nijs. Mar de keunst is de kommersjele ûntjouwing altyd in stap foar. De klean fan de keizer wurde troch marketing-minsken yn hieltyd oare kleuren op 'e merk brocht en wy litte ús meinimme yn 'e tsjoen fan it saneamd nije. Yn 'e wrâld fan 'e keunst kin soks net. De histoaryske kennis fan it metier is hjir folle grutter. De deskundige kin fuortdalik in Mozart-tema of in Rietveldstoel werom. Men lit jin yn dy wrâld net foar de gek hâlde.
Sa't marketing-minsken de dream by ús oproppe fan in takomst mei prachtige reizen, beroppen, huzen, de moaiste elektroanyske apparatuer, sa is de tiid nei it modernisme foar de keunstner in tiid fan mankelikens. Wy sjogge dat yn it weromfallen op âlde foarbylden, it grutte omtinken foar skiednis, it oplibjen fan de biografy: de foarbylden wurde fan it ferline liend om't it hjoeddeiske tinken en it omsetten fan dat tinken yn byldmateriaal of yn in literêre wrâld, sa't it skynt, minder opsmyt as it parafrasearjen op âlde tema's. Net dat soks foar alle keunstfoarmen jildt, mar it is wol sa dat yn 'e resepsje fan keunst eat ûntstiet fan: wol aardich, mar ik haw it wolris better en moaier sjoen. Koart sein: it besykjen om orizjineel te wêzen is wat langer wat mear in paradoksale bezichheid: wat mear de keunstner him útslovet om wat nijs te finen, wat mear er ferlike wurdt mei wat west hat. En dy ferliking falt eins altyd yn it foardiel fan it ferline. Dat is in gedachte fan it postmodernisme. Dêrmei is de dream dat yn 'e keunst noch heel wat nijs út te finen is, foargoed fan gichem rekke.
Hiel goed fynt men dat werom yn in postmodernistyske film fan Walter Nekes.
Nekes is in Dútsk (of Eastenryks) byldzjend keunstner. Hy hat besocht it post-modernisme stâl te jaan yn 'e foarm fan in film. It is in kâlde, gefoelleaze film wurden. As men lykwols goed sjocht en heart, sprekt in grutte weemoed út de taal en de bylden. It begjint fuort al by de titel. Nekes seit: Wat soe ik noch oan nijs betinke moatte? Dêrom kies is mar foar in âld tema en in besteande titel en parafrasearje dêr op, lykas yn 'e muzyk. Hy neamt syn film Ulyssis en hy grypt mei dy titel werom op James Joyce en docht itselde as wat de Ierske skriuwer ek die: weromgripe op in foargonger. Joyce liende nammentlik fan Homerus en dy syn Odysseus. It is in mooglikheid om oer âld materiaal of bylden fan eartiids op in nije manier nei te tinken, om se yn ferbân te bringen mei de tiid fan no en te sjen hokker plak se no noch ynnimme kinne.
Nekes syn oersetting nei dizze tiid leveret in produkt op dêr't in protte yn praat wurdt, mar dêr't de minsken amper kontakt meiinoar hawwe. It folgjende byld is yn dit fer