Trotwaer. Jaargang 23(1991)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Harmen Wind De dichter Der moat earne sprekken wêze dat syn lûd siket, syn mûle. It fynt him net. Gapjend nei sizzenskrêft toarket er as in bline hynst yn 'e geaen om. Hy wurdt net fûn. Brinzgjend fjouweret er oer it hear, in mûnster yn de skimerjûn. Hy wurdt net fûn. Al hat er de bealch fol ferlet, it weiwurden boadskip fynt him net. Falt er om, oan ein, ferstomme, dan kinne de wurden komme. [pagina 27] [p. 27] Noch ien kear Noch ien kear soed er him reitsje: skreauwend skriuwe, de tsjûgen ferstienje, de wrâld opskrilje ûnder syn lûd. Foar it finster hold it sicht him yn 'e rekken, de fierte frege wat syn boadskip wie. Hy haffele noch ien kear op syn lege pinne, it snijde swijen. Hy die de blinen ta. [pagina 28] [p. 28] Pear Do lakest net, litst kante tosken sjen. Do tutest net, do heinst my mei de mûle. Myn hannen kuozje net, se wolle dy fergrieme. Do krûpst my oan, ik skein dy ûnder my. Do hast my leaf, myn dea stiet yn dyn eagen. Do klaaist my út, slachst neilen yn myn fel. Do moatst dyn lok ûnder myn gleiens fine, ik ha dy wûn, do leist my by dy del. Vorige Volgende