Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 54] [p. 54] Baukje Wytsma Yn de winter fan 1991 I Dit iis spegelt him libbensgrut werom, hear ik syn redens net yn 't sterk en evenredich streekjen, seach er noch om? Doe't hy my 't riden learde, koe 't swarte iis de hiele wrâld noch hâlde en glied hy linich, licht yn 't winterljocht sa nei de hoarizon. II As 'k nei it plak ryd dêr't ik berne waard, fjochtsje de einen har in paad troch 't wjek. By 't âlde stek lizze de stikken iis heech optaast en op maat, in glêzen loftkastiel mei hege finsters. No kin ik samar oer de feart, hjir wie it paad. Gjin doar dy't iepengiet, gjin stim. De einen fleane op yn kûgelsfeart. Izige kjeld as 'k by de stienbult kom. Ferheard fyn ik it paad werom. [pagina 55] [p. 55] III Blynseach wit ik de rûning fan de sleatten, it brune reid, roerleas yn 't winterljocht. Iis hat de wrâld moai swart befluorre. Hearst my - sjochst my? Ik glydzje samar troch de lannen nei dy ta. Vorige Volgende