ren petear steurd troch in lûd petear fan in oanbuorjend taffeltsje (flarden tekst yn haadletters). Soms hat dat in grappich effekt: ‘Dûmny silst wol net wurde, sis ik tsjin Pyt... MOATST AL DYN PRINSIPES OER-BOARD GOAIE’ (s. 94). Men keuvelet fierder. Ut. (‘Wat in leven’)
De folgjende twa ferhalen lies ik yn earste ynstânsje ek as in skets fol gekeuvel en gekeutel.
In âlde man limet in stikken faaske. In (skoan)soan bellet op mei it boadskip dat de (skoan)dochter de skonk stikken hat en in wike yn it sikehûs leit. De âlde man skodhollet en ferfettet syn lymwurk. Ut. (‘Lym’) In âlde man lêst de krante, rint wat op en del, praat tsjin 'e hûn, heisteret wat om, praat tsjin 'e hûn, giet te kuierjen, komt by it grêf fan syn frou, bringt in groet, en lit him troch de hûn fierderlûke. Ut. (‘Man en hûn’) De tsjinstellingen tusken de stikkene skonk en it stikkene faaske en tusken it lûken fan de libbene hûn en it lûken nei it grêf ta, jouwe dy sketsen lykwols in subtile moralistyske ferdjipping.
De âlde man hat mear belangstelling foar syn knúskjen as foar syn bloedeigen famylje, de man wurdt troch syn hûn derop wiisd dat it libben fierder giet.
In ferhaal dat spannende yngrediïnten yn him hat, is ‘De reis’.
Tsjinoer in kantoarman yn in forinzetrein komt in hearoïnehoer te sitten. Hja prate wat. Hja blykt gjin jild te hawwen en gjin kaartsje. Spanning! Wat sil der barre? In nommele die? In smoarge die? Nee, in antyklimaks. Hja wurdt de trein útset, de kantoarman reizget rêstich fierder. Ut.
Ik hie mear fan dit ferhaal ferwachte. Wa is dy man krekt, wat giet der yn him om? Wy wurde dat amper gewaar. Winliken bart der neat, teminsten op it psychologyske flak. In ferhaal mei soartgelikense yngrediïnten lies ik yn Roald Dahl syn bondel Kiss Kiss. In kantoarman sit al 36 jier yn deselde forinzetrein mei deselde forinzen. Op in dei komt der in nij gesicht yn 'e kûpee. Op de kantoarman makket dat in ûntrêstigjende yndruk. Nei in skoft realisearret er him dat it Foxley is, syn ‘bully’. De langfergetten ellinde fan de Ingelske kostskoalleterreur wâlet yn him op. Hjir sit syn hjitfolger! As úteinlike wraaknimming beslút er Foxley yn ferlegenheid te bringen troch him yn it bywêzen fan de hiele kûpee te konfrontearjen mei harren ferline. It blykt in oar te wêzen. Yn feite is hjir safolle bard dat de man mar it bêste fuortdalik yn terapy kin, want de groeden binne wer iepen en wraaknimme wiist út ûnmooglik te wêzen.
It ferhaal dêr't wol wat yn liket te barren,