Hjir wurdt dúdlik keazen foar it hege, swide, ekstatyske libjen. Dat komt letterlik en figuerlik ta in apoteoze yn it lêste fers fan de bondel, ‘Ik’ (s. 37). Yn dat fers, syn trijentritichste, freget de dichter him ôf wêrom ‘net / it Fryske folk no knibbelet foar myn strieljend antlit’. Want binne dizze trijentritich fersen net as in goed boadskip? It ferkundigjen fan in goed boadskip hat oars alris in goadesoan op syn trijentritichste de kop koste. Dat realisearret de dichter him blykber ek, want hy freget ús om him dàt net oan te dwaan, en hy foeget dêroan ta dat syn omdoarmjen op ierde al pynlik genôch is, sa't wy sjoen hawwe:
Fermoardzje as jo wolle de boadskipper net,
it brek oan libben is al slim genôch.
De dichter beslút dan mei syn grutte triomf. Hy is Apollo, de god fan de sinne en de dichtkeunst, de baas. It is dat elkenien dat mar wit:
en in âlde konkurrint, de julysinne,
Van der Wal syn fergoddeliking fan it dichterskip kin men fersmite of ûnder 'e tsjoen fan reitsje. Nochteren besjoen is it fansels de grutst mooglike ûnsin, dat godlike, klearebare poaze. Mar tagelyk is it ien grutte metafoar foar de libbensdrift. Foar wa't dat lêste ûnderskriuwt, hat dizze poëzy sin.
De dûbelheid fan sin en ûnsin sit foar myn gefoel ek yn de foarm. Gauris smyt de dichter in iroanysk ljocht oer de ynhâld fan syn poëzy troch it wikseljen fan register. Alteast hat it ôfwikseljen fan steatlike, bibelteksteftige, gjalperige, tagediene, hurde, meidielingeftige rigels op my in ôfgryslik komysk effekt. It laitsmoment sit dan faak by de oanhef o! of healwei in plechtige rigel. Dêrmei is net sein dat Van der Wal in humoristyske dichter is. Dêrfoar is de ynhâld te swier. Dy klapt mei bakken fol wurden op jin del. Oant no ta ha ik it noch het hân oer Van der Wal syn rike en fernimstige wurdkar. Ik jou in pear hjirfoar al sitearre foarbylden. ‘Ik kom net werom yn it bernespek dat my opbrekt’ (s. 32). Hjir stiet safolle as: ik kom net as in bern werom, of: ik ferdjipje my net mear yn myn jongesjierren, dy brekke my op as spek. De tafoege wearde fan Van der Wal sit dan yn de ferbining fan beide meidielingen ta de gearstalling bernespek, dy't op himsels al lang bestiet mar hjir in nije betsjutting krigen hat.
‘De soerstôkbonken fan myn beukertiid / ...opdolle’ (s. 19). Hjir sjocht men itselde prosedee. Yn it ferline kin dold wurde, bonken kinne opdold wurde, de jongesjierren wiene