Marijke de Jong
In tekening, in houtfyk en skilderijen
Marijke de Jong (Bakhuzen 1967) sil fan 't jier eineksamen dwaan oan 'e Akademy foar byldzjende keunsten ‘Minerva’ yn Grins. Sy makket foaral oaljeferve-skilderijen, tekeningen en grafyk. De boarne en ynspiraasje foar har wurk leit yn it omgean mei en sjen nei minsken. Gebaren, hâldingen en gedrach, sawol fan ien persoan as fan in groep, roppe by har emoasjes op dy't liede ta it meitsjen fan in byldwurk.
Utgongspunten foar dat byldwurk binne situaasjes dy't sy sjocht of sjoen hat, yn har deistige omjouwing, by toaniel en téaterfoarstellings, op foto's of yn 'e byldzjende keunst.
De fjouwer byldwurken dy't hjir te sjen binne, hat De Jong makke nei oanlieding fan in byldhouwurk út de tunen fan 'e Biennale yn Venetië.
It wurk fan Marijke de Jong is, krekt as dat fan Antine Zijlstra (desimbernûmer 1990) te sjen op de eineksameneksposysje fan 26 maaie ôf oant en mei 9 juny yn 'e Martinihal, Leonard Springerlaan 2 yn Grins.
Iepeningstiden:
10.00 - 18.00 oere op wurkdagen
14.00 - 18.00 oere yn 't wykein.