Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 136] [p. 136] Jan Dotinga Foar fjirtich jier Werklikheid Dy't hja him droegen hie Ferskynden achtrisom yn 'e stilte Ien each ien eangst Heit tichteby wie fierderôf as ea Doe't er de namme neamde dy't him Dierber wie as frou Syn mûle hie har út 'e wurden helle Syn mûle loek har by us wei De keukenstrep wiisde Yn in donker gat Jûns ûnder iten slagge in hege Namme yn wat waarmte [pagina 137] [p. 137] Dream Hja riisde oerein ynienen Wilens naam hja in glimkjen mei en Treau har skonken oer de planke Alle ferlamming ferdwûn Har fuotten bemeaten de keamer Har hannen laken nei de bern Yn har nachtpon skôge se it Nijboude bûthús en fierde mei heit En ús de opstanning Vorige Volgende