[Nummer 4/5]
By dit nûmer
Hjir hawwe jo, lêzer, it Dreame-nûmer yn hannen. Hooplik fine jo it echt in dream fan in nûmer, in dreamnûmer dus.
Died en dream binne faak as tsjinstelling troch de dichters besongen:
‘O, hoe fier fan it libben, it sterke,
Hat, dichter, dyn wei dy laet,
Ast' sa yn 'e dream forsonken
Dy loaikjend deljowst yn 't skaed!’
skriuwt Obe Postma yn it fers Dream en libben. Neffens oaren is it libben in dream en moatte jo de realiteit oars sykje. Der sil ek wol wat fan moade by wêze. Wa't H.S. Visscher syn Dromen in de moderne Nederlandse poëzie trochnoasket, krijt it idee dat der sa oant 1950 mear dreamd waard as op 't heden. Oft de Fryske poëzij mei de Hollânske lykop rint yn dit stik fan saken, bliuwt ek nei dit nûmer noch in iepen fraach. Der bliuwt dus noch wurk te dwaan.
De redaksje