Sonja Burgerjon
Linoleumfiken en etsen
Sonja Burgerjon (Wormerveer 1956) is krekt ôfstudearre oan 'e Akademy foar byldzjende keunsten ‘Vredeman de Vries’ yn Ljouwert. De lêste jierren hat de tulp in weromkearend tema west yn har wurk. De tulp is de foarm wurden, dêr't hja hieltiten better har stemming, har emoasjes yn útdrukke kin. De tulp is symboal wurden, dat benammen stiet foar fertriet; it gefoel dat opkomt by it ôfskie nimmen, mei nammen fan minsken dy't har nei steane. Dat hoecht net perfoarst troch de dea te wêzen. It kin ek de pine wêze dy't beskate foarfallen oproppe, de oandwaning of de blydskip dêrby. Yn de tulp lit hja sjen dat it libben trochgiet.
Sonja Burgerjon wennet en wurket yn Ljouwert, By de put 14b.