Trotwaer. Jaargang 23
(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 73]
| |
Liuwe H. Westra
| |
[pagina 74]
| |
Frysk is dat net sa, om't lang net altiten fêststiet oft in wurdlid al of net klam hawwe moat. Der binne faak in pear dy't klam hawwe moàtte, in pear moatte faak perfoarst sûnder útsprutsen, mar in grut part fan 'e wurdlidden kin men meast sawol mei as sûnder klam lêze. Dit hat fan gefolgen, dat in lêzer dy't net wit dat er in metryske tekst lêst, dy tekst yn 'e regel ek net metrysk lêze sil: der binne ommers ferskate klampatroanen mooglik, en mar ien is troch de dichter of de oersetter bedoeld. In goed foarbyld is de oersetting fan it sechsde boek fan 'e Odyssee yn it Frysk Studinte Almenak 1954: in hiele knappe heksameteroersetting, dêr wol 'k neat oan ôfdwaan. Rigel 32 giet dêr fan: Ik sil wol mei dy gean, as helpster, datst op' en gausten (ré wêze meist, ...) Der binne net in protte Friezen, bin 'k bang, dy't dat spontaan as in heksameter lêze soenen: men moat it witte, en komt nei wat sykjen ta de konkluzje dat dit fers út in spondee, in daktylus, twa spondeeën, wer in daktylus en in spondee bestiet. Dat betsjut, dat wy klam lizze moatte op de wurdlidden ‘Ik’, ‘wol’, ‘gean’, ‘help’, ‘datst’ en ‘gaus’. By dy earste beide is dat frijwat ûnnatuerlik: by ‘gewoan’ lêzen leit men klam op ‘sil’ en ‘mei’, en dan kin it fers suver alhiel jambysk lêzen wurde. Datselde fers bringt in twadde swierrichheid fan metryske oersettings op basis fan klam oan it ljocht: wat docht men mei in rigel fan twa of mear lange wurdlidden? It is hast ûnmooglik om bygelyks sa twa spondeeën te meitsjen: dan moatte der fjouwer wurdlidden, dy't allegearre klam hawwe, drekt opinoar folgje. In dichter kin soks faaks slagje, in lêzer lit der yn 'e regel neat fan oer. Itselde jildt foar in rige fan mear as twa wurdlidden sûnder klam. Dat djipgeande ûnderskied tusken ús metrumbegryp en it klassike fernimt men dus benammen sadree't de metra wat dreger wurde. Gewoane ôfwikseling fan ien lang, ien koart, ien lang, ien koart, ensfh. lit him maklik genôch oerbringe yn in skema fan ien mei klam, ien sûnder, ien mei, ien sûnder, ensfh. Mar sa gau't der konstellaasjes fan twa of mear lange en trije of mear koarte wurdlidden yn 'e klassike tekst foarkomme, wurdt it metrysk oersetten in stik dreger. Sels in ridlik maklik metrum lykas de heksameter hat dêr al hinder fan, sa't wy sjoen hawwe. Sadwaande ek, dat net ien fan alle oersettings yn Trotwaer besiket it drege Latynske metrumGa naar voetnoot2. te folgjen. Of de oersetter steurt him der hielendal net oan, of it tal wurd- | |
[pagina 75]
| |
lidden wurdt allinnich oernommen, of wy krije in jambysk metrum, al of net mei rym. Dat giet in minske as klassikus fansels tige oan 't hert, want foar de klassiken bestie it poëtyske elemint benammen út it metrum, en yn al ús oersettings wurdt just it metrum wei. Kin dat ek oars? Pouwels is de iennige dy't dêr wat oer seit: neffens him is in klassyk metrum (dat wol sizze in wetmjittige ôfwikseling fan lange en koarte wurdlidden, net lûden, sa't Pouwels skriuwt) ûnmooglik yn in oersetting, want ‘It Frysk en it Nederlânsk hawwe gjin lûden dy't fan natuere altyd koart of altyd lang binne; it