Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] Willem Abma frij nei in fers fan Wallace Stevens de man bûgd oer syn gitaar it type fan de rûchhouwer de dei wie grien se seine: ‘do hast in blauwe gitaar, do spilest net de dingen sa't se binne.’ de man andere: ‘dingen sa't se binne wurde oars op in blauwe gitaar.’ en sy seine doe: ‘mar spylje, do silste, in wyske dat ús te boppe giet mar dêr't wy ús dochs yn fine kinne in wyske op dy blauwe gitaar fan dingen presys sa't se binne.’ [pagina 43] [p. 43] De dea lit him yn 't bern beminne wat is der wier oan dizze wurklikheid foarme fan it besteande foar it each: berch heger as de grûn dêr't er op leit, fan wetter it ferwegen yn in weach; it ljocht dat falt of oer 'e ljedders klimt en skimerich skûlet op 'e souders ear't slieperich it tsjusterjen begjint oer tatebern en oer folwoeksen skouders. it libben dat men sels net oerdwaan wol lit men begjinne yn it eigen bern: in eangstich foarskot op in lef farwol. hoe soe wat ivich is ferrinne? by libben wurdt der net oan tiid ferlern: de dea lit him yn 't bern beminne. [pagina 44] [p. 44] spegeling loft yn 'e mar fûgels fleane fûgels eagen yn 'e mar yn 'e eagen lyts it skip it wetter dûnker en djip eagen reager en ik tegearre fiskje de djipten fan it wetter fange de reager Vorige Volgende