Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] Syds Wiersma De dream fan Nebûkadnessar It binne de lju mei de gouden hollen en mei de skonken fan izer en klaai, dy't yn ús wrâlds geheimen klauwe en dolle, har spanne litte foar it ljocht fan ien dei. Wannear god brûkst it brekizer, de slaai en sil dyn stien har op 'e skonken falle, dat gouden grutmanspraat opstoot ta stof, en elk dy't noch wat earme wurden wit fan lof de stien beklimme kin dy't waanwiisheden trof? Frij nei Daniël Vorige Volgende