draait dêr om de klam dy't de wurdlidden krije’Ga naar voetnoot3.. Mei dy ferklearring wurdt fansels bedoeld, wat wy hjirboppe ek sein hawwe: in klassyk kwantitatyf patroan leit fan natuere fêst, in Frysk klampatroan net. De terminology is lykwols wat ûndúdlik: it giet net om lûden, mar om wurdlidden, en yn stee fan ‘lang’ en ‘koart’ hiene de termen ‘mei klam’ en ‘sûnder klam’ better op har plak westGa naar voetnoot4.. Sa't it der no stiet, liket it as wol Pouwels hawwe dat it Frysk gjin skerp ûnderskie ken tusken lange en koarte lûden, en dat is fansels net sa, tink mar oan it bekende foarbyld fan ‘wyt’ en ‘wiid’. Mar dat in metrum op basis fan kwantiteit (klassyk) hiel wat oars is as in metrum op basis fan klam (Frysk), wol noch net sizze dat in klassyk metrum ‘nea of te ninter streekrjocht yn it Nederlânsk of it Frysk oer te bringen is’Ga naar voetnoot5.. In kwantitatyf metrum kin wol min streekrjocht yn in klam-metrum oerbrocht wurde, mar wêrom soe it ûnmooglik wêze it kwantitative metrum as kwantitatyf metrum, net oer te bringen, mar te hanthavenjen? Lykas sein, yn 'e klassike, kwantitative metra giet it om in patroan, dat foarme wurdt troch lange en koarte wurdlidden. Wat is in lang wurdlid, en wat is in koart wurdlid? Om dat út te meitsjen binne der twa kritearia: oft it wurdlid in koart of in lang lûd befettet, en oft in wurdlid ophâldt mei in lûd (iepen wurdlid) of mei in bylûd (sletten wurdlid). Alle sletten wurdlidden binne lang, oft se no in lang of in koart lûd befetsje. By iepen wurdlidden hinget it derfan ôf: allinnich iepen wurdlidden mei in koart lûd binne ek koarte wurdlidden, alle oaren, dus dy mei lange lûden of sels twilûden, binne lang. De klassiken ferdielden in tekst al oars yn wurdlidden sa't wy it op 'e legere skoalle | |
[pagina 76]
| |
leard hawwe (de klassike manier komt better oerien mei de sprutsen taal). As der tusken twa lûden mar ien bylûd stiet, leit de wurdlidgrins altyd foar dat bylûd. Dat jildt ek op 'e grins fan twa wurden. It iene wurd ‘gieter’ en de kombinaasje ‘giet er’ wurde dus beide ferdield as ‘gie-ter’; ‘ynein’ wurdt ‘y-nein’. In h telt hjirby net as bylûd mei: ‘op hûs o an’ wurdt ‘o-phû-soan’. As der tusken twa lûden mear as ien bylûd stiet, falt de wurdlidgrins tusken twa bylûden. In pear foarbylden: ‘blom-pot’, ‘bestân’, ‘twil-jocht’. De bekende útsûndering is dy fan ‘muta cum liquida’: ‘bedriuw’ en ‘gekliem’ wurde ‘be-driuw’ en ‘ge-kliem’Ga naar voetnoot6.. Omdat it Frysk likegoed út bylûden, twilûden en lange en koarte lûden bestiet as it Gryksk en it Latyn, binne dy regels yn prinsipe ek op it Frysk tapasber. Dus is it ek mooglik yn in oersetting fan in klassyk gedicht yn 't Frysk it oarspronklike metrum te bewarjen. Dat is dan ek wat ik besocht ha yn in eigen oersetting fan (net Catullus Carmen 34 mar) it ferneamde fragmint 31 fan 'e Grykske dichteres Sapfo. Dy oersetting lit ik no earst marris folgje, om aansen op 'e ûnderskate tûkelteammen yn te gean. Sappho
Wier, dy man liket my gelyk te wêzen
oan 'e goaden, hij, dy't der sit foar dij oer,
ticht by dij en harket hoe swiet dyn lûd heart,
hij dy't ek harket
nei dyn leaflik laitsjen, en just dyn laitsjen
lit sa fûl mij 't hert tsjin 'e kiel opbûnzje.
