dan en syn aktiviteiten tsjin de gemeentepolityk - dat ik der gjin spot yn lês. En dan is der noch Simen Pels, de eardere sosjalist, dy't no alle macht nei him talûkt yn 'e polityk, wenwiken platgoaie wol en hielendal net om de minsken tinkt dy't dêr no wenje. O, o, o, wat libje we dochs yn in rare wrâld, want tink derom, it is wol sa as it hjir stiet, minsken! In oare betsjutting kin ik net yn Mardan fine en dêrom fyn ik it in engazjearre boek mei in boadskip dêr't neat tsjin yn brocht wurde kin en dêrom strontferfelend. ‘Ik leau net mear yn dy semy-yntellektuele rim-ram. Boeken lês ik net mear, it ienige wat telt is aksje. Aksje om myn eigen leefomjouwing te ferbetterjen’, seit Marten op side 91. In aardige ‘ouwere jongere’ dus, mar net ien om om te laitsjen, nee bliksem: Marten moat stjerre foar syn idealen!
Ek de beskriuwing fan it sombere Mardan is earnstich en realistysk, side 78: ‘Wat in park, ik wist fan earder hoe't it der útseach doe't it wol goed ûnderholden waard. De fiver, dêr't in fontein it wetter yn omheech brusde wie ferwurden ta in sompige modderpoel dêr't ien of mear fize dweilen harren jiskepûden yn kipere hiene.’ Sa wurdt hast alles yn Mardan beskreaun, der is wier neat aardichs yn 'e hiele stêd, alles stjonkt, der hinget in giele damp, de sinne skynt net. Ien en al illinde. Koe ik it mar as irony lêze, dan hoegde ik Mardan net sa serieus te nimmen en wie der noch untsnapping mooglik.
Miskien hie it better west om de dialogen fuort te litten en set alles yn 'e meidieljende fertelfoarm wat Jelte byinoar tinkt. Dan hie ik ek net de yllúzje hân dat hjir mìnsken oan it wurd binne. Want as Jelte yn petear is mei in oar, geane de yngewikkelde sinskonstruksjes troch, allinne steane der dan skrapkes omhinne. Wat moat men tinke fan Richtsje, de iennige frou yn it boek en de meast normale figuer, dy't op 'e jûn fan har earste ôfspraak mei Jelte de gemeentepolityk besprekt? Se hat it oer har eks Simen Pels en seit oer him û.o. it folgjende (side 85):
Wat er net plenne koe wie de delgong fan 'e ekonomy. In kompleet nije stedswyk wie al út 'e grûn stampt doe't de krach op 'e beurs kaam. De gefolgen fan 'e ekonomyske krisis wiene desastreus foar Mardan. In tal grutte fleisfabriken moasten drastysk snoeie yn harren personeelsbestân (flater oernomen jb) en de hiersubsydzjes op de wennings waarden mei de helte werombrocht (...) Grutte groepen húshâldings hiene harren nei wenjen set yn de al ferrinnewearre wiken, dy't yn it begjin fan 'e sechstiger jierren út 'e grûn stampt wiene om de wenningneed op te lossen. Der bestiene yn it geheim al plannen om dizze wiken, dêr't troch de tanimmende kriminaliteit en fandalisme net ien mear wenje