[Nummer 2]
Oprop foar Dreamers
Foar it dûbelnûmer 4/5 docht de redaksje in berop op de lêzers, de dichters en de skriuwers.
We wolle der in Dreamnûmer fan meitsje en freegje kopij mei as ûnderwerp de dream. De ûnwurklike aard fan de dream, dy't net past yn ús wrâld dy't bol stiet fan nuchterens en doelmjittigens, mar - neffens guon psychologen - wol oerienkomt mei de aard fan literatuer, smyt faaks prachtige ferhalen en fersen op. Poëzij of proaza, toaniel of beskôging, yn alle sjenres kinne jimme jim mei de dream dwaande hâlde. Dêrby kin men in dream as útgongspunt nimme of it dreamen as ferskynsel beskriuwe.
Wol men kopij foar dit Dreamnûmer ynstjoere? Dan foar 1 augustus 1991 nei it redaksje-adres en derby oanjaan dat it foar dit nûmer bestimd is.
De redaksje