har ferline. Nei 't hja as ferpleechster wurke hat, trout hja mei in widner, mar it houlik bringt net it lok dêr't hja op hope hat. Sa krijt hja in miskream, rekket har âlde freondinnen kwyt en moat oan 'e ein har man dy't ynvalide wurdt, hielendal fersoargje. Geandewei ferliest hja har fleurich aard en nimt hja de grimmitige libbensgong fan har man oer. Dat is de frou dy't troch Greet ferpleegd wurdt. Beide libbens wurde yn Nachtljocht nêstinoar set, sûnder dat it kontakt dat de froulju ha, tige yngeand wurdt. As frou Duursma ferstjert, konstatearret Greet dan ek: ‘Wat witte wy eins fan pasjinten?’ (side 76). It libben fan Greet en dat fan frou Duursma binne twa beheinde gebieten.
Yn in soad ferhalen út de bondel Beheind gebiet besiket de haadpersoan om kontakt te krijen mei de minsken - altyd binne it froulju of famkes dy't de haadrol spylje - om har hinne. ‘Yn 'e klean’ giet oer in frou, op besite by in oare frou dy't hja moete hat yn it sikehûs. Hja hat dêr krekt in poppe krigen, in dochter, en kin as hja har wat better fielt, wat troch de seal hinne rinne. Sa moetet hja Hilde, dy't in jonkje krigen hat, mar noch swier siik is. Se kinne goed mei inoar oerwei, mar as de frou letter by Hilde thús op besite is, is it kontakt der net mear: ‘Wy besykje tichter byinoar te kommen, mar it slagget net. Myn bern kin har neat skele en by it jonkje yn 'e boks kin ik my it kwetsbere protsje libben fan doe net mear foarstelle... De wrâld wie krompen en yn dy lytse wrâld waarden de minsken nei elkoar ta dreaun.’ (side 126). It ferhaal beslút dan ek mei: ‘Kom do ek mar ris by my’, sis ik, mar wy prate neat ôf en witte dat it der net fan komme sil.’ (side 126).
Yn ‘Fakânsje’ binne twa famkes, Anneke en Sjoukje, mei harren âlden op fakânsje. Hja treffe twa jonges en Anneke fielt wol wat foar ien. It tafal wol dat hy in pear klassen heger by har op skoalle sit. Der ûntjout him in soartemint fan relaasje, mar as Anneke him nei de fakânsje op skoalle weromsjocht, is alles fuort en docht hy of hy har hielendal net ken.
Der binne ek kontakten dy't wol slagje, bygelyks yn ‘Dochter’. Dochter Wytske krijt oer de tillefoan útslach fan har eksamen. Mem is boppe oan it wurk en sjocht troch it rút hoe't har dochter bûten rint. Fan 'e útslach wit de mem noch neat. Har tinzen geane út nei Wytske, doe't dy noch in lyts bern wie. De relaasje tusken mem en dochter hat altiden wat problematysk west. ‘As sy ja sei, sei Wytske nee, en oarsom.’ (side 39). Beide persoanen libje har eigen libben, beide hawwe hja har eigen beheind gebiet. It giet yn dit ferhaal derom oft de mem diel útmeitsje sil fan de freugde of de