Jelle Kaspersma
De Walam Olum
It ‘manuskript’ fan de Walam Olum, tekene op plankjes en stikken bjirkebast, waard yn 1820 troch in pear âlde Delaware-yndianen oan Dr. J.R. Ward, út Carlisle, Kentucky, jûn. Dr. Ward krige dat op it earste each gjin wearde hawwende geskink as blyk fan tankberens, om't er de ynwenners fan in Delaware-doarp yn Indiana genêzen hie fan de giele koarts. De yndianen hiene him al dúdlik makke dat dat it kostberste geskink wie, dat se him jaan koene.
De orizjinele Walam Olum is earne tusken 1820 en 1879 fuortrekke. Fan de nei alle gedachten fyftjinhûndert oant twatûzen tekens binne likernôch hûnderttachtich oerbleaun. Dy hûnderttachtich tekens waarden yn twa opskriuwboekjes kopiearre troch in freon fan Dr. Ward, de ympulsive en entûsjaste C.S. Rafinesque út Lexington, Pennsylvania. Dy wittenskipper tekene út de mûle fan in anonime Delaware-yndiaan ek de teksten op dy't by de tekens hearden. Rafinesque hie de Delaware-taal net yn 'e macht, dat hy notearre de fersen fonetysk.
In Delaware mei de namme John Burns joech him de Ingelske oersetting fan in sechde ‘boek’, dat út tweintich fersen sûnder tekens bestiet. Mei de oersetting fan de earste fiif boeken wie Rafinesque yn 1833 klear. Yn 1836 publisearre er op eigen manneboet syn meardielige wurk The American Nations, dêr't de Ingelske oersetting fan de Walam Olum yn ôfprinte waard.
C.S. Rafinesque stoar yn 1840. It duorre oant 1885 foardat de Delaware-tekst, de tekens en de Ingelske oersetting publisearre waarden. Dat barde yn The Lenape and their Legends, troch D.G. Brinton, Philadelphia. Brinton soarge derfoar dat de beide opskriuwboekjes foargoed opburgen waarden yn de bibleteek fan de University of Pennsylvania yn Philadelphia. Dan ûntbrekt fan de plankjes, de stokken en de stikken bjirkebast lykwols elts spoar.
Yn 1954 ferskynde in nije oersetting van de Walam Olum fan de hân fan C.F. Voegelin en sân oare saakkundigen. Dêryn steane, yn fotoprint, alle siden fan de twa opskriuwboekjes fan Rafinesque. Fierder befettet it boek in nije oersetting en in taalkundige analyze fan de Delaware-tekst en ien fan de tekens. By myn ferfrysking ha ik gebrûk makke fan beide analyzes. De oersetting yn it Ingelsk hie neffens my better kinnen.