Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 93] [p. 93] Jacobus Quiryn Smink De sinne út de oarloch opkomt No boartsje ik mei lytse negerin En moarn sylt brede tante mei my Oer de mar, dan stean ik op iis Op redens mei wer sjarmante karin Ut iten sil ik mei knappe mary En dy tref ik noch sa tuskenyn Net ferjitte dat ik macht ferlern Op 'e heuvel fan dyn liif en hern As de hûnen foar de baaskes út de dyk Oer giselje en bylje tsjin de betide Frachtriders en de lette nachtploech As it moai is moarns en de sinne út De oarloch opkomt, oer de snie hinne Glydt en ik, skeind en as in doek - Wa wiesto fannacht, doesto yn dyn Dreamen my fûnst yn dat frjemde hoal My sa treffe koest, - as in iepen boek [pagina 94] [p. 94] In âlde sniebear Memmen stjêre dan - har dochters en soannen Riede nei it witten en dat se kampe - Wer yn 'e bloei en safolle plannen De winter oer, mar sa luzich is jannewaris No en novimber of maart en febrewaris Dan, kinst der strakke koarden op spanne Fan toer nei toer en dy dagen ferdampe As keunstkes yn 'e lucht, de moannen Fersmite dy; wiest better in âlde sniebear Dy't oant de himmelders de tiid ferlear [pagina 95] [p. 95] Wylden Wyld en rûch slaan wy mei elkoar Om, bêdzje it sêfte yn ús del En de fûnken spatte fan ús fel We rane en drinke sâlte slokken Oant it bitter om it kin rint Wy binne iepen en sletten Wy binne frjemd Wy binne sa Wyld Wyld Wy binne sa Wy binne frjemd Wy binne iepen en sletten Us sinnen knippe troch it lint Mar raand no lalle âlde flokken En it laskjen makket ús sa kjel Want it kâlde fjoer dat is in tel Hyt en wyld slacht yn op elkoar [pagina 96] [p. 96] Gracias Rint myn doar wer út En tsjustere boem Falt dy op slot, de kaai Smyt op 'e dyk, ik klaai My op it frisse beslút Sjaal en lange jas, de kroech Slacht de nachten iepen, op Yn myn gewisse en ik rop Mei in oerslaande stim: Drink alle glêzen leech Sa komt dy en dy myn doar Wer yn, we balte yn koar En wat ik net mear fernim Is dat it akkoard te heech Op de ljedder leit, ik tref It, bin in bariton mei lef Vorige Volgende