Want sjoch ik dy twa tellen oan, fuort ha 'k gjin
skyntsje fan lûd mear,
mar my leit foar lyk de tonge, slûpend baarnt
mij samar fyn fjoer tro' de lea, gjin inkeld
ding sjo' myn blin' eagen, mar razen hear 'k myn
bloed yn 'e earen,
wiet gjit it swit bij my del, in trillyn grypt
mij alhiel fêst, bleker as hea op it lân
bin 'k dan en mysels liky ik benei in
deade te wêzen.
Dochs, alles moat droegen, ommers...
| |
[pagina 77]
| |
Sappho
Φαίνεταί μοι ϰῆνος ἴσος θέοισιν
ἔμμεν᾽ ὤνηϱ, ὄττις ἐνάντιός τοι
ἰσδάνει ϰαὶ πλάσιον ἆδυ ϕωνείσας
ὐπαϰούει
ϰαὶ γελαίσας ἰμέϱοεν, τό μ᾽ ἦ μὰν
ϰαϱδίαν ἐν στήθεσιν ἐπτόαισεν,
ὠς γὰϱ ἔς σ᾽ ἴδω βϱόχε᾽ ὤς με ϕώνας
οὖδεν ἔτ᾽ εἴϰει,
ἀλλὰ ϰὰμ μὲν γλῶσσα ἔαγε, λέπτον
δ᾽ αὔτιϰα χϱῶ πῦϱ ὐπαδεδϱόμηϰεν,
ὀππάτεσσι δ᾽ οὐδ᾽ ἔν ὄϱημμ᾽, ἐπιϱϱόμβεισι
δ᾽ ἄϰουαι
ἀ δέ μ᾽ ἴδϱως ϰαϰχέεται, τϱόμος δὲ
παῖσαν ἄγϱει, χλωϱοτέϱα δὲ ποίας
ἔμμι, τεθνάϰην δ᾽ ὀλίγω ᾽πιδεύης
ϕαίνομ᾽ ἔμ᾽ αὔται
ἀλλὰ πὰν τόλματον ἐπεὶ † ϰαὶ πένητα
Ut: W. Eisenhut, Antike lyrik,
Darmstadt 1970,
side 82.
De earste strofe hat de folgjende wurdlidyndieling: Wier - dy - man - li - ket - my - ge - lyk - te - wê - z(e)n oa- ne - goa-d(e)n - hij - dy - t(d)e(r) - sit - foa(r) - dij - oer ticht - by - dij - e - nhar - thoe - swie - t(d)y(n) - lûd - heart hij - dy - te - khar - ket Alle net útsprutsen letters telle útsoarte foar de doer fan wurdlidden net mei, en dy ha 'k dan ek tusken heakjes set. Hjirunder falle dus de per definysje stomme letters lykas r foar dentaal, bygelyks yn 3, 11 (dat wol sizze: rigel 3, wurdlid 11) en 7, 9. Faak is sa'n r ek stom op 'e ein fan in wurd: 2, 7 (NB: it giet hjir om it oanwizend bywurd ‘der’, net om it ûnbeskate ‘der’Ga naar voetnoot7.. | |
[pagina 78]
| |
Mar ek de e fan de útgong ‘-en’ treft dit lot: allinnich de n wurdt utsprutsen, en ferfollet dan mear de rol fan lûd as fan bylûd (oars soenen wy nammers ‘goaden’ ienwurdliddich rekkenje moatte, en dat is it dúdlik net). Dat hat fral konsekwinsjes foar 11, 6: dat wurdlid is koart, om't wy de n as koart lûd beskôgje moatte, de folgjende heart dan by 11, 7. As wy de e al rekkenen, wie it wurdlid sletten, en dus lang. Fierders wurdt ek de n faak net útsprutsen, yn dy gefallen telt er foar de lang-koart analyze dan ek net meiGa naar voetnoot8.. As lêste ‘dupearre’ groep kinne wy dan dy fan 'e dûbelde bylûden oanwize. Der komme yn 'e stavering fan 't Frysk genôch gefallen fan in dûbeld bylûd foar, mar dat wol net sizze dat wy sa'n bylûd twa kear of ekstra lang útsprekke moatte. Oft in bylûd al of net dûbeld skreaun wurdt, jout by ús oan hoe't it lûd, dat der lyk foar stiet, útsprutsen moat. Foarbylden binne der by't soart: ‘wite’ en ‘witte’, ‘tute’ en ‘tutte’, ‘Ate’ en ‘Atte’. Yn al dy gefallen wurdt der mar ien t sein. Yn 'e oersetting binne 7, 6 en 17, 2 foarbylden. Dit punt is ek fan belang op 'e grins fan twa wurden, en dêr't de bylûden allinnich yn stim skele: 2, 6 en 6, 9 binne koart. Ek moatte wy op ús iepenst wêze by brutsen twilûden: dy moatte foar in lang-koart analyze beskôge wurde as in bylûd mei in koart lûd. Yn 'e tekst binne der gjin foarbylden dat dat ynfloed hat (3, 10 bygelyks is al lang troch de lange û). Neist de misliedende stavering moatte wy ek tinke om it dialekt dêr't yn skreaun is. In oersetting dêr't it kwantitative metrum yn bewarre is, moat rekken hâlde mei de sprutsen taal, of better: is yn 't foarste plak ornearre foarlêzen, ynstee fan stil lêzen te wurden. En as Frysk lûdop foarlêzen wurdt, moat der foar ien beskaat dialekt keazen wurde, om't wy oars ûnnatuerlik Frysk krije (in útsûndering soe faaks foar Homearus makke wurde kinne, om't it Homearyske Gryksk ek in keunstmjittige grienmank fan ferskate dialekten is). Dêrom moat eins dúdlik wêze út 'e skriuwwize hokker dialekt oft bedoeld is, oars hat men kâns dat der ferkeard en dus ûnmetrysk lêzen wurdt. As klaiker ha 'k útsoarte Klaaifrysk brûkt foar myn oersetting. De wichtichste gefolgen dêrfan binne by de persoanlike omnamwurden ‘hy’, ‘my’ ensfh., en by de útgong ‘-je’ te finen. Wâldsjers sizze hast altyd fan ‘my’, klaikers meast fan ‘mij’, hoewol't ‘my’ ek in protte brûkt wurdt. Ik ha hieltiten mei de stavering oanjûn hoe't ik it bedoel, want y is in koart lûd, en ij is in twilûd, en dat skeelt behoarlik. De útgong ‘-je’ benammen yn tiidwurden en ferlytsingswurden, moat | |
[pagina 79]
| |
yn myn oersetting dus as ‘-y’ lêzen wurde. Dit is relevant yn 13, 10 en 15, 7, dat op plakken ha 'k de stavering oanpast. Ek yn 13, 2 is de stavering op grûn fan dialektûnderskie feroare. De oanpassings yn 10, 6 en 11, 2 soe 'k it dialekt net fuort de skuld fan jaan doarre; se kinne ek allinnich as útspraakferdúdliking sjoen wurde. It docht dus bliken dat it nèt ûnmooglik is de klassike metra foar it Frysk te brûken, as der mar om twa dingen tocht wurdt: men moat jin troch de stavering net op 'e doele bringe litte, en men moat witte op watfoar manier, as der mear mooglikheden besteane, men de tekst útsprutsen hawwe wol, en wêr nedich dus fan in standertstavering ôfwike om dy útspraak oan te jaan. Wurdt dêrom tocht, en hat in oersetter genôch tsjûge oer de klassike metryk en de fonetyk fan it Frysk, dan kin ien elemint fan in klassyk stik poëzy yn 'e oersetting folslein bewarre wurde, en net it meast triviale. Dêrta hoopje ik sa by te dragen. |
|