Trotwaer. Jaargang 23
(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 102]
| |
[pagina 103]
| |
TsjinstMei yn har hier in krâns
fan gersstjerren, in
poeskeflokken keatling
om 'e hals liet se har
troch my tsjinje, se
koe myn ferlet.
Ik sûgde hynsteblommestâlen
út, in readekoalsblêd op,
se joech my hûnebeien
foar in tút,
dat fret.
Doe't ik har smeke om my te
giseljen mei broeinettels,
lake de akke yn 'e parrebeam,
sy net.
| |
[pagina 104]
| |
De diedDo rôpst: Ik kom,
himest myn namme,
mar yn it ferwiidzjen
fan noasters en eagen
seach ik dyn leagen,
fernaam ik dyn flecht.
Fier boppe 't liif
dat ik omklamme,
fier fan de hjitte
tsjin myn hûd
lietst do my út 'e
liken lizze.
Wat koe ik sizze?
Do naamst myn siken,
do naamst myn lûd.
|
|