tinsjeus, ‘moaiskriuwerij’ en de fertelsitewaasje tsjin it auktoriale oan. Oldenhof neamt de roman(s) net allinnich psychologysk, mar ek symboalysk en ûnderskiedt noch in tredde komponint, de filosofyskteologyske. De ûnderskate komponinten wolle lykwols net lymje, der ûntstiet gjin ienheid, en gjin gong. Der is gjin ûntjouwing yn de figuer fan Heerd, lykas sein, dat de lêzer freget him net ôf hoe't it útpakke sil mei him.
Al dy punten fan krityk geane ek wer op foar it fjirde diel, mei yn myn eagen ien útsûndering, it stjerbêd fan ‘de’ heit. Yn dat part makket de skriuwer gebrûk fan wat er yn de eardere dielen wol opboud hat, de tsjinstelling dy't der al de tiid west hat tusken heit en soan, om sa de lêzer benijd te meitsjen nei de ôfrin fan de konfrontaasje: wat bart der op dit lêste stuit, wa wint, hoe sil de heit him hâlde? As wy dat lykwols hân ha, bliuwt der fierder net folle mear te ferstriken. Heerd wurdt nei syn ûntslach by de garaazje ‘foardoardieler’ by syn mem en hat it dêr wol nei 't sin. Hy hat no de rêst om him ta dichtsjen te setten en stjoert in lange rige fersen nei de redaksje fan ‘De reak’, dy't mei wiidweidich kommintaar de fersen ôfwiist. Abma hat genôch ûnderfining mei redaksjes en har oardielen oer poëzy om hjir in bitende persiflaazje te jaan, mar it fjoer spat der net ôf. Ek hjir ûntbrekt de irony of de humor, lykas oeral yn Abma syn wurk, wylst der dochs alle reden en romte wêze soe foar in grimmitich soarte fan irony of sarkasme, as it libben sa foar jin beteart as it foar Heerd docht. Elke grap wurdt dúdlik oankundige of fiele jo al fan fierens oankommen. As Heerd bygelyks mei Letty te riden sil yn in lege lykwein, op Goed Freed, stiet der: ‘Se soene mar ris yn in lege lykwein út te riden moatte, betocht er by wize fan grap...’ (It byldsje, side 60). De grutte konfrontaasje mei de byldhouwer, spesjaal oankundige op de achterflap as ‘in slim gefjocht’, wurket, mei troch de ko (grif Tasma sines) dy't troch it byld draaft, en it ûnnoazele wapen, de els, ûnbedoeld krekt komysk. It is my oars net dúdlik hoe't Heerd dêrnei thús op bêd lizze kin en tagelyk ynienen oan de bloeddrippen op
de trep sjen kin dat syn rivaal net dea is (It byldsje, side 94/95). Mar dat is in detail.
My as klassikus sprekke op himsels de reizen nei Rome en Delphi, ek moai werspegele yn de omslaggen, wol oan, mar ek hjir is wer it beswier dat der gjin ienheid ûntstiet. Of oars sein, hoe yn 'e goedichheid kin immen dy't oan 'e iene kant him foar soks ynteressearret en mei poëzy pielt, oan de oare kant noch fertiisd sitte yn problemen fan de Heidelberger Kategismus? Op himsels al genôch reden om jin net al