| |
| |
| |
Eeltsje Hettinga
De tichtslibbe tiid
De helling sliept, as in blok. Werfhuzen hingje skean út
lead as rotte tosken yn it gebyt fan 'e buorren. Troch
finsters en doarren kringe mânselhege bearepoaten en
ligusterhagen, in wâld fan breidswale en rintfear waakst
oer kajút, dak en skoarstiennen. De noas yn it sinkgat
fan 'e hellingfeart stekt de kont fan in passazjiersboat
heech yn it swurk. Hûnderttûzen miggen swarmje gûnzjend
oer de inoar aloan omearmjende wâlskanten hinne; oars
gjin trochgong as foar it laden skip fan 'e herinnering,
stipt Geart timmerbaas as in swart mansjesteren iisbear
op 'e leagenbrêge om, as kamen aanst syn âlde spuonmaten.
‘Tiid stekt, jong... As de miggen!’ De slach fan hammer
op izer klinkt allinne yn it bûnzjen fan it bloed oan
syn opswolde sliepen, wannear't achter de hellingskuorre
de ferlette klant, de sinne, it seil strykt en in knaap
yn in skouke útpykt nei bredere wetters in mokkeltsje
foar op 'e plecht; de Marseillaise sels giet har sjongen
it hoare lân oer, achter de blauwe blinen wurdt TV sjoen.
| |
| |
| |
Under de stilte
Alles tusken see-, slieper- en slachtedyk sliepte,
it appelhôf, it hûs, de brievebus, de boerinne,
de kij, de hynsters, de spinnekopmûnen sûnder wyn
en de pleatsen, omkeard as tankers op it droege.
Fier ûnder de griene knip hearde ik it sykheljen
fan 'e see, like djip fan sliep as de blauwe frou
fan myn oarsprong; ferdronken yn harsels lei alles
te sliepen, it godsgânske hielal, behalve it bloed
dat fan 'e slach, as in skip op 'e drift, bûnzjend,
bonkjend, stampend en pompend, him allinnich wist
yn 'e hoare romte ûnder it einleas swijende swurk.
Bang, knûsten ticht, stie ik binnenstbûten keard
te razen yn it âlde Middelseelân, sûnder andert.
| |
| |
| |
It útsicht
Sûnder libben is it ljocht fan novimber, lykas God
docht romte der it swijen ta. Oer de beammen hinget
in mantel fan mist. Bomiis yn 'e puozzen ferriedt
strangere tiden. Yn 'e supermerken lizze de earste
kalinders foar it nije jier, halleluja. ‘Dêrnei hat
de man himsels de eagen útstutsen, hy is opnaam,’
ferslacht de krante; smeudige ferhalen oer messen,
oannommen bern en de sjunky, dy't harsels ophong
yn de skoarstien, as spek foar in lange winter.
Achter it kafeefinster betinkt men jin in útsicht;
008 wit allinnich dat hja ferhuze is, men skrast
it adres. Hjoed sil leafde net mear wekker wurde.
In âlde, bline man biddelet in gûne foar de gokkast.
| |
| |
| |
It oardiel
As tiid bin' de roeken fan de stêd, sa't hja gnize
en har te barsten frette oan 'e dea: in oan smots
ridene stikelbaarch, de pels sacht as kwalstersnie.
Op tromboane spilet immen op fjouwer of fiif heech
Strange Fruit fan Billy Holliday; wat men rispet,
is it byld fan nea begroeven bruorren yn fjilden,
fier bûten de nijbouwiken. ‘Nee, it hat gjin sin
en kom werom op 'e dea fan wa't myn bloed droech,
dat hat west!’ In befel as in hûs, dêr't God wit
wa yn wenje kin. De dea ûnder de earm, reizge men
ôf, feroardiele, op 'e swalk, it jiskedwingerlân
fan jins herinneringen oer, ferlern en iensum yn
de romte fan jins bestean, in dûnkere flatkelder.
| |
| |
| |
It rjocht
Yn 'e kantoaren hâldt it libben op. 17.00. Opsette
trekfûgels op 'e rinnende bân fan meganyske tiid,
meitsje winterduffel, reinjas en aktetas de wurge
gong nei hûs; de noazen fan har skuonnen fertelle
in skurf liet. Yn it park smite bern mei ferbean
fjoerwurk. De nijslêzer meldet files, in minister
pleitet foar boargersin. De walging, sa't it hearskip
foar de etalaazje tsjin de dûmny yn linzjery
oan te lullen stiet, de honger de honger lit. O,
de oanstriid, diedwerklik, ien kear it karbid fan
al syn lilkens ta fjoer te bringen en hy is ree en
stjer, ah, byneed libbend begroeven as sij, dy't
gjin regear boppe har duldzjend, har rjocht naam.
|
|