| |
| |
| |
Trioel
De ynfloed fan Trinus Riemersma op de literêre oardielsfoarming
Sneintemoarn 2 juny 1991 komt in man mei syn frou by my te kofjedrinken. De man is 39 jier âld, akademikus en ynteressearre yn alles wat Frysk is, dus ek de Fryske literatuer. It is in evenredich man. Ik achtsje him heech. Wy jeuzelje mei ús trijen gesellich op de dingen fan it libben om. Hoe giet soks? De man bringt myn skriuwerij te praat en al gau docht dan bliken dat er yn syn literêre oardiel blynseach te seil giet op wat Riemersma him yn artikels en lessen foarkôge hat.
‘De roekkat is in oerstallich boek’, seit de man. ‘Riemersma hat dat yn Trotwaer skreaun. Do skriuwst soms wol in goed gedicht. Dêr soe ik my fierder mar ta beheine.’ Dat seit de man dy sneintemoarns en dat skriuwt Riemersma yn Trotwaer 1986, nr. 4/5. Ik bin stadichoan wend oan reaksjes dy't folslein identyk binne oan it oardiel fan Riemersma en hear ek dizze kalm oan. Nim bygelyks de lêste kear dat ik op it Literêr Histoarysk Wurkferbân wie. Dêr wie in persoan dy't my fan de oare kant de tafel dronken, smoardronken, mei sitaten út artikels fan Riemersma om de earen sloech. In jong studintsje oan de ein fan de tafel sei wat letter yn deselde gearsit: ‘Wat moat ik mei dy kritiken fan Anne Wadman? Trinus Riemersma sines, dêr ha je wat oan.’ Riemersma siet der by. De dronken man waard der net út set troch de foarsitter. Ik haw dêr sûnt noait wer west. Yn sa'n stúdzjerûnte hoech ik net te ferkearen. De tydskriften Hjir en Trotwaer wurde befolke fan Riemersma-epigoanen. Kritisi beroppe harren op útspraken fan Riemersma, bygelyks Sybren Sybrandy yn in besprek fan goed twa siden op twa romans fan my (Trotwaer 1991 - 2). De jierren tachtich haw ik al dizze ûnsin glimkjend oer my hinne gean litten. Der stiet genôch foaroer. Al dy minsken hawwe blykber net it fermogen om selsstannich ta in oardiel te kommen.
Werom nei myn kofjedrinker, dy ridlike man, in type om befreone mei te wurden. Dêrom gean ik op syn wurden yn: ‘Riemersma fynt De roekkat in min boek, mar wêrom fynstó it in min boek?’ Syn antwurd is eins ferbjusterjend en foarmet as in soarte fan lêste drip de oanlieding ta dit artikel. Hy seit: ‘Ik fyn it min omdat Riemersma skreaun hat dat it min is. Hy hat goede ar- | |
| |
guminten brûkt.’ Myn kofjedrinker sjocht my trouhertich oan, der is gjin kweade opset yn syn eagen te bespeuren.
Doe't se fuort wiene, tocht ik by mysels: sa kin it net langer. Men is op 't lêst gjin boargemaster dy't leafst wat diplomatyk manoevrearret, gjin konservator fan it FLMD dy't by foarkar eltsenien te freon hâldt. It giet der my net om minsken dy't op eigen manneboet ta in negatyf oardiel komme oer myn boeken, op oare gedachten te bringen. Dat soe in bespotlike motivaasje wêze. It giet der ûnder oaren om de Riemersmaferearing wêrby't de man yn beskate rûnten ta benei mytologyske proporsjes opblaasd is, oan de oarder te stellen. Riemersma syn artikel oer De roekkat mei dan hast fiif jier âld wêze, it blykt noch altyd aktueel foar bepaalde figueren, dêrom gryp ik dêr op werom. Ik skriuw dus perfoarst gjin antikrityk. Dan hie ik gjin fiif jier wachtsje hoegd. Myn reaksje jildt ek net yn 't foarste plak de ‘krityk’ fan Riemersma, al kin ik der net foarwei der soms út te sitearjen. mar de epigoanen dy't har op de doele bringe litte troch in kritikus dy't himsels noch it meast foar de gek hâldt. Wêrom dochs dy ferblining en kritvkleaze adoraasje? Hoe komt it dat safolle har in rêd foar de eagen draaie litte? It antwurd is: troch it polemvske karakter fan Riemersma svn skriuwerij. De polemyk is by útstek it literêre sjenre dat gebruk makket fan de stylfigueren irony en sarkasme. Gjin literêr sjenre dat sa út is op effekt. Dat easket in goede styl. Riemersma is in prima polemist, dat sjenre behearsket er as gjinien yn Fryslân. It giet yn in polemyk dus net yn 't foarste plak om arguminten, mar om it effekt. De gevens fan de argumintaasje wurdt opoffere oan it effekt op de lêzer dy't spytgnysket of lulk wurdt nei oanlieding fan wat de polemist skriuwt. In polemist stimulearret de skriuwer net, hy likwidearret de skriuwer dy't in tsjinstanner is, om net te sizzen, in fijân. Polemos betsjut oarloch.
Riemersma jout der in sprekkend foarbyld fan. Hy skriuwt: ‘Abma skriuwt soms wol goede gedichten. Dêr soe er him fierder ta beheine moatte.’ Dat is in destruktyf advys fan kollega-skriuwer Riemersma dy't my as tsjinstanner, fijân, konkurrint likwidearje wol as proazaskriuwer. In konstruktyf-kritysk advys hie west: ‘Miskien silst it wol noait leare, mar doch it tenei sa en sa, besykje dat alteast; gean yn alle gefallen troch.’ Dat Riemersma polemyske prinsipes hantearret yn syn kritiken, hat, mei't oare minder talentearre skriuwers him dêryn folgje wolle, in negative ynfloed op it literêre klimaat yn Fryslân. Hy docht soks boppedat útsoarte net allinne mei boeken fan my. Tink oan in besprek op in boek fan Baukje Miedema.
| |
| |
Op Fabryk en miskien Hjerst yn de Ardinnen nei binne ek syn romans nochal polemysk. Dat makket dy romans wol lêsber, mar ynhâldlik hawwe se net folle om 'e hakken. Dat Riemersma de polemist úthinget yn syn romans moat er sels witte. It makket de boeken ta kontemporêne fenomenen dy't mei syn eigen dea har tiid wol hân hawwe. Dat yn tsjinstelling ta bygelyks de romans fan Anne Wadman, dy fan Steven de Jong en it proaza fan Hessel Miedema. It is net om 'e nocht dat Riemersma as skriuwer útblonk yn De kul, dat orgaan dat stiif stie fan de polemyk.
As kritikus docht de polemist Riemersma it fan him te besprekken wurk ûnrjocht. Ik sil dat fierderop mei foarbylden oantoane. As dosint Frysk rjochtet Riemersma nochris ekstra ûnheil oan. Studinten geane op syn oardiel te seil sûnder yn 'e gaten te hawwen dat se ynstee fan mei in yntegere kritikus mei in polemist yn see geane. Ik gean der net fanút dat Riemersma sa fyn ynlein is dat er dat sels trochhat. Hy trapet mei al dy oaren yn de fâle fan syn eigen ferkringing. Wat ik dêrmei bedoel, kom ik op werom. ‘De psychologyske roman is überhaupt foarby’, skriuwt Riemersma yn de tredde rigel fan syn besprek op De roekkat. Dat is in typyske polemyske premisse. Want, is der oait grutter ûnsin, mear literatuerfijannigens yn in literêr tydskrift ferkundige? As dat wier wêze soe, wat soe der dan noch oan literatuer oerbliuwe? In pear nammen: Wadman, Steven de Jong, Josse de Haan, Jetske Bilker, Baukje Miedema, Hermans, Mulisch, Wolkers, 't Hart, Van het Reve, Bellow, Irving, Styron, Hesse, Claus, Böll, Grass, Mann, Sartre, Camus ensfh. ensfh. Op dit momint soe men Riemersma syn ‘krityk’ litte moatte foar wat er is: Quatsch = klets, sotteklap, modder, brij; ûnnoazel, dom, sleau. Mar nee, wy lêze troch, want de geve stilist Riemersma fan wa't wy net yn 'e gaten hawwe dat er ús yn syn krityk in polemysk rêd foar de eagen draait, lûkt us mei yn it sok fan syn betsjoenende moaiskriuwerij. Boppedat wurdt it artikel ús presintearre as in literêre krityk. Wy, stadichoan mear yn 'e besnijing, bewûnderje de man om hoe't er it sizze doar. Wat in kritikus! Der bliuwt gjin splinter fan it besprutsen wurk, en noch moaier, fan de skriuwer hiel.
Oait haw ik yn in besprek fan in bondel fan Steven de Jong skreaun oer affiniteit mei it te besprekken wurk. Dêr hat Piter Boersma op in my mislik meitsjende wize yn Hjir op reagearre. Ik bin der doe net op yngien, want oan safolle dommens en ûnwil woe ik myn enerzjy net fergrieme. Yn it ramt fan dit artikel kin ik der net foarwei en kom noch in kear op it begryp affiniteit werom.
| |
| |
Fansels betsjut it net kritykleazens. Allinne in ferbjusterjende lêsdommens koe it sa opfetsje. Ik skriuw nochris: in skriuwer / dichter hat rjocht op in konstruktive krityk, ridlik en evenredich fan toan, skreaun mei krêft fan arguminten en fral ûnbefoaroardiele. In foarbyld fan sa'n krityk is dy fan Jelle Krol op It byldsje yn de L.C. fan 23-9-'88. De polemist lykwols kin sokke kritearia net brûke, it giet him om hiel wat oars. It te besprekken wurk is dêrta mear middel as doel. Riemersma hat gjin inkelde affiniteit mei it boek: hy leaut net yn de psychologyske roman, mar besprekt him wol. As polemist kin er him útlibje en it resultaat is der dan ek nei. (It soe my gjin nij dwaan as Riemersma muoite hat mei it besprekken fan wurk dat er posityf wurdearret. Hy moat dan soldaat-polemist ôf wurde en dy rol leit him net.)
Riemersma as strider op it slachfjild fan de polemyk. Ik sil aanst in pear foarbylden jaan fan de bespotlike gefolgen dy't soks hat foar in geve krityk. Earst moat ik noch wat kwyt oer myn psychologyske optyk en Riemersma sines.
Foar de measten in iepen doar, hoopje ik, mar it liket net oerstallich it dochs mar eefkes te neamen.
1. | It is myn oertsjûging dat de minske behalven fan syn oanlis ek foarme wurdt troch it fermidden dêr't er yn opgroeit. Yn in psychologyske roman moat dus de ynteraksje tusken oanlis- en miljeufaktoaren beskreaun wurde. |
| |
2. | In folwoeksene herhellet ûnbewust in hiel soad fan wat er as lyts bern field hat oan bygelyks eangsten, agressy en skuld. Gefoelens fan eangst, agressy en skuld wurde meast ferkrongen, mar dêrmei binne se net fuort. Se binne fan ynfloed op ús hanneljen sûnder dat wy dat yn 'e gaten hawwe. Wêr mooglik moatte herhellings dus beskreaun wurde (bygelyks personaal as in romanpersonaazje ta in bewustwurding komt. Auktoraal binne der gjin problemen, want de ferteller wit alles.) |
| |
3. | Lyksoartige gefoelens wurde keppele oan lyksoartige situaasjes en persoanen en soartgelikense situaasjes en persoanen roppe soartgelikense gefoelens op. |
| |
4. | In minske hat dus in reservoir fan ûnbewuste gefoelens dy't ûntstien binne yn de iere bernejierren en ferkrongen wurde, mar lâns in omwei fan ynfloed bliuwe op ús hanneljen. Om dy gefoelens ûnder de kwint te hâlden, binne der ôfwarmeganismen as
|
| |
| |
| projeksjes, rasjonalisearring, twangmjittigens en perfeksjonisme. Nettsjinsteande de sensors fan it djiptereservoir komme djiptegefoelens omheech yn de foarm fan symptomen fan bygelyks eangst, agressy en skuld. Mei oare wurden, de ûnbewuste gefoelens ferklaaie har yn deistige symptomen. David H. Malan bringt dat yn skema mei in trijehoeke op 'e kop: yn de ûnderste punt sitte de ferkrongen ûnbewuste djiptegefoelens; rjochtsboppe de ôfwarmeganismen en loftsboppe de symptomen dy't manifest binne. In histoarysk foarbyld: in Amerikaanske frou fiert in kampanje (ôfwar) tsjin alles wat sy ûnseedlik fynt. Se krijt lêst fan agorafoby (symptoom). Uteinlik docht bliken dat se sels sa geil is as bûter en fertard wurdt fan langstmen (djiptegefoelens). In polemysk foarbyld (dat dit gjin krityk is hat de lêzer ûnderwilens wol troch. Ik hantearje hjirre dus frijút de polemyske prinsipes dy't ik foar de literêre krityk fersmyt). In marksistysk oriïntearre skriuwer is slim dogmatysk (ôfwar: dogmatisme). Hy skriuwt polemiken (symptoom fan agressy en middel fan agressyregulaasje). Yn syn bernejierren is er kalvinistysk (dogmatysk) grutbrocht. It kalvinistysk dogmatisme hat him by de skriuwer ferklaaid yn in marksistysk rasjonalisearjend dogmatisme en yn perfeksjonistysk en twangmjittich gepiel mei literêre ûndersykskema's dêr't punten en komma's it wichtichste ûnderdiel fan útmeitsje. Wat sit der by dizze skriuwer yn de djipte? Fansels: eangst en agressy komplisearre fan skuldgefoelens, mar presisearje kinne wy dat net, omdat de man stiif stiet fan de ferkringing. Hy stiet himsels gjin yntrospeksje ta, lit stean in yngeande analyze. Hy stiet it ommers romanpersonaazjes ek net ta. |
Djiptegefoelens moatte dus beskreaun wurde sadree't der sprake is fan mar in glimp fan bewustwurding omdat se sa bot fan ynfloed binne op it hanneljen fan it yndividu. Riemersma moat fan it boppesteande hielen dal neat hawwe. Hy leaut net yn it bestean fan ûnbewuste driuwfearren fan ús hanneljen, dat wol sizze ûnbewuste ympulzen en refleksen. Hy leaut dus net yn it bestean fan djiptegefoelens. Hy fersmyt dan ek in analytyske beskriuwing fan intrapsychodynamyske prosessen. Riemersma is stykjen bleaun yn it oerflakkich empirisme fan in pear autoriteiten út de jierren santich, bygelyks Popper en Adorno. Op ûnderdielen ha dy beide wittenskippers in hiel soad aardichs nei foaren brocht, mar in dogmatysk omearmjen fan harren teoryen liedt al gau ta in frijwol alles bestjurjende ferblining. It aardige, wat paradoksale, is dat immen as Popper dêr no just tsjin warskôget.
Ik gean no de ‘krityk’ fan Riemersma op in pear punten bylâns om oan te toanen hoe arbitrêr en misliedend syn artikel is.
| |
| |
Foar de steechholligen en beferzenen fan harsens skriuw ik it noch mar in kear del: dit is gjin antikrityk. Twa saken kommen benammen nei foaren.
a. | Riemersma is gjin kritikus dy't mei affiniteit in konstruktyf-krityske krityk skriuwt, mar in polemist dy't it inkeld om in applaus-effekt op syn lêzers giet. |
| |
b. | It gefolch: kritykleaze adoraasje en ferbline epigonisme dat in eigen literêre oardielsfoarming blokkearret. Der binne dy't Riemersma syn polemyske styl besykje nei te bauwen. De gefolgen binne desastreus. Yn 't foarste plak foar de skriuwers fan sokke stikken: de toan is misledigjend, de styl is min; se etalearje harren eigen tekoart oan talint. Bygelyks Piebenga yn de L.C., Piter Boersma yn Hjir, ensfh. Twad: begjinnende kollega-skriuwers wurde ûnderút wâde, finaal de grûn yn boarre. |
Riemersma syn artikel begjint sa:
1. | ‘Dit boek is gâns flyt op dien, en dat is spitich, want it is fergriemde tiid en muoite. It beskriuwen fan immens ûntjouwingsgong fan lyts bern oant de folwoeksenheid, dat is foarby. De psychologyske roman is überhaupt foarby.’
Dy rigels foarmje, sa't vn de rin fan dit artikel wol dúdlik wurden is, in pars pro toto fan de polemyske betûftens en tagelyk fan de krityske kolder fan Riemersma. Foar syn polemyske premisse beropt Riemersma him op in artikel fan Jo Smit yn De tsjerne fan 1960. Jo Smit is foar Riemersma dúdlik in autoriteit, in soarte fan literêre heit, sa't Riemersma dy no foar syn oanbidders en epigoanen is. Hoe soe immen dy't himsels as in autoriteit ferearje lit, net gefoelich wêze foar oarmans autoriteit? Jo Smit wie dat foar Riemersma yn de jierren sechtich al. Lês Riemersma's opdracht yn Minskrotten/Rotminsken: ‘Foar Jo Smit om't ik it Jo allinne ta-eigenje doar en om't it Jo allinne takomt.’ Letter kaam Karl Marx dêrby. |
| |
2. | ‘As dit boek fjirtich jier lyn publisearre wie, hie it in wichtige bydrage ta de Fryske literatuer west.’
Riemersma beropt him yn 1986 op in artikel fan 26 jier tebek, mar yn 1946 - 14 foar it artikel fan Smit dus - hie De roekkat noch in wichtige bydrage ta de Fryske literatuer west. Dat is kul, Riemersma. Jo fine it in goed of in min boek, mar jo fine it net foar 1946 goed en foar 1986 min. Jo hantearje net in tekstuëel argumint, mar in temporeel argumint. Jo tiidskritearium hat alles te krijen mei jo dogmatyske salonloftse ideology. De kwaliteit fan in roman wurdt net beskaat troch it jier dêr't er yn publisearre wurdt.
|
| |
| |
| Romankwaliteit is de tiid treast. |
| |
3. | ‘Literatuer moat minsken mei de noas op de aktualiteit triuwe, en dat moat op in “literêr-nije” wize barre.’
Is it bestean fan de minsklike geast dêr't De roekkat in tal prosessen fan beskriuwt, dan net in aktueel gegeven? De fraach stelle, is al absurd. En wat betsjut ‘literêr-nije’? Riemersma-ideology oerwoekeret de logika; Riemersma-dogmatisme benimt himsels it iepenstean foar wat oaren bedoele. |
| |
4. | ‘Wat by Heerd al hast oanberne like, benearre by de âlden.’ ‘by’ moat ferfâle, en dan is de tsjinstelling tusken ‘oanberne’ en ‘benearre’ noch nuver.
Riemersma dochs! Heerd swijt en syn âlden binne swijsum. By Heerd liket it swijen oanberne, by de âlden benearret it. De polemist Riemersma dy't dy sin net begrepen hat(?), ferklearret de sin heechhertich fout en de styl nimt er eefkes mei as ek fout. In foarbyld fan in soartgelikense sin dy't Riemersma dúdlik wêze mei: binne kritiken by Wadman ynteger en kundich, by Riemersma doge se op gjin stikken nei. Ik lit it by dit foarbyld fan ferkeard lêzen fan Riemersma om't dit artikel te wiidweidich wurde soe as ik alle lêsflaters dy't Riemersma yn dit ferbân makket, sitearje soe. Sa stroffelet Riemersma bygelyks oer it folslein legitym transityf brûken fan ‘bedimje’. |
| |
5. | ‘Hoe soe in mins acht slaan kinne op gefoelens dy't dizenich, ûnbestimd, ûnbeneamber en op de grins fan oanwêzich en net oanwêzich binne? It is net slim dat sokke koal opskreaun wurdt, mar dy moat men wol skrasse as men it manuskript nei de printer bringt.’
Om dy gefoelens giet it no krekt (sjoch boppe), mar dat begrypt Riemersma net en dat sil er mei al syn ôfwar en ferkringing de earste 150 jier ek net begripe of ik moat my raar fersinne. |
| |
6. | ‘“De ûnhuere buoi dy't in wale fan wetter om him hinne hong, befêstige syn ienlik en iensum gluorkjen nei it rút dat in glimp fan smûkens trochliet.” - wat docht dy bui no, syn ienlik en iensum gluorkjen befêstigje? Hoe befêstigje? Ja, fansels, ik snap wol wat er bedoeld wurdt: dy reinbui makke dat de haadperoan him noch iensumer en ferlittener fielde. Mar wêrom skriuwt Abma dat dan net gewoan?’
Wa't behalven Riemersma it boppesteande net oanfielt, moat him sa gau mooglik by it RIAGG melde. Hjir jout de polemist Riemersma in sprekkend foarbyld hoe't er willemoeds misferstean wol om bespotlik meitsje te kinnen. Of, hy is sa gefoelleas dat alle ynlibbingsfermogen him ûntbrekt. |
| |
| |
7. | Dan stroffelet Riemersma ek noch oer de ôfwikseling fan de auktoriale, personale en heal-personaal-heal-auktoriale fertelwize yn dit boek. Hy leit út wat de termen ynhâlde. No binne wy dêr yn de jierren santich yn Trotwaer sawat mei deaslein dank sij artikels fan Adri van Hijum, dat soks oerdwaan neam ik earst echt oerstallich. De auktoriale fertelwize soe âlderwetsk wêze. (‘Hopeleas âlderwetsk’, skriuwt Bauke Oldenhof yn Hjir). Yn de romanliteratuer, sawol nasjonaal as ynternasjonaal, is in ûnbeheinde ôfwikseling fan it fertelperspektyf folslein akseptearre as dy mar markearre wurdt troch itsij spaasje, itsij alineëarring. Byneed fiif kear op ien side. Riemersma soe mear literatuer lêze moatte ear't er ta sokke domme konklúzjes komt. Hat Riemersma bygelyks wolris in boek fan Kundera lêzen? Dat ik yn De roekkat konsekwint ‘de heit’ en ‘de mem’ skriuw, is bedoeld om de grutte emosjonele distânsje tusken Heerd en syn âlden oan te tsjutten. Kundera docht dat yn Het leven is elders. Dêrmei is it net autorisearre, mar my spriek it oan en dêrom haw ik it sa dien. Mei in perspektivyske flater dy't Riemersma deryn sjocht, hat it dus neat fan dwaan. Krekt oarsom: Riemersma demonstrearret syn eigen literêre ûnbelêzenheid troch deroer te fallen. |
In pear (polemyske) konklúzjes
1. | Riemersma skriuwt net mear omdat er net mear yn de roman leaut, hy leaut net mear yn de roman omdat er net mear skriuwt. En it giet noch in stapke fierder. Hy misgunt kollega-skriuwers harren romans. |
| |
2. | Riemersma hantearret in polemyske premisse dy't literatuerfijannich is. Riemersma is yn syn kritiken deagewoan in polemist. |
| |
3. | Karakters fan romanpersonaazjes besteane by de graasje fan psychologyske beskriuwing. Foar in part is dus elke roman in psychologyske roman. Mei syn polemyske premisse wiist Riemersma dus ek syn eigen romans ôf ynsafier't yn dy romans karakters beskreaun wurde. In absurde konsekwinsje fan Riemersma syn premisse is dat mei it fersmiten fan de psychologyske roman ek de romanpersonaazjes fersmiten wurde. Riemersma fersmyt de hiele romanliteratuer, mar hy soe op ‘literêr-nije’ wize de romankeunst tsjinje kinne as er romans skreau dêr't ‘eigentiidsk’ gjin romanpersonaazjes yn foarkamen. Fragminten yn Trotwaer fan syn nije roman wize yn dy rjochting: gjin personaazjes, mar persoanen dy't bestien hawwe.
|
| |
| |
| My sprekt it yn alle gefallen net oan. Ik sjoch soks as in bliken fan opdroege kreativiteit. Ynstee fan de kreative ferbylding, moat de histoaryske realiteit de karakters leverje. |
| |
4. | Net Riemersma, mar de epigoanen fan Riemersma dy't as oaljefanten troch de porsleinkast rinne, binne as earsten ferantwurdlik foar it feit dat in tal begjinnende skriuwers mar leaver neat mear skriuwe, nei't se grouwélich ûnderút wâde binne. |
| |
5. | Destruktive krityk seit yn 't foarste plak wat fan de frustraasjes en ferkringingen fan de besprekker. |
| |
6. | Sa't God bestiet by de graasje fan dy't yn Him leauwe, sa wurdt de krityske ûnsin fan Trinus Riemersma sanksjonearre fan syn epigoanen en oanbidders dy't yn him leauwe. |
Neiskrift
Riemersma hat eins noait echte krityk hân. Hy is fan it begjin ôf oan nei de eagen sjoen. Earst troch de mannen as Poortinga en Smit, letter troch syn studinten en literêre tydskrift-epigoanen. Riemersma is bedoarn en bedoarn fleis smakket net. It soe in goed ding wêze, al soe it allinne mar wêze om Riemersma wer echt oan it skriuwen te krijen, dat de skriuwer Riemersma net langer dea nodde waard. Dêrta wol dit artikel in konstruktive bydrage leverje.
Willem Abma
|
|