ek wolris in oar lûd hearre as dat fan mem.’ Foar't er wat sizze koe, ferfette se: ‘Kom oars fan 'e middei. Dan kinne jo my eefkes helpe. Ik wol de piano yn 'e efterkeamer sette. Dan hat mem der minder lêst fan.’ Hy knikte en sei dat er wol eefkes helpe woe. Hy rekkene de boadskippen ôf en seach pas bûten dat er guon dingen fergetten hie. Under it glêssetten tocht er oan de nije buorfrou.
Se die him nei in pear tellen iepen. ‘Ik seach jo oankommen’, sei se. ‘Mem sliept no krekt. Dat dy moatte wy mar eefkes mei rêst litte.’
‘Wat mankearret har?’
‘Ik wit it net, ik fertrou it net. Dokter hat fan 'e moarn west en doe ha wy besletten dat as se oare wike noch sa sleau en min is, se nei 't sikehûs moat foar ûndersyk. Se is te wurch. Sa âld is se no ek wer net. Wolle jo kofje?’
Hy knikte. En rûn efter har oan nei de efterkeamer. In moaie frou, tocht er. Wylst sy nei de keuken gie, seach er om him hinne. Der stiene net in soad meubels yn 'e hege, ljochte rûmte.
‘Ik ha my noch net iens foarsteld’, sei se doe't se weromkaam en neamde har namme. Hy sines.
‘It wie miskien wat ûnfatsoenlik dat ik jo fan 'e moarn sa mar bestelde foar fan 'e middei’, sei se doe't se ienkear sieten.
‘Dat wie net sa slim’, sei er, ‘Jo spylje piano?’
‘Lit dat jo mar’, sei se. ‘Ik spylje wat piano, mar net al te goed. Ik dûnsje. Klassyk. Wat dogge jo?’
Hy wifele eefkes. ‘Ik bin fînansjeel ûnôfhinklik, sa't dat sa moai hiet. Ik ha op in stuit myn bedriuw ferkocht en bin doe hjir te wenjen kaam.
‘Werom hjirre? Koene jo dit doarp? Jo wenje hjir dochs alwer in aardich skoftke?’ ‘In jier as tsien.’
‘Dan sille jo my wol gauris sjoen ha. Yn 'e fakânsje dan. Ik wie al betiid út 'e hûs troch dy balletoplieding. Mar yn 'e fakânsjes wie 'k hjir fansels. Ha jo my noait fernaam?’
Hy tocht nei. It nuvere wie dat er net iens wist dat de buorfrou bern hie.
‘Al moat ik wol sizze dat ik jo eins ek noait sjoen ha, betink ik no’, sei se doe.
‘Simmers wie ik doe faak fuort’, sei er, ‘doe reizge ik noch in protte.’
‘No net mear?’
‘Nee’, sei er, ‘ik hie myn nocht derfan.’
‘En sa'n doarp ferfeelt net?’
Hy luts oan 'e skouders. ‘Nee, ik wenje hjir rêstich. It foldocht my goed.’
‘Ik bin bliid dat ik hjir wei bin’, sei se, ‘in pear wiken is it hjir wol út te halden, mar ik soe hjir net mear wenje wolle. Wolle jo