ik doch net oan nesseljen. Nei twa wiken flean ik tsjin de muorren op.’
It soe alles stikken meitsje, sei er doedestiids tsjin my. Ik koe my dat mei Sjoerd net yntinke. Dy hie ek al sa lang socht nei sa'n ien as ik.
‘Dy jonge, dêr, kinst dy?’ Hy wiisde mei syn fleske.
Fansels wist ik net wa't it wie, mar ik hie der wol aardichheid oan om te sjen oft de jonge him ek helterje liet. Eartiids hie dat wol oars west. Dan waard ik sa jaloersk dat ik gjin wille mear hie en wiken lang stume.
‘It slimste fyn ik it boadskipjen,’ hearde ik mysels sizzen. It wie let, de rutewiskers makken in heislik leven en ik wie fansels net botte helder mear.