| |
| |
| |
Jacobus Quiryn Smink
Mei beide lippen
Wurden wurde fijannen yn 'e mûle
En apels skinke hapkes oan in earste
Dame en in prinsesse yn sniewyt
Feltsje dy't yn 'e spegel skûle
Der is no in man, dy't syn tosken
Bleatlaket en neat mear sizze sil
Der is yn gjin kikkert in prins kwyt
Sy hie him dochs earst wekkertute
Mei beide lippen op syn hûd
En as er al feroare, wie dat syn lûd
| |
| |
| |
It nimfomane
Dreamen binne it, dy't dy ferskine litte
As in famke, mei krême en sa út it bad
Oer dyn feltsje krûpt sa'n moai gesicht
Want de sinne skynt en party sitte
Al op 'e fyts, en sterk en sa út it bad
Komme se soms ek noch wol yn it gesticht
Wol seker dat ik dy oanrekke, dat witte
Yn gedachten, moarns en ferret en sa út it bad
En skriuwt er dan al betiid sa'n bliid gedicht
Want dreamen binne it, dy't dy ferdwine litte
Yn oare keamers, mei krême en sa út it bad
Oer dyn famkesfeltsje krûpt in damesgesicht
| |
| |
| |
Nije Frysktalige útjeften
Neffens opjefte fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum te Ljouwert foar it tiidrek 1 novimber 1990 - 1 jannewaris 1991.
Eventuele oanfollingen binne wolkom by it FLMD, Grutte Tsjerkstrjitte 212, 8911 EG Ljouwert.
| |
Belletry
- | Marten Baersma, De jonge fan de Marsheide.
Omstavere werprintinge fan de 5e printinge. |
Utjowerij Fryslân, Ljouwert. |
71 siden, f 12,90. |
|
- | Theodor Storm, De skimmelruter.
Oersetting út it Dútsk fan Lieuwe H. Bouma. Yll. Gepke W. Bouma. |
De Tille, Ljouwert. 125 siden, f 19,50. |
|
| |
Dichtwurk
- | Jan de Boer, Groetnisse út Stiens.
Eigen behear, Stiens. n.p., net yn 'e hannel. |
|
- | Mei de dea foar eagen.
Redaksje Jan Dotinga, Anny de Jong, Jacobus Knol en Sjoerd Palstra. |
(bysûnder nûmer fan ‘De stim fan Fryslân’) |
Omslachtekening: Klaas Koopmans. |
Yll. Michiel Galama. ‘De stim fan Fryslân’, Menaam. 30 siden, f? |
|
- | Beart Oosterhaven, In leech fermidden.
Omslach en tekening: Douwe Y. Tiemensma |
Koperative Utjowerij, Boalsert. |
40 siden, f 14,50 |
|
- | Sonnetten fen Shakespeare. Fryske oersetting fan Douwe Kalma.
Fotografyske werprintinge. |
De Jongfryske Mienskip, Burgum. |
n.p., f 9,90. |
|
| |
Ferskaat
- | Obbe Faber, Pleatsen en âlde wenten fan Hilaard. Doarpsbelang, Hilaard-Hoptille. 215 siden, f? |
- | Haskerlân. In tal bydragen ta de skiednis. Redaksje K.F. Gildemacher, L.G. Jansma en H. Spanninga. Akademy nr. 726.
Rige: Steds-, doarps- en streekskiednissen nr. 3. Fryske Akademy, Ljouwert. |
479 siden, f 40, -. |
Foar leden en stipers f 35, - |
|
- | Taco Kingma, De Ald Pleats. Oantinkens oan de Van der Meers fan Aldegea W. foar 1920.
Eigen behear, Ljouwert. 151 siden, f 15, -. |
|
- | Albert Kornelis Mulder, Ald Ark.
Tekeningen: Jelle Klaver. Akademy nr. 727. |
Fryske Akademy, Ljouwert. 256 siden, f 50, -. Foar leden en stipers f 45, -. |
|
| |
| |
| |
Muzyk
- | It Dockumer Lokaeltsje, It Dockumer Totaeltsje.
Top Hole 994 003 - 2 (CD). |
|
- | Anneke Douma, Anneke Douma sjongt...
|
- | Teake van der Meer, De Wrâld fan. Diel 4
Ivory Tower Records |
ITD 25.226 (CD) |
|
- | Teake van der Meer, De Wrâld fan. Diel 4
Ivory Tower Records |
ITC 25.226 (kassette) |
|
- | Reboelje, Sielesiik / De Swarte Ridder
Marista Records MR 8173 (single) |
|
- | Strawelte, Greta's tits.
|
- | Strawelte, Live op Wâldrock.
|
- | Strawelte, Us Hûn is Dea... Kroandea.
|
- | Strawelte, Wâldrock '90. (single) |
- | De Trije Gurbes (kassette)j |
- | Wiegels Wjukkelmasine, Koaike yn de rein. (kassette) |
|